Op reis troch de backstage fan it teäter, dwers troch de tiid, by de klaaikeamers del en tusken de kostúms troch
Akteur Joop Wittermans, dy’t sechstich jier lyn foar it earst by Tryater spile en no op it punt stiet om foar de safolste kear op te gean, nimt dy fia in audiorûte mei yn syn holle. Wylst Joop nei it poadium rint, beslút er: jûn wurdt de lêste kear. It hat genôch west. Op it beslút folgje fuortendaliks de twivels. Wat bliuwt der fan my oer as ik ophâld mei wat ik altyd dien ha? Ha ik it goed dien?
Joop wurdt werom slingere nei de begjintiid fan Tryater mei artistyk lieder Pyt van der Zee. Efterfolge troch personaazjes dy’t er yn de rin fan de jierren spile hat, komt er sênes tsjin út ikoanyske Tryater-foarstellingen dy’t yn syn ûnthâld én dat fan it Fryske publyk gravearre steane.
Twa minuten foar oanfang is in aventoerlike rûte troch it teäter dy’tst aktyf en ûnderfinend ôfleist, mei de stim fan Joop Wittermans as paadwizer. Oer in akteur dy’t al sechstich jier spilet en in selskip dat sechstich jier bestiet.

Mei te meitsjen by Tryater yn Ljouwert, Theater Sneek, Posthuis Theater Heerenveen, De Lawei Drachten, De Harmonie Leeuwarden en De Koornbeurs Frjentsjer. Fan 12 septimber oant en mei 19 oktober op freed – en sneontejûn en sneintemiddei.
Kaartferkeap set útein fia de brosjuere en webside fan de oanbelangjende teäters fan heal juny 2025 ôf.
Goed om te witten
- Taal: Twa minuten foar oanfang is benammen Frysktalich
- Duer: De rûte duorret likernôch 75 minuten. Reservearrest in tiidslot om te starten. Graach 10 minuten foar it begjin fan dyn tiidslot oanwêzich wêze. Kinst allinnich starte yn it tiidslot dat troch dy reservearre is, net earder en net letter.
- Lûd: Rinst de rûte mei it lûd op in koptelefoan dytst by de start útrikt krigest.
- Audiodeskripsje: Foar bline minsken en minsken dy’t min sjogge is audiodeskripsje beskikber.
- Tagonklikens: De rûte giet lâns (smelle) gongen, treppen en gewoanwei net tagonklike romtes fan it teäter. Bist min op’e gong en/of brûkst in rollator of in rolstoel, kies dan foar de tagonklike tiidslotten (mei lift) yn Theater Sneek of Schouwburg De Lawei.
- Tagongsprizen (ynkl. konsumpsje): € 25 (regulier), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 19,- (Jong o/m 25 jr)