Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

11 03 2025
foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan

Hurddrave mei Foekje no online

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje. De trijedielige searje is in mjuks fan djipte-ynterviews mei in motivearjende hurdloopapp, en giet foarôf oan de foarstelling Foekje oer de postúm priizge topatlete Foekje Dillema.

Sportparsekonferinsje op atletykbaan
Midden op de read-wite baan fan atletykferiening Lionitas yn Ljouwert, dêr’t de Boerumse atlete Foekje Dillema yn de jierren’40 ek treende oant har karriêre ophâlde fanwege in wegere seksetest, hold Tryater in parsekonferinsje. Hjiryn joech Foekje-regisseur Jos van Kan tegearre mei de akteurs de oanwêzige parse útlis oer de foarstelling en it ûnderwerp. Dêrneist spruts Anne Jochum de Vries, direkteur fan Sport Fryslân, oer it belang fan ynklusy yn de sport en Yke Schouwstra, earste trainer fan Olympysk atlete Sifan Hassan oer de parallellen én ferskillen tusken Hassan en Dillema. Maaike Prins kaam as wethâlder Sport fan gemeente Noardeast-Fryslân fertellen oer hoe’t it ferhaal fan Dillema yn har regio neiwurket. De cast, al op de baan oanwêzich fanwege in hurdrincoaching troch Rutger Wagenaar, joech in lyts foarpriuwke út it meartalige en muzikale stik.

acteur lourens van den Akker en trainer Rutger wagenaar hardlopend op de ateletiekbaan

Hurddrave mei Foekje
Ofslutend waard, mei in hurdrinsesje troch akteur Lourens van den Akker, de trijedielige podcast Hurddrave mei Foekje lansearre. De podcast is makke om ferdjipping te bieden by de foarstelling én om it publyk op te waarmjen foar it sportive karakter derfan. De rige is nammentlik in mingeling fan ynterviews mei eksperts en in flotte, motivearjende hurdloopapp yn de styl fan it populêre Hardlopen met Evy. De ynterviewde eksperts binne trener Henk Kraaijenhof, sjoernalist Danielle Pinedo, aktrise en fjochtsporter Jaike Belfor, yntersekse persoan Ella Witjes dy’t har foar seksediversiteit ynset by stichting NNNID en Agnes Elling fan it Pim Mulier Instituut. De luchtich montearre mar djipgeande petearen geane oer gelikensens yn de sport en yn de maatskippij, ferskillen tusken geslachten, diversiteit en útsletten wurde; yn histoarysk en yn hjoeddeisk perspektyf. Leafhawwers kinne de podcast dravend beharkje, mar it mei ek út de luie stoel wei.

Foekje Run
Op sneon 12 april, ien dei nei de premjêre yn Ljouwert, is yn it bertedoarp fan Foekje Dillema de Foekje Run. Boerum is op it stuit drok dwaande it doarp ynklusyf monumint foar Dillema oan te passen op it evenemint; ek wurde der Foekje Koekjes bakt en binne bewenners op oare wizen yn de ban fan harren âlde doarpsgenoat.

Nijs

Abstracte afbeelding van een rennende Foekje Dillema 14 02 2025

Doch mei oan de Foekje Run | Boerum 12 april

Yn de fuotleasten fan Foekje organisearret Tryater op sneon 12 april in Run yn de omkriten fan Boerum

05 02 2025

Ienakterfestival 19-22 maart ‘26

Tryater fiert yn seizoen 2025-2026 syn sechtichjierrich bestean. Ien fan de aktiviteiten is it Ienakterfestival yn maart 2026, as in omkeard jierdeikado oan it Fryske teäterfjild.

Campagne beeld Foekje 28 01 2025

Earste foarstelling Foekje útferkocht!

Foekje Dillema’s berteplak Boerum as earste fol

Afbeelding van Winters Noorwegen 14 01 2025

Tryater yn dreamde Europeeske dokumintêre

FryslânDOK op NPO2 en Omrop Fryslân fan 15 febrewaris ôf. Premjêre tongerdsei 13 febrewaris by Tryater

19 12 2024

Selsfersekere nei de 60

Jubileum of net, as 2025 mar heal sa goed wurdt as it jier dêrfoar sitte we der alwer hiel tefreden by. Tank allegear foar it ôfrûne jier en we sjogge nei jim út yn it oankommende jier!

07 11 2024

Weromsjen presintaasjedei Het Houten Huis, Tryater en Peergroup

Op moandeitemiddei 4 novimber hawwe de noardlike teäterselskippen Het Houten Huis, Tryater en Peergroup mienskiplik har foarstellingen foar de basisskoalle…

28 10 2024

Weromsjen op it Gouden Wykein by Tryater

Op 18, 19 en 20 oktober spilen amateurspilers yn it Gouden Wykein foar in folle kaart. Yn de workshop fan…

24 10 2024

JINC by Tryater foar bliksemstages

Yn septimber en oktober 2024 krige Tryater binnen it JINC-programma twa Ljouwerter basisskoallen foar in bliksemstaazje.   JINC set him yn…

15 10 2024

Presentatiedag Jeugdtheater

Tryater, Het Houten Huis en Peergroup presenteren ‘een sterk staaltje jeugdtheater uit het Noorden’ Maandag 4 november a.s. presenteren Tryater,…

09 10 2024

Joop Wittermans yn aksje foar ús crowdfunding jubileumboek

Joop Wittermans, wa ken him net? De akteur stie yn ‘e begjinjierren al op de planken by Tryater. En noch…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado