Loading...
Edukaasje

Primêr ûnderwiis

Tryater makket ynterdissiplinêre jeugdfoarstellingen foar bern fan 4 oant en mei 10 jier. Op en by de skoalle, yn gymsealen én teaters. Us foarstellingen binne ûnferwachts, humoristysk en muzikaal. Se gean oer tema’s dy’t bepalend binne foar de takomst fan bern, lykas duorsumheid, iten, minske en natuer. Regisseur Karlijn Kistemaker nûget bern út om ûnderdiel te wêzen fan it ferhaal. Bygelyks troch op knoppen te drukken of mei te dwaan op de spylflier. Mei humorfolle teksten, fernimstige dekôrs en ûngewoane personaazjes pakt Karlijn de passive sjochhâlding oan dy’t we fan it byldskerm kenne. Se stelt dêr in ûnderfining foaroer dy’tst net gau ferjitst.

Tryater biedt produksjes oan dy’t geskikt binne foar ferskillende leeftiidskategoryen. Hjirûnder sjochst wat we op dit stuit spylje. We biede dêrneist workshops oan; dat kin ek op maat foar dyn groep! In foarstelling en/of workshop boeke? Of ús meitinke litte oer wat it bêste past? Nim kontakt op! 

Groeigraach
skoallefoarstelling 4 + 17 Feb O/M 18 Apr’25

Groeigraach

In slapstick oer grut wurde
Anwar en de Wolf
Campagnebeeld voorstelling Anwar en de Wolf
skoallefoarstelling 8 + 24 Feb O/M 28 Mrt’25

Anwar en de Wolf

In muzikaal mearke oer tinzen en grinzen

Fêst workshop oanbod

Fluch regele: gun dyn learlingen in momint fol spylwille en kreativiteit. Sjoch hjirboppe by ús oanbod, meitsje in kar en nim kontakt mei ús op. Hast fragen? Wy helpe om te kiezen. We hjitte dy alfêst fan herte wolkom yn ús gebou.

In blik achter de skermen

In blik achter de skermen

Genietsje mei de learlingen fan in boeiende rûnlieding achter de skermen fan Tryater. Rin troch de klaaikeamers, de kostúmsouder en de…

lês mear
Teater, hoe wurket dat? (10+)

Teater, hoe wurket dat? (10+)

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding…

lês mear
Huh? Wat? Is dit taal? (8+)

Huh? Wat? Is dit taal? (8+)

Kinst ek op taal fytse? Kinst der ek ûnder doese? Kin in wurd ek neat betsjutte? Tidens dizze workshop sille…

lês mear

Workshops op maat

Wolst mear dwaan mei teater? Teater ferbine oan oare fakken? Wolst dyn learlingen ûnderdompelje litte yn de wrâld fan keunst en kultuer, mar hast dêr noch gjin konkreet plan foar? Wy tinke graach mei dy mei, der kin faak mear ast tinkst!

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado