Skoallefoarstellingen yn 2025 útferkocht, boek no alfêst foar 2026!
Yn de Krystfakânsje fan 2025 te sjen as famyljefoarstelling by Tryater yn eigen hûs
Anwar is in jonge dy’t al in skoftsje troch Europa swalket. As er op in jûn syn tintsje oan de râne fan de bosk opslaan wol, stiet er ynienen each yn each mei in roppige wolf. De wolf hat al dagen neat iten. Hy wurdt troch minsken opjage en om elke greide stiet in stek.
Anwar besiket himsels te rêden en begjint de wolf ferhalen te fertellen. Dat die syn mem eartiids ek as der gjin iten wie. Dan fergeat er it grommeljen fan de mage. Miskien slagget dat by de wolf ek. Anwar fertelt ferhaal nei ferhaal, mar it bist bliuwt roppich.
Anwar en de Wolf is in byldzjend, muzikaal mearke oer grinzen. Oer begripen as ‘thús wêze’, ‘thúshearre’, ‘dy thús fiele’. Oer de grinzen fan de taal. En oer ûnmjitlike empaty.
- Leeftiid: 8+, groep 5 en 6, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 24 febrewaris o/m 28 maart 2025 (útferkocht) en 2 maart o/m 10 april 2026
- Lokaasje: doarpshûs of gymseal yn ‘e buert fan ‘e skoalle
- Kosten: € 650 de foarstelling en € 1105 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
- Taal: byldzjende meartalige foarstellinge (language no problem)
Krukpraatsjes
Yn Krukpraatsjes freegje we bern nei it tema fan in foarstelling. Yn dizze ôflevering is dat Anwar en de Wolf.
Hoe tinke bern oer grinzen? Wêr fiele se har thús?
Fynst it leuk om te sjen hoe’t de Krukpraatsjes makke wurde? Klik dan hjir foar de ‘Making of’