Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Anwar en de wolf
Campagnebeeld voorstelling Anwar en de Wolf
skoallefoarstelling 8 + 2 Mrt O/M 17 Apr’26

Anwar en de wolf

In muzikale fertelling oer tinzen en grinzen

Anwar is in jonge dy’t al in skoftke troch Europa swalket. Op in jûn stiet er ynienen each yn each mei in hongerige wolf. Om himsels te rêden, begjint Anwar de wolf ferhalen te fertellen. Dat die syn mem eartiids ek as der gjin iten wie. Anwar fertelt ferhaal nei ferhaal, mar it bist bliuwt hongerich.

Anwar en de Wolf is in byldzjende en muzikale fertelling oer grinzen. Yn de foarstelling wurde fiif talen sprutsen, it soe in wûnder wêze ast dy allegear ferstean kinne soest. Reizgje krekt as Anwar troch soms ûnbekende talen. Hoechst net alles te ferstean om dochs te begripen wat ien dy fertelle wol.

Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf
Voorstellingsfoto met decor en acteurs van Anwar & De Wolf

Praktyske ynformaasje

  • Leeftiid: 8+, groep 6 o/m 8, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
  • Spylperioade: 2 maart o/m 17 april 2026
  • Lokaasje: doarpshûs of oare seal dy’t fertsjustere wurde kin yn ‘e buert fan ‘e skoalle
  • Kosten: € 685 de foarstelling en € 1165 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje
  • Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
  • Taal: byldzjende meartalige foarstelling

Krukpraatsjes

Yn Krukpraatsjes freegje we bern nei it tema fan in foarstelling. Yn dizze ôflevering is dat Anwar en de Wolf.

Hoe tinke bern oer grinzen? Wêr fiele se har thús?

Fynst it leuk om te sjen hoe’t de Krukpraatsjes makke wurde? Klik dan hjir foar de ‘Making of’.

Publyksreaksjes

Lia Kruis, leerkracht groep 5/6 CBS Simon Havinga Sneek: 
“De voorstelling (en tevens) première Anwar en de Wolf was werkelijk prachtig! De kinderen hebben vanaf het begin tot het eind van de voorstelling geboeid (en muisstil!) zitten kijken en luisteren. Een super groot compliment voor de spelers en de mensen achter de schermen dat ze op deze wijze zo’n verhaal zo beeldend en boeiend neer kunnen zetten. Het was spannend, grappig, muzikaal, taalrijk en ontroerend..De kinderen zaten heel dicht/ bijna óp het podium en konden zodoende alles goed zien en meebeleven.” 

Daan Valkhof, Programmeur & Marketeer Het Nationale Theater Den Haag: 
“Net Anwar en de wolf gezien, echt schitterend hoe de jongen en de wolf in een gelijksoortige situatie zich begeven. Een mooie spiegel voor iedereen die kijkt en alleen nog maar “de ander” kan zien.  Een mooie, kleine en intieme voorstelling, die met deze qua thematiek en meertaligheid helemaal in Den Haag past.” 

Leerkrachten Taalschool Leeuwarden: 
“We hebben genoten van de voorstelling. De kinderen waren goed voorbereid en dat was heel fijn. In mijn groep was er niemand die er verdrietig vandaan kwam. Ze vonden dat ‘de moeder’ zo mooi kon zingen, de gitaar van de wolf was cool en Anwar had heel mooi gespeeld. In onze klas hebben we n.a.v. de voorstelling stripverhalen getekend over ‘Anwar en de Wolf, ‘je eigen verhaal (hoe ben je hier gekomen)’ of een verzonnen verhaal van gelijke strekking. Hier werd serieus aan gewerkt en er kwamen verschillende verhalen los. Mooi om dat samen te kunnen doen.” 

De kinderen hebben er erg van genoten, zowel van het spel als de projectie op de muur. De kleinschalige setting, waarin de mogelijkheid om achteraf met de acteurs te praten, maakte ook dat de kinderen onder de indruk waren. Ze vonden het erg bijzonder dat deze mogelijkheid er was. De herkenning van de eigen taal was erg mooi om te zien.” 

Gearwurking
Ynspiraasjeboarne foar Anwar en de Wolf is it meikoarten by Querido te ferskinen berneboek mei deselde titel fan skriuwer Herman van de Wijdeven.
Yn de suksesfolle, útferkochte skoalletoer yn 2025 spile Anwar en de Wolf foar nijkommers-klassen en reguliere klassen yn de provinsje Fryslân en by Het Nationale Theater yn Den Haag. Yn de tarieding nei de foarstelling en it edukaasjemateriaal om de foarstelling hinne wurken wy gear mei ferskate organisaasjes lykas it Centraal Orgaan opvang asielzoekers, nijkommers-skoallen en Sedrana Leeuwarden (multykulturele hûskeamer fan it projekt ‘Onze Familie’). Ek yn de reprize fan de skoalletoer yn 2026 wolle wy de mooglikheid kreëarje om nijkommers-klassen en reguliere klassen by inoar te bringen mei keunst en teäter.

Skoallefoarstelling boeke?

Mei ús edukaasjemateriaal prikelje wy it kreative fermogen fan elke learling. Neist materiaal oangeande spesifike foarstellingen biede wy workshops oan. Klik hjir foarús Edukatyf Oanbod foar it PO, VO, MBO en HBO.

Famyljefoarstelling
Wolst mei de hiele famylje nei Anwar en de wolf? De foarstelling spilet yn de krystfakânsje fan 20 o/m 30 desimber 2025 by Tryater yn eigen hûs en op 15 maart 2026 yn Theater Sneek foar elkenien fan 8 oant 108 jier! Klik hjir foar mear ynformaasje.

Anwar en de wolf wurdt mei mooglik makke troch:

Mei it lesmateriaal fan Anwar & de Wolf kinst foar – én nei de foarstelling oan it wurk. It lesmateriaal bestiet út in lânkaart, hânlieding en poster. Yn de lessen leare learlingen harren ferhaal te fertellen troch it meitsjen fan in stopmotion, in harkspul of in strip.

Yn dit animaasjefilmke sjochst it ferhaal fan Anwar & de Wolf. It is oan te rieden om it filmke mei dyn learlingen te besjen foardat jimme nei de foarstelling ta gean.

Hoe klinkt dyn ferhaal?
Yn de lesbeskriuwing by Hoe klinkt dyn ferhaal kinst mear lêze oer it meitsjen fan in harkspul. Besjoch foarôf ûndersteand ynspiraasjefilmke. Kinne dyn learlingen ek in eigen harkspul meitsje?

Filmje dyn ferhaal
Hjirûnder sjochst in koart filmke dat heart by de les Filmje dyn ferhaal. Under de moeting tusken Anwar en de wolf hearst gjin lûd. Lit dyn learlingen yn twatallen live meiprate en/of lûden betinke.

https://youtu.be/p0dIQGgKT1Q

Diele is leaf
Wy binne fansels hiel benijd hoe’t dyn learlingen dizze foarstelling en it lesmateriaal ûnderfûn hawwe. Dus hast in foto makke fan bygelyks de tekenopdracht fan it storyboard? Diel it mei ús! Reaksjes, foto’s en filmkes meist maile nei educatie@tryater.nl Jou dêrby even oan oft wy it diele meie. Setst wat op socials? Tag dan Tryater!

Kredits

Nick Renzo Garcia
Klaske Oenema
Harmen Ridderbos
Tamara Schoppert
Herman van de Wijdeven
Dinanda Luttikhedde
Mathilde van der Hoop
Spul Nick Renzo Garcia | Perfoarmende byldzjende keunst Klaske Oenema | Muzyk Harmen Ridderbos | Regy Tamara Schoppert | Tekst Herman van de Wijdeven | Konsept & dramaturgy Dinanda Luttikhedde | Foarmjouwing en kostúm Mathilde van der Hoop | Ljochtûntwerp Sytske de Graaf | Lûdsûntwerp Gido Bamboe | Edukaasje Jannie van der Veen, Anne Zijlstra | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Mei mooglik makke troch VSB Fonds |

 

Lesmateriaal

Mei it lesmateriaal kinst foar én nei de foarstelling oan it wurk.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado