Loading...
Vader en zoon
5 Okt O/M 19 Des ’21

Vader en zoon

Foarstellingen fan 1 o/m 18 desimber annulearre fanwegen de oanskerpe maatregels

Tweintich jier lyn spilen Joop en Mads Wittermans Vader en Zoon…

No stean se wer tegearre op it toaniel, mar der is wol wat feroare! Yn de foarstelling fan doe hie heit lêst fan in midlifecrisis en wegere soan, nettsjinsteande ynspanningen fan syn heit, te foldwaan oan de noarmen fan de maatskippij. Anno 2021 sit de soan tsjin in midlifecrisis oan en liket er konformist wurden te wêzen. Wylst yn heit de anargist wekker wurdt; hy set him ôf tsjin alle regels dy’t it âlder wurden en de oankommende dea mei har meibringe. De rollen binne dus folslein omdraaid, of leit it wat oars?

Zes schrijvers (Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman) Seis skriuwers (Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra en Jan Veldman) skreaunen nije teksten. Troch Jan Veldman en regisseur Liesbeth Coltof binne dy op keunstige wize mei elkoar ferflochten. Vader en Zoon is in spul tusken feit en fiksje, doe en no. It is in humoristyske, oandwaanlike en soms pynlike teaterdialooch. In hertstochtlik petear oer âlder wurde, jierrenlange patroanen en elkoar los doare litte.

Vader en zoon is foar it grutste
part Nederlânsktalich mei sa no en dan Frysk.

Coronatagongsbewiis
Foar in besyk oan Vader en zoon hast in coronatagongsbewiis nedich. Dit kin fia de CoronaCheck-app of troch in papieren coronabewiis fia CoronaCheck.nl te printsjen.

Vader en zoon is in ko-produksje fan
Tryater en Theater Producties Wittermans

"Tussen liefhebben en loslaten"
Leeuwarder Courant 11-10-2021
 
"Het leven acteert zichzelf voorbij in 'Vader en zoon'"
Friesch Dagblad 11-10-2021
 
"Het is een momentje in de tijd voor een vader en zijn zoon"
Leeuwarder Courant 4-10-2021
 
"Onvoorwaardelijke kameraadschap tussen Joop en Mads Wittermans"
Friesch Dagblad 6-10-2021

Kredits

Joop Wittermans
Mads Wittermans
Gerard Jorna
Bart Schurer
Tekst Bouke Oldenhof, Joeri Vos, Rob de Graaf, Marijke Schermer, Bodil de la Parra, Jan Veldman | Spul Joop Wittermans, Mads Wittermans | Regy Liesbeth Coltof | Dramaturgy Jan Veldman | Foarmjouwing Guus van Geffen | Kostúmûntwerp Mathilde van der Hoop | Koreografy Roaitske Slofstra | Technyk Gerard Jorna, Bart Schurer |

Bliuw
op de
hichte