Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater bliuwt yn kulturele Basisinfrastructuur

03 07 2024

Woansdei 3 july kaam it lanlik advys fan de Raad voor Cultuur, foar de kulturele Basisinfrastructuur (BIS) 2025-2028. Advisearre wurdt om mei ús lidmaatskip fan de BIS troch te setten. ‘Tryater heeft een sterk plan ingediend, waaruit een duidelijke artistieke signatuur spreekt. De instelling kiest overtuigend voor het maken van documentair theater op locatie. De raad is positief over de wijze waarop Tryater haar artistieke keuzes verweeft met maatschappelijke betekenis.’ Ek oer de ôfrûne jierren is de rie te sprekken, al binne der fansels kanttekeningen: ‘Juist omdat de voorstellingen van hoge kwaliteit waren en zich niet slechts tot een Friese context verhielden, had de raad het gewaardeerd als deze ook op andere plekken in het land te zien zouden zijn geweest.’ Wy binne fansels tige optein dat we fierder bouwe kinne, en op in sûne wize ús jubileumjier yngeane (we besteane yn 2025 alwer sechtich jier). Tagelyk ha we noed oer it Fryske en lanlike kulturele fjild, dêr’t de sinne net oeral like fûl skynt. We winskje al ús kollega’s in soad sukses en hoopje der mei-inoar in moaie kulturele takomst fan te meitsjen.

Lês hjir mear oer de BIS 2025-2028. (Culturele basisinfrastructuur (BIS) | Raad voor Cultuur)

Nijs

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

Foto van mensen op een tribune 05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado