Wy spylje goed 270 foarstellingen yn it jier foar sa’n 25.000 taskôgers
Tryater is ít meartalige teaterselskip fan Fryslân en makket diel út fan de lanlike kulturele basisynfrastruktuer. We spylje oeral yn Fryslân: yn teaters, op iisbanen, yn skoallen en fabriken. Foaral yn it Frysk – de taal dêr’t Friezen in direkte gefoelsbân mei hawwe – mar ek yn it Nederlânsk en oare talen. We produsearje goed 270 aventoerlike foarstellingen yn it jier, foar sa’n 25.000 bern, jongeren en folwoeksenen. Yn ús produksjes ferbine we mondiale tema’s mei ús lokale werklikheid. We bringe ferhalen dy’t noch net ferteld binne, út alle hoeken fan de mienskip. Tichtby en yn ferbining. We gean yn petear oer Fryslân yn in feroarjende wrâld, wêrby’t elk perspektyf telt.
DIT BINNE WY














































































Ynklusiviteit en tagonklikheid
Tryater fynt it belangryk om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. De foyer, de grutte en de lytse seal binne goed tagonklik foar minsken dy’t min op ‘e gong binne. Wannear’t we op lokaasje spylje, dan riede we oan ús webside of dy fan it gebou dêr’t we spylje te rieplachtsjen.
In soad foarstellingen binne foar dôven en minhearrenden te folgjen fia boppetiteling of googlebril. Op de webside wurdt foar elke foarstelling oanjûn oft dat it gefal is. Faak kiest Tryater in tal plakken yn de searje út foar fertaling troch boppetiteling of googlebril.
Tryater stribbet dernei dat ien foarstelling yn elke toernee tagonklik is foar minsken dy’t blyn binne of net goed sjen kinne. Stichting Komt het Zien! makket it mooglik om mei in audiofisuele beheining in foarstelling te folgjen. Live audiodeskripsje en meet & feel ynliedingen helpe dêrby. Mear ynformaasje fynst op www.komthetzien.nl