Yn de Krystfakânsje te sjen foar elkenien fan 8 oant 108 by Tryater yn eigen hûs
Tryater bestiet sechstich jier; wy fiere dit it hiele teäterseizoen 2025 -2026! Mei ús publyk, jong of âld, trouwe besikers of foar it earst by ús. Yn de krystfakânsje spilet as ûnderdiel fan ús jubileumprogramma de suksesfolle skoallefoarstelling Anwar en de wolf yn eigen gebou, foar elkenien fan 8 oant 108 jier âld.
Anwar is in jonge dy’t al in skoftke troch Europa swalket. Op in jûn stiet er ynienen each yn each mei in hongerige wolf. Om himsels te rêden, begjint Anwar de wolf ferhalen te fertellen. Dat die syn mem eartiids ek as der gjin iten wie. Anwar fertelt ferhaal nei ferhaal, mar it bist bliuwt hongerich.
Anwar en de Wolf is in byldzjende en muzikale fertelling oer grinzen. Yn de foarstelling wurde fiif talen sprutsen, it soe in wûnder wêze ast dy allegear ferstean kinne soest. Reizgje krekt as Anwar troch soms ûnbekende talen. Hoechst net alles te ferstean om dochs te begripen wat ien dy fertelle wol.
Yn ûndersteand animaasjefilmke sjochst it ferhaal fan Anwar & de Wolf.
Tryater siket mei Anwar en de Wolf nei de grinzen tusken taal, muzyk en byld. Yn dizze multydissiplinêre foarstelling (language no problem) fertelle in akteur, in muzikant en in performende byldzjend keunstner mei-inoar it ferhaal fan de jonge Anwar dy’t syn thúslân ferlitten hat.
Yn de krystperioade wurdt de foyer fan it Tryatergebou omtsjoend yn in plak dêr’t (ljocht)feesten/rituelen út ferskillende kultueren gear komme. In plak fan ferbining mei elkoar, dêr’t it net útmakket wêrsto weikomst. De desimbermoanne is by útstek in perioade fan weromsjen, foarútsjen en besinning.
- Byldzjende meartalige foarstelling
- Yn de Krystfakânsje fan 20 o/m 30 desimber 2025 te sjen by Tryater yn eigen hûs en op 15 maart 2026 yn Theater Sneek foar elkenien fan 8 oant 108
- Tagongsprizen: € 14,50 (regulier), €13,- (Freonen fan Tryater), € 9,50 (Jong o/m 12jr)
- Nederlânske en Ingelske ûndertiteling beskikber fia smart glasses

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Anwar en de wolf. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Anwar en de wolf, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Reprise fan de suksesfolle, oandwaanlike skoallefoarstelling út 2025. Bist dosint of wurksum yn de keunst – en kultuermenu’s? Klik dan hjir foar ynformaasje en lesmateriaal oer de skoallefoarstelling Anwar en de Wolf dy’t spilet fan 2 maart o/m 17 april 2026 foar basisskoallen yn Fryslân.
Publyksreaksjes
Lia Kruis, leerkracht groep 5/6 CBS Simon Havinga Sneek:
“De voorstelling (en tevens) première Anwar en de Wolf was werkelijk prachtig! De kinderen hebben vanaf het begin tot het eind van de voorstelling geboeid (en muisstil!) zitten kijken en luisteren. Een super groot compliment voor de spelers en de mensen achter de schermen dat ze op deze wijze zo’n verhaal zo beeldend en boeiend neer kunnen zetten. Het was spannend, grappig, muzikaal, taalrijk en ontroerend..De kinderen zaten heel dicht/ bijna óp het podium en konden zodoende alles goed zien en meebeleven.”
Daan Valkhof, Programmeur & Marketeer Het Nationale Theater Den Haag:
“Net Anwar en de wolf gezien, echt schitterend hoe de jongen en de wolf in een gelijksoortige situatie zich begeven. Een mooie spiegel voor iedereen die kijkt en alleen nog maar “de ander” kan zien. Een mooie, kleine en intieme voorstelling, die met deze qua thematiek en meertaligheid helemaal in Den Haag past.”
Leerkrachten Taalschool Leeuwarden:
“We hebben genoten van de voorstelling. De kinderen waren goed voorbereid en dat was heel fijn. In mijn groep was er niemand die er verdrietig vandaan kwam. Ze vonden dat ‘de moeder’ zo mooi kon zingen, de gitaar van de wolf was cool en Anwar had heel mooi gespeeld. In onze klas hebben we n.a.v. de voorstelling stripverhalen getekend over ‘Anwar en de Wolf, ‘je eigen verhaal (hoe ben je hier gekomen)’ of een verzonnen verhaal van gelijke strekking. Hier werd serieus aan gewerkt en er kwamen verschillende verhalen los. Mooi om dat samen te kunnen doen.”
“De kinderen hebben er erg van genoten, zowel van het spel als de projectie op de muur. De kleinschalige setting, waarin de mogelijkheid om achteraf met de acteurs te praten, maakte ook dat de kinderen onder de indruk waren. Ze vonden het erg bijzonder dat deze mogelijkheid er was. De herkenning van de eigen taal was erg mooi om te zien.”
Gearwurking
Ynspiraasjeboarne foar Anwar en de Wolf is it meikoarten by Querido te ferskinen berneboek mei deselde titel fan skriuwer Herman van de Wijdeven.
Yn de suksesfolle, útferkochte skoalletoer yn 2025 spile Anwar en de Wolf foar nijkommers-klassen en reguliere klassen yn de provinsje Fryslân en by Het Nationale Theater yn Den Haag. Yn de tarieding nei de foarstelling en it edukaasjemateriaal om de foarstelling hinne wurken wy gear mei ferskate organisaasjes lykas it Centraal Orgaan opvang asielzoekers, nijkommers-skoallen en Sedrana Leeuwarden (multykulturele hûskeamer fan it projekt ‘Onze Familie’). Ek yn de reprize fan de skoalletoer yn 2026 wolle wy de mooglikheid kreëarje om nijkommers-klassen en reguliere klassen by inoar te bringen mei keunst en teäter.