Dit binne wy

Oer Tryater

Tryater spilet oeral yn Fryslân en foar elkenien. Mear as 275 foarstellingen yn it jier, foar sa’n 25.000 bern, jongeren en folwoeksenen.

Tryater is ít meartalige teaterselskip fan Fryslân en makket diel út fan de lanlike kulturele basisynfrastruktuer. We spylje oeral yn Fryslân: yn teaters, op iisbanen, yn skoallen en fabriken. Foaral yn it Frysk – de taal dêr’t Friezen in direkte gefoelsbân mei hawwe – mar ek yn it Nederlânsk en oare talen. We produsearje goed 270 aventoerlike foarstellingen yn it jier, foar sa’n 25.000 bern, jongeren en folwoeksenen. Yn ús produksjes ferbine we mondiale tema’s mei ús lokale werklikheid. We bringe ferhalen dy’t noch net ferteld binne, út alle hoeken fan de mienskip. Tichtby en yn ferbining. We gean yn petear oer Fryslân yn in feroarjende wrâld, wêrby’t elk perspektyf telt.

Tryater yn Europa

Meartalichheid is in mondiaal feit. De kommende jierren wurkje we gear mei Europeeske teaterselskippen yn ferlykbere rurale regio’s mei in minderheidstaal, lykas Wales en Bretagne. Yn ferskillende ynternasjonale projekten diele we ûnderfiningen en ynsichten.

Tryater Rûnom

Tryater makket net inkeld foarstellingen, mar organisearret der ek in programma by. Al dy aktiviteiten binne bondele ûnder de namme Tryater Rûnom. Tryater Rûnom is soms besletten, soms iepenbier. Yn alle gefallen binne de aktiviteiten bedoeld foar elkenien dy’t ynteressearre is. Oft it no in lêzing is, in workshop, in ynlieding of in wurkwykein: we sykje nei oansluting op de belibbingswrâld fan de minsken om ús hinne. Fia Tryater Rûnom komst yn kontakt mei ús teatermakkers en oare taskôgers. Mei ús allen djipje we de ûnderwerpen út dy’t ús dwaande hâlde yn Fryslân; rjochte op it riker meitsjen fan de persoanlike belibbing.

Talintûntwikkeling

Foar talintûntwikkeling organisearje we in mearjierrige masterclass foar jongeren dy’t fan teatermeitsje har berop meitsje wolle. Dêrneist wurkje we binnen ‘Station Noord’ nau gear mei oare selskippen yn Noard-Nederlân.

Diversiteitsstatement

Tryater wol foar elkenien tagonklik wêze en leechdrompelige teaterfoarstellingen meitsje. It is dêrom fan belang dat de diversiteit fan de omjouwing dêr’t Tryater yn funksjonearret – Fryslân en Noard-Nederlân – syn wjerslach krijt yn it wurk fan Tryater en yn de organisaasje sels. Wêr’t dyn foarâlden wei kamen en/of yn watfoar taal oftst grutbrocht bist, spilet dêrby in rol mar ek: gender, beheining, seksuele oriïntaasje, religy, sosjaalekonomyske status, opliedingsnivo en leeftiid.

Tryater stribbet dernei foarstellingen te meitsjen dy’t net inkeld meartalich binne, mar ek meardere perspektiven op de werklikheid toane. Dat betsjut net allinne dat Tryater iepen stiet foar ferskillende perspektiven, mar dat we der ek nei stribje dy perspektiven yn ús organisaasje te ferankerjen. We gean derfan út dat net allinne it resultaat fan ús wurk, de foarstellingen, dêrtroch riker wurde. Ek it wurkjen sels wurdt riker.

Bliuw
op de
hichte