Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem

woansdei 20 febrewaris 2019 – freed 29 maart 2019

Karawane (10+)

Bestel kaarten
Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem.

Huh?! Wat? Is dit Spaansk of Afrikaansk? Nee, it binne de earste twa rigels út Karawane, in 100 jier âld klankgedicht fan de Dadaïst Hugo Ball. Hugo en oare Dada-dichters skreaunen dit ‘lûd fan de ûnlogika’ om ús ris oars nei dingen sjen te litten. Te lústerjen.

Haps, Mill en Oeffelt. En Babel. Mei harren fjouweren reizgje se troch de wrâld.
Haps is nij en hat oant no ta noch gjin wurd sein. Mill klaait har faker om as Lady Gaga en skriuwt op syn minst 27 brieven op in dei. Gjinien wit oan wa. Oeffelt fangt wurden en klanken, en wurket oan syn libbenslange komposysje. En Babel? Babel freget en freget en freget him ôf. Huh?! Wat?

Moarn trekke se fierder. No binne se hjir. En bist der by. Foar in oere.
Dyn earen sille klapperje, dyn mûlehoeken krolje en dyn wynbrauwen ôfwikseljend oplûke en fronselje. Lit dy ferrasse en ûntdek mei ús datst taal net altyd hoechst te begripen. Kom deryn.

Huh?! Wat?

Dizze jeugdfoarstelling foar bern fan 10 jier ôf is makke foar Lân fan Taal, ûnderdiel fan LF2018.

 

 

Kredits

Tamara Schoppert | Karel Hermans, Peter Sijbenga, Laila el Bazi, Tatiana Matveeva | Laila el Bazi, Tatiana Matveeva | Peter Sijbenga | Miek Uittenhout | Gido Bamboe, Jan Bruinsma | Koos de Vries |

Parse

"Dwalen in dada's taaltuin"

— Leeuwarder Courant 10 maart 2018

Lesbrief