Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

20 03 2025
Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat.

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling Twa minuten foar oanfang fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter wêrby’t it publyk stikem, fia in magyske portal, yn de holle fan akteur Joop Wittermans bedarret.

“Hjoed is it foar it lêst. Nei 60 jier spyljen hat it genôch west” hearst Joop tinken. Fuortendaliks wurdt it publyk werom slingere nei de alderearste kear dat er frege waard om yn in foarstelling fan Tryater te spyljen. Dan folget in backstagetrip by de klaaikeamers del, lâns technykromtes en kostúmhokken, dêr’t Joop ferdwaalt yn de tiid en him ôffreget: wat betsjut ophâlde eins, en wat betsjutte 60 jier Tryater en 60 jier spylje? It publyk rint de audiorûte, begelaat troch de stim fan Joop op in koptelefoan, troch it teätergebou.

As spiler stiest earne op dy rûte yn in rol, as personaazje út in foarstelling út de skiednis fan Tryater. It is in sêne/situaasje yn fysyk non-ferbaal spul, somtiden yn kontakt mei it publyk. It publyk komt yn lytse groepkes foarby. Spilest dyn rol dus in skoft efterinoar, de útdaging sit ûnder oaren yn it subtile kontakt mei it publyk.

Fragen? Mail nei Sigrid: s.tervoort@tryater.nl


Wat wurdt der fan dy ferwachte?

Yn ‘e kunde komme: tongersdei 15 maaie 19:30 – 22:00 by Tryater
We jouwe mear ynformaasje oer it stik en wat der ferwachte wurdt. Wy sille ek aktyf oan de slach, sadatst al in yndruk krijst fan de rollen en oft it wat foar dy is. Tagelyk krije wy in yndruk oft der in geskikte rol is foar dy.

Repetearje

  • wike 26 en 27: op moandei of tongersdeitejûn (tusken 23 juny en 11 july), ôfhinklik fan de rol
  • wike 34 en 35: moandei of tongersdeitejûn, ôfhinklik fan de rol
  • Wike 36: moandei 1 én tongersdeitejûn 4 septimber
  • Wike 37: alle jûnen beskikber hâlde (sil net alle jûnen nedich wêze mar witte wy pas letter presys)

Foarstellingsdata

In spylwykein bestiet út: freedtejûn (19:00 – 23:00), sneontejûn (19:00 – 23:00) en sneintemiddei (14:00 – 18:00). It is hiel fijn ast der by alle foarstellingen by wêze kinst mar as dat net slagget kin dat ek. It minimum is wol óf ien folslein spylwykein, óf alle wykeinen ien deidiel.

Tryater LjouwertTheater SneekPosthuis Theater HeerenveenDe Lawei DrachtenHarmonie LjouwertKoornbeurs Frjentsjer
to-jûn11 sept try-out
fr-jûn12 sept try-out19 sept26 sept3 okt10 okt17 okt
sneon-jûn13 sept premjêre20 sept27 sept4 okt11 okt18 okt
snein-middei14 sept21 sept28 sept5 okt12 okt19 okt

Nijs

03 03 2026

Tryater siket ferhalen fan froulju foar Drift

Yn 2027 bringt Tryater de spannende parkeargaraazjefoarstelling Drift op de planken, oer de prikeljende ûntdekkingstocht fan in frou op leeftiid. Teätermakker Eva Meijering is foar ynspiraasje op syk nei froulju tusken 50 en 90 jier dy't mei har yn petear wolle oer harren emosjonele ûntwikkeling fan harren jeugd ôf.

Foto met actrice Nynke Heeg in de voorstelling Foekje 19 01 2026

Tagonklike tongersdei

Tryater presintearret op tongersdei 22 jannewaris de resultaten dy’t de pilot tagonklikens yn 2023-2025 foar in teäterbesite troch ûnder mear minsken dy’t min sjogge of hearre opsmiten hat.

18 12 2025

KRYSTWINSK 2025

It is omflein, dat wichtige 2025 dêr’t Tryater de âldens fan 60 jier yn oantikje mocht. Al fan 5 septimber ôf, de dei dat it jubileumboek Tryater spilet ferskynde, fiere we dat folop. Mar it feest hong it hiele jier eins al yn ‘e loft.

Foto van Wilhelminaplein Leeuwarden tijdens opening Culturele Hoofdstad 2028 12 12 2025

Berjocht saaklik direkteur Valentijn Fit

Nei tsien jier mei in soad nocht en wille by Tryater wurke te hawwen, is de tiid kaam om te stopjen. Mei yngong fan 1 april 2026, yn ‘e sturt fan ús jubileumseizoen, beëinigje ik myn rol as saaklik direkteur-bestjoerder fan Tryater.  

11 11 2025

Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs

Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy slepe respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.

Foto eerste lezing van jeugdvoorstelling Loft met acteurs Sweder de Sitter en Tim Helderman 25 09 2025

Slagge earste lêzing Loft (14+)

Ofrûne moandei wie de earste lêzing fan de nije skoalfoarstelling Loft (14+). Regisseur Loek de Bakker nûge ús út yn…

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

argyf

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado