Loading...
Primêr ûnderwiis

Teater, hoe wurket dat? (10+)

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding op CKV, om gear te wurkjen of as ynspiraasje foar in eigen foarstelling.

Under begelieding fan in teaterdosint meitsje se yn twa oeren in lytse foarstelling. Se meitsje kennis mei de fjouwer fazes fan teatermeitsjen: it idee, it ûntwerp, de repetysje en de foarstelling, ynklusyf it produksjeoerlis wêryn de nommen beslúten toetst wurde. It totaal wurdt ôfsluten mei de presintaasje. Foar dekôr, ljocht en lûd wurdt gebrûk makke fan de fasiliteiten fan Tryater.

  • boppebou
  • hiele seizoen 
  • 90-120 minuten 
  • € 150 de klas 

Bliuw
op de
hichte