Loading...
Dit binne wy

Ferhier

Tryater hat de beskikking oer in prachtige foyer en in terras oan it wetter. It assortiment fan de bar is rom en der is fanselssprekkend mooglikheid foar katering: tink oan in wiidweidige lunch, in yntym diner, in rinnend buffet of miskien in high tea. Op elk momint fan de dei kinne wy oan jim winsken foldwaan.

Tryater hat twa sealen: in lytse en in grutte seal. As der gjin foarstellingen of repetysjes plakfine, dan kinne jim in seal hiere, al of net mei technysk materiaal. Mear (sub)romtes nedich? De jeugdteaterskoalle (dy’t yn itselde gebou as Tryater húsfêstige is) hat trije sealen dy’t wy yn dat gefal brûke kinne (as se beskikber binne).

By de hier fan sealen kinne we op basis fan jim winsken de katering fersoargje.

Grutte seal

ôfmjitting
11 by 20 meter

kapasiteit
maks. 180 persoanen

opstelling
tribune, oare opstellingen mooglik

Lytse seal

ôfmjitting
11 by10 meter

kapasiteit
maks. 60 persoanen

opstelling
yn oerlis

Foyer

120 persoanen, wêrfan 60 sitplakken

Fergaderromte

geskikt foar 10 persoanen

Lûdsstudio

op oanfraach beskikber foar lûdsopnamen

Mear witte?

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado