Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Loft
Foto van jongen met een wolk boven zijn hoofd
skoallefoarstelling 14 + 3 Nov O/M 12 Des

Loft

Wat as it eefkes net slagget om ferbining te meitsjen?

Sitst alle dagen neist elkoar yn de klasse. Mar wat giet yn de oar om?

Al mear as fjouwer moannen is de stoel neist Sem leech, om’t syn freon Abe net mear nei skoalle komt.   

Sem en Abe kamen nei in waarme simmer yn in nije klasse. Sem fûn it machtich moai. Mar Abe, sa’n fleurige jonge en yn de eagen fan Sem eins perfekt, waard hieltyd stiller.   

De âlden fan Abe en dosinten freegje Sem om der mei him oer te praten. Mar hoe? Hoe praatst mei elkoar oer lestige dingen, ast it oars allinne oer iten en muzyk hast? Sem freget him ôf oft Abe der wol op sit te wachtsjen. En wat wit er no eins echt fan him, en wa binne dy nije freonen wol net dêr’t Abe oer appt? Sem begjint der net oer. Mar dan stjoert Abe it berjocht dat er wer nei skoalle komt. Wat sille se tsjin elkoar sizze?  

Loft is in grappige en fantasyrike foarstelling oer romte nedich hawwe, donkere wolken yn de holle en kontakt hâlde wannear’t dat lestich wurdt.  In aktueel tema: in groeiend tal jongeren yn Fryslân sit om allerhanne redenen lang thús. Wat as it eefkes net slagget om ferbining te meitsjen?  

Praktyske ynformaasje
De foarstelling wurdt yn de klasse spile en duorret twa lesoeren. Yn de earste lesoere wurdt de foarstelling spile en yn de twadde lesoere is in ynteraktyf neipetear. Dat petear wurdt dien troch in edukatyf meiwurker fan Tryater.  

  • Doelgroep: 14+ boppebou vmbo, havo, vwo (spesjaal fuortset ûnderwiis yn oerlis), MBO en HBO 
  • Spylperioade: 3 novimber o/m 12 desimber 2025  
  • Kosten: €12,50- de learling (betelje mei CJP kultuerkaart is mooglik)  
  • Kapasiteit: 1 klasse (maks 30 learlingen) de foarstelling  
  • Lokaasje: op skoalle  
  • Taal: Nederlands 

Mear witte?

Jannie van der Veen
Jannie van der Veen jannie@tryater.nl

Kredits

Spul Tim Helderman, Sweder de Sitter | Regy Loek de Bakker | Tekst Maaike Bergstra | Foarmjouwing Sarah Nixon |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado