Loading...

Foarstelling Karawane 20 febrewaris by Tryater yn plak fan De Harmonie

13 02 2019

Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem. Huh?! Wat?

Dít is de foarstelling Karawane. We boartsje mei taal, meitsje nije wurden, ferfoarmje en ferfrjemdzje. Karawane is oarspronklik skreaun as jeugdfoarstelling, mar is op woansdeitejûn 20 febrewaris foar elkenien te sjen. Mar tink derom: de lokaasje is wizige! Karawane is te sjen by Tryater oan de Oostersingel 70 yn plak fan yn De Harmonie.

“Karawane is als een meertalige bonbon”, neffens Noor Vloeimans yn de Leeuwarder Courant. Struktuerleas, betiizjend, tagelyk om hurd by te laitsjen en dy wer even bern by te fielen. Mei Karel Hermans, Peter Sijbenga, Sonia Zwolska en Tatiana Matveeva yn de haadrollen. Konsept en regy troch Tamara Schoppert.

Tickets foar de foarstelling hellest wol gewoan fia de site fan de Ljouwerter Stedsskouboarch, fia dizze link.

Nijs

08 11 2023

Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup

Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje…

01 11 2023

Waarmrinne foar Foekje Dillema

We meitsje plannen foar in reizgjende teäterfoarstelling oer atlete Foekje Dillema út Boerum. Hja makke yn ‘e jierren ’50 namme…

25 10 2023

TRYATER SIKET : PRODUKSJEMEIWURKER TAGONKLIKHEID (PROJEKTBASIS)

Tryater wol gastfrij en foar elkenien wêze en sette al grutte stappen om de foarstellingen foar minsken mei in fysike,…

09 10 2023

Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant

In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan…

09 10 2023

RECENSIE: BRECHT WASSENAAR SOLEERT OP INDRUKWEKKENDE WIJZE IN 'YNBLAZE' - FRIESCH DAGBLAD

,,Er is er één bij die zestig kilometer moet rijden om hier te komen spelen, bij deze fanfare. Altijd op…

05 10 2023

Jeugdteäterfestival Het Avontuur 2023 | 26 & 27 OKT DE EIK WAS HIER (6+)

Om’t it in grut sukses wie, komt jeugdteäterfestival Het Avontuur dizze hjerstfakânsje werom nei De Harmonie! Fan 26 o/m 29…

04 10 2023

Tryater siket sprekkers fan Fryske taalfarianten

Foar in communityprojekt oer taal siket Tryater minsken fan ferskaat plûmaazje dy’t in Fryske streektaal behearskje en dêr fan jannewaris…

18 09 2023

Oer in pear wiken spilet ús suksesfolle jongerefoarstelling Flam (14+) wer!  

Flam is in oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn. In foarstelling dy’t oer pine oan dyn hert,…

14 09 2023

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS 

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze.  In unike gearwurking…

27 07 2023

Wolkom by Uit in Huis

Sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen mei it evenemint Uit in Huis. Fansels docht…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado