Primêr ûnderwiis
Tryater makket ynterdissiplinêre jeugdfoarstellingen foar bern fan 4 oant en mei 10 jier. Op en by de skoalle, yn gymsealen én teaters. Us foarstellingen binne ûnferwachts, humoristysk en muzikaal. Se gean oer tema’s dy’t bepalend binne foar de takomst fan bern, lykas duorsumheid, iten, minske en natuer. Tryater nûget bern út om ûnderdiel te wêzen fan it ferhaal. Bygelyks troch op knoppen te drukken of mei te dwaan op de spylflier. Mei humorfolle teksten, fernimstige dekôrs en ûngewoane personaazjes pakke we de passive sjochhâlding oan dy’t we fan it byldskerm kenne. Dêr stelle we in ûnderfining foaroer dy’tst net gau ferjitst.
Tryater biedt produksjes oan dy’t geskikt binne foar ferskillende leeftiidskategoryen. Hjirûnder sjochst wat we op dit stuit spylje. We biede dêrneist workshops oan; dat kin ek op maat foar dyn groep! In foarstelling en/of workshop boeke? Of ús meitinke litte oer wat it bêste past? Nim kontakt op!


Plûns


Anwar en de wolf
Fêst workshop oanbod
Fluch regele: gun dyn learlingen in momint fol spylwille en kreativiteit. Sjoch hjirûnder by ús oanbod, meitsje in kar en nim kontakt mei ús op. Hast fragen? Wy helpe om te kiezen. We hjitte dy alfêst fan herte wolkom yn ús gebou.

Fan idee oant applaus
Stap yn de magyske wrâld fan teäter en ûntdek yn in flits hoe’t in foarstelling ta libben komt! Yn dizze…

Teater, hoe wurket dat? (10+)
Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. As ynlieding…

Huh? Wat? Is dit taal? (8+)
Kinst ek op taal fytse? Kinst der ek ûnder doese? Kin in wurd ek neat betsjutte? Tidens dizze workshop sille…

Workshops op maat
Wolst in temawike organisearje oer William Shakespeare? Of dyn biologylessen in nije ympuls jaan? Wy tinke graach út in keunstnersblik wei mei dy mei. Lis it ús foar. Kinst by ús mei dyn kultuerkaartbudzjet fan CJP betelje.
Mear witte?

