Loading...

Jongeren

Sitst op de middelbere skoalle en bist benijd nei teater (meitsje)? Of bist (hast) klear mei de middelbere skoalle en wolst neist dyn mbo- of hbo-oplieding serieus oan de slach mei dyn teatertalint? Yn beide gefallen bist by Tryater oan it goede adres! 

Try This 

Bist tusken de 13 en 23 jier, ynteressearre yn keunst en kultuer en wolst der wat mei dwaan? Tryater is in plak dêr’tst terjochte kinst mei dyn ynteresse foar teater en útsykje kinst wêr’t dyn talint leit. In plak dêr’tst fielst datst wolkom bist, dêr’tst meidwaan meist. Mei leeftiidsgenoaten komst by ús spyljen, meitsjen en ûndersykjen. 

Jong Tryater

Jong Tryater is it ynterne opliedingstrajekt foar talintearre jonge spilers (18-24 jier) mei ambysje. Folgest it trajekt neist dyn oplieding oan mbo of hbo of neist dyn wurk. Jong Tryater kin allinne folge wurde troch it audysje-trajekt suksesfol te trochrinnen. Ferbynst dy dêrnei twa jier lang oan Tryater en krijst lessen om dysels as spiler en makker te ûntwikkeljen. 

Mear witte?

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado