Loading...

Privacy

Dizze ferklearring leit út yn hoefier’t we gegevens fan besikers sammelje, brûke en beskermje. Nim foar fragen of opmerkingen kontakt mei ús op fia ynfo@tryater.nl. We hâlde it rjocht om dizze privacyferklearring te wizigjen.

Us belied
Us doel is in tagonklike webside, dy’t yn it ferlet fan ús besikers foarsjocht, mei respekt foar elk syn rjochten en ferwachtingen. Persoansgegevens freegje we inkeld wêr’t en safier’t dat nedich is. We jouwe gjin persoansgegevens oan tredden. Wy brûke dyn gegevens ek net sûnder dyn ynstimming om dy wat ta te stjoeren. We folgje dêrby de Algemene verordening gegevensbescherming (AVG) fan 25 maaie 2018.

Dizze side befettet links nei oare websiden. Tryater hat gjin ynfloed op dizze siden en is net ferantwurdlik foar har ynhâld of belied.

De gegevens
Privacy hat te krijen mei persoanlike gegevens dêr’t fan te achterheljen is, by wa’t se hearre. Guon joust as besiker bewust, en oare sammelet de webside op de achtergrûn.

Gegevens dy’tst sels joust
By de ynskriuwing foar de nijsbrief wurde dyn namme en e-mailadres frege. Foar de goede ôfhanneling fan in online oankeap binne wat mear gegevens nedich. We freegje dyn namme, geslacht (net ferplichte), adresgegevens, bertedatum (net ferplichte) en e-mailadres. Fierder kinst frijwillich oanjaan oftst mail fan ús ûntfange wolst en yn watfoar taal oft we mei dy kommunisearje kinne. Persoansgegevens – anonym – brûke we ek foar it meitsjen fan statistyske analyses fan ús besikers. Watst yntypst by dyn betelling is foar ús ûnsichtber. Dat skermet de betellingsynstânsje ôf.

Tryater freget om postkoade en húsnûmer om guon nijsberjochten dy’t allinne mar lokaal relevant binne, te stjoeren nei de adressen dy’t it oangiet. Sa ûntfange jim net ûnnedich post. Tryater freget om de bertedatum om ’t jonger publyk in oare behoefte hat as in âlder publyk. Wy besykje effektyf te wêzen yn ús berjochtjouwing.
Neist boppesteande is Tryater as subsidiearre ynstelling oan de oerheid ferplichte om ynformaasje oer de opbou fan ús publyk (lykwols anonym) te dielen. Alle persoansgegevens wurde anonym ferwurke.

Automatysk sammele gegevens
Om ynternette te kinnen, hat dyn pc in Internet Protocoladres of IP-adres, in soarte  fan telefoannûmer. Wy registrearje it brûkte IP-adres by elke online oankeap. Cookies binne lytse tekstbestantsjes dy’t in webside oanmeitsje kin op dyn kompjûter, mei gegevens oer dyn besite. By in folgjende besite kin de webside it bestantsje lêze, as it noch bestiet. Tryater brûkt cookies allinne wêr nedich om it online keapjen te befeiligjen (dy cookies wurde automatyske fuorthelle ast útlochst) of om in makke kar by de besite oan ús webside te ûnthâlden (dy cookies befetsje gjin gefoelige ynformaasje).

Dizze webside brûkt Google Analytics. Dat pleatst cookies om dyn sitegebrûk te registrearjen en slacht gegevens dêroer op (ynklusyf dyn IP-adres) op servers yn de USA. It brûkt dizze data om statistiken te meitsjen foar webside-behearders en om oare tsjinsten oan te bieden. Google ferskaft dizze data oan tredden as dat wetlik ferplichte is, of as dizze tredden de data út namme fan Google ferwurkje. Google kombinearret dyn IP-adres net mei oare data dêr’t it oer beskikt. Troch gebrûk te meitsjen fan dizze webside joust tastimming foar dizze gegevensferwurking troch Google.

Ynsjen en wizigje
Kinst dyn accountgegevens ynsjen en wizigje fia ‘Mijn Tryater‘. Ek dyn oankeapen dy’tst dien hast, kinst hjir besjen. Kinst al dyn persoansgegevens wizigje, op fersyk helje we dyn account hielendal fuort. Beskate gegevens binne we lykwols wetlik ferplichte te bewarjen. Foar de nijsbrief kinst dysels ôfmelde fia ‘Mijn Tryater’, of fia de hyperlink yn de mailing sels. Ôfmelde of gegevens opfreegje kin ek troch in mail te stjoeren nei r.bottema@tryater.nl

Befeiliging
Dyn gegevens wurde bewarre yn in datacenter mei fiergeande befeiliging. Online betellingen barre fia renommearre payment providers yn befeilige prosessen, dy’t kodearre binne. Ek de útwikseling fan accountgegevens is mei SSL-enkrypty befeilige. Soargje lykwols ek foar in optimale befeiliging fan dyn eigen apparatuer en gean soarchfâldich om mei dyn ynlochgegevens.

Akseptaasje
Mei it brûken fan dizze side joust oan datst ynstimst mei de privacyferklearring fan Tryater.

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado