Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Joop Wittermans

Joop Wittermans

Akteur

Joop Wittermans studearre ôf oan de Arnhemse Toneelschool en wie dêrnei ferbûn oan ferskate selskippen. Hy waard yn 1992 freelance akteur en dûkte fuort de tv-wrâld yn. Sa spile er yn GTST, Vrouwenvleugel en de kontroversjele searje Fort Alpha. Joop kaam dêrnei werom op it toaniel en spile û.o. by it Theater van het Oosten, NNT, Suver Nuver, Peergroup, Muz Theater en yn ferskate produksjes fan Tryater. Sa wie er û.o. te sjen yn Karlsson fan it dak en Trouwerijen en rjochtsaken ensf. Ek spile er yn de frije produksje Feteranen fan Pier21 en yn it troch Jos Thie regissearre teaterspektakel De Stormruiter.

De ôfrûne jierren wie Joop ek te sjen yn tv-drama’s en filmproduksjes, lykas Celblok H en De Hel van ‘63. Neist syn aktearwurk regissearre Joop de foarstellingen Graan by it Grand Theatre yn Grins en Katarsis fan Gerrit Breteler.

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado