Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Swimbad
Een foto van een oudere en een jongere vrouw met een oranje badpak aan staand voor een tegelwand.
20 Maaie O/M 15 Jun

Swimbad

In magyske foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean

In magyske foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean, dêr’t badgasten it wetter diele mei akteurs

Swimbad slút it jubileumseizoen (60 jier) fan Tryater op grutte wize ôf, yn iepenloftswimbad Dúndelle yn Bakkefean. Neist in cast fol bekende en nije Tryater-gesichten, sjocht it publyk tal fan útienrinnende bysûndere badgasten op in gewoane dei yn it swimbad.

Dit liif ferjit neat

In pensjonearre badjuf (spile troch Joke Tjalsma) stiet op de dûkplanke. Se sjocht út oer it swimbad dêr’t se al har hiele libben komt Se sjocht in groepke fleurige bern dat swimles krijt en jongeren dy’t bomkes meitsje yn it bad. In jongfaam lûkt fanatyk baantsjes: wat besiket se fan har ôf te spielen? In jonge mem hat it drok mei har twa lytse bern. En in frou fan yn de fyftich sit yn har rolstoel op de kant: slagget it har om har eangst foar it wetter te oerwinnen? Swaantsje knipperet mei de eagen: it liket wol as sjocht se hieltyd nei harsels…

Mei syngroanswimmers, akwajoggers, baantsjeswimmers en in topcast dy’t njonken Tjalsma út ûnder oaren Karel Hermans, Marjolein Ley en Anna Raadsveld bestiet, hellet Tryater in magyske wrâld foar it ljocht. It iepenloftswimbad yn it grinsgebiet fan Fryslân, Grinslân en Drinte wurdt yn de hannen fan Tryater in floeibere teäterseal. Jong en âld, oantinkens en it no floeie gear ta in krêftige en hertferwaarmjende oade oan it libben.


De makkers:
“Nearne binne we sa neaken as yn it swimbad: we diele it wetter mei minsken dy’t we net kenne en wurde konfrontearre mei in oar syn lichem. Dit soarget foar ûngemaklike en komyske situaasjes. Mar it wetter fan it swimbad draacht ús ek, in hiel libben lang. It wetter is it plak dêr’t wy ús lichter fiele kinne, en befrijd. Dizze foarstelling toant de rykdom en krêft fan alle oantinkens dy’t opslein binne yn in lichem. Us libben, dat begjint yn fruchtwetter en wêryn’t wy yn ferskillende fazen hieltyd op in oare wize mei wetter ferbûn bliuwe. Wy feroarje, mar it wetter bliuwt itselde. It draacht ús.”

  • Spylperioade: 20 maaie o/m 13 juny 2026
  • Lokaasje: Swimbad Dúndelle, Mjûmster Wei 16, 9243 SK Bakkefean
  • Entreeprizen: € 29,50 (standert), € 24,50 (Freonen fan Tryater), € 17,50 (Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
  • Leeftiid: Swimbad is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
  • Taal: Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Swimbad. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
  • English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ‘ticket + smart glasses’
  • Min waar: As de foarstelling fanwegen min waar net trochgean kin dan wurdt dizze ynhelle op de earstfolgjende snein- of moandeitejûn. Kaarten bliuwe jildich foar de oanbelangjende ynheldatum

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Swimbad. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Oanbieding foar Freonen fan Tryater
Spesjaal foar Swimbad kinst as Freon fan Tryater 4 kaarten mei Freonenkoarting fan mar leafst € 5 de kaart bestelle yn plak fan de gewoanlike 2 koartingskaarten.
Noch gjin Freon? Foar mar €25,- it seizoen wurdst Freon fan Tryater! En dêr makkest ús bliid mei, want sa kinne we trochgean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teäter.

Het Freonen logo

Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Swimbad is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine mei moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.



Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei toegankelijkheid@tryater.nl. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear ynformaasje ha wolst helpe wy dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Swimbad is rolstoeltagonklik.

AUDITIVE STIPE

  • By Swimbad is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding.
    De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken:
    – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
    – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 27 maaie ôf.

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 27 maaie ôf.
  • Helphûnen binne wolkom.

ONDERTITELING

  • Nederlandse ondertiteling is aanwezig.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses) as from May 27. Choose the ’ticket + smart glasses’

Meitsje dyn jûn by Swimbad yn Bakkefean kompleet en yt yn it foar in hapke! By swimbad Dúndelle, pannenkoeken en grill-restaurant De Dwaler én by eetcafé Gewoon De Brink kinst foarôfgeand oan de foarstelling genietsje fan in hearlik Swimbad-menu. Reserveare dochst rjochtstreeks by Dúndelle, De Dwaler en De Brink.

Foto van het restaurant

Zwembad Dúndelle
Mjûmsterwei 16
9243 SK Bakkeveen
Reserveare/fragen: 0516-541493 of peterrengelink@optisport.nl

  • Voorgerechten : soep of broodplankje € 5,-
  • Hoofdgerechten: pasta Bolognese (vega mogelijk), kipsaté met friet en rauwkost of schnitzel champignon/ui met friet en rauwkost  € 12,50
  • Nagerechten : brownie met ijs en slagroom of crème brulée met ijs en slagroom € 5,-              
  • Of “gewoon” een soft ijsje € 2,50
Foto van restaurant De Dwaler

De Dwaler Pannenkoeken & Grill
Mjûmsterwei 16C
9243 SK Bakkeveen
Reserveare/fragen: 0516-426303 of info@dedwaler.frl of reservear online

Hoofdgerecht € 23,50, tweegangen-menu € 29,50, driegangen-menu € 37,50.

  • Voorgerechten: carpaccio van rund, tonijn óf bieten met focaccia
  • Hoofdgerechten: huisgemaakt draadjesvlees met piccalilly óf huisgemaakte rode curry met naan brood óf op de huid gebakken zalm met yoghurt-dille dressing. Alle hoofdgerechten worden geserveerd met friet en salade
  • Nagerechten: Dame Blanche óf sorbet 
    Foto van gedekte tafel met twee proostende mensen

    Gewoon De Brink
    Weverswâl 5
    9243 JL Bakkeveen
    Reserveare/fragen: 0516 541 388 of info@cafedebrink.nl

    2-gangen menu – € 29,50 (voor- en hoofdgerecht of hoofd- en nagerecht), 3-gangen menu – € 34,50

    • Eerste scène: mosterdsoep, romig, zacht pittig en precies goed op temperatuur óf carpaccio parmezaan, pittenmix en truffelmayonaise
    • Tweede scène: kipsaté óf schnitzel met champignonsaus óf varkenshaas met pepersaus, geserveerd met frisse salade, roergebakken groenten en oerfriet 
    • Slotakkoord: vanille-ijs met advocaat en boerenjongens óf Dame Blanche

    Ga op 31 mei, 4 of 12 juni mee naar Swimbad! Sluit het jubileumseizoen van Tryater feestelijk af met een unieke ervaring. Tijdens deze reis geniet je van:

    • Comfortabele busreis van Leeuwarden naar Bakkeveen en terug
    • Heerlijk driegangendiner op locatie
    • Een ticket voor de openluchtvoorstelling Swimbad

    De bus vertrekt om 16:30 uur vanaf het Oldehoofsterkerkhof (ivm verbouwing van De Harmonie) en brengt je rond 22:30 uur weer terug in Leeuwarden.

    Over de voorstelling Swimbad
    In openluchtzwembad Dúndelle in Bakkeveen neemt Tryater je mee naar een doodgewone dag vol bijzondere badgasten. Je ontmoet Swaantsje (Joke Tjalsma), een gepensioneerde badjuf die terugblikt op haar leven vanaf de duikplank. Ontmoet schoonzwemmers, aquajoggers en een topcast in een magische, vloeibare theaterzaal. Swimbad is een hartverwarmende ode aan het leven, waarin herinneringen en heden samenvloeien.

    Driegangendiner
    Op locatie kies je uit:

    • Voorgerecht: soep of broodplankje
    • Hoofdgerecht: pasta Bolognese (vega mogelijk), kipsaté met friet en rauwkost of schnitzel champignon/ui met friet en rauwkost
    • Nagerecht: brownie met ijs en slagroom of crème brûlée met ijs en slagroom

    Reserveer nu en beleef een onvergetelijke avond vol theater, gezelligheid en lekker eten!

    • Data: zondag 31 mei, donderdag 4 juni, vrijdag 12 juni
    • Tickets: Vrienden van De Harmonie € 49,50, Standaard € 64,50
     
    Tryater repeteert tussen de badgasten
    Friesch Dagblad
     
    Zwembad wordt toneel met unieke jubileumvoorstelling
    NOS
     
    Tryater repeteert tussen de zwembadbezoekers
    Trouw
     
    Zwemvoorstelling Swimbad sluit jubileumseizoen Tryater af
    Algemeen Dagblad
     
    Tryater bout Swimbad op
    De Moanne
     
    Tryater introduceert eerste brailleticket
    GrootSa
     
    Tryater doet eindejaarsduik met vroegboekkorting
    RondOm vandaag

    Kredits

    Joke Tjalsma
    Marjolein Ley
    Anna Raadsveld
    Wieke Overzet
    Karel Hermans
    Gerwin de Vries
    Lieke Venema
    Cas Bouwman
    Bjorn Bakker
    Klaske Smid
    Ids Zijlstra
    Tatiana Pratley
    Aukje Schaafsma
    Wessel de Vries
    Nina Thunnissen
    Hanne Pierrot
    Mathilde van der Hoop
    Ylke Siemensma
    Ben Vrielink
    Rixt Siderius
    Spul Joke Tjalsma, Marjolein Ley, Anna Raadsveld, Wieke Overzet, Karel Hermans, Gerwin de Vries, Lieke Venema, Cas Bouwman, Bjorn Bakker, Klaske Smid, Ids Zijlstra | Konsept Karel Hermans, Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma | Regy Tatiana Pratley, Aukje Schaafsma | Tekst Wessel de Vries | Dramaturgy Nina Thunnissen | Kostúm en senografy Hanne Pierrot, Mathilde van der Hoop, Ylke Siemensma | Muzyk Kinetophone | Lûdsûntwerp Ben Vrielink | Regyassistint Rixt Siderius, Gerwin de Vries | Technyske produksje Aart Laferte, Maarten Boonstra | Foarstellingslieder Jeroen Bruins | Technyk Gerard Jorna, Tiemen Groothof, Ben Vrielink, Gido Bamboe, Bart Schurer | Produksje tagonklikheid Mara Scheffer | Gebarentolk Annemieke van Kampen | Blindentolk Komt het Zien! | Figuranten Ymy Siet Anema, Fenna Benedictus, Simona van den Bergs, Toon Berkepas, Alina de Boer, Elise Boonstra, Bianca Bos, Fokelien Bos, Jeannette Boskma, Fardou Brouwer, Tristan Bruins, Famke Dijkstra, Ilse Dijkstra, Diny Dooper, Marrit Duursma, Jacquelien Haisma, Nadine Haisma, Koen van Hees, Veerle van Hees, Emy Hoogenboom, Nicky Hooijschuur, Aleida de Jong, Imre de Jong, Pia de Jong-Bies, Bram Jonker, Annemiek Kraak, Boukje Kuipers, Janneke van der Meer, Jantien Mulder-Wijnterp, Rebekka Neef, Aafke Nicolai, Engel Nijholt, Jetske Postema, Esmee Postma, Adry Schalkwijk, Aukje Schalkwijk-van der Galiën, Sietske Smidstra, Lieke Ten Hoor, Bregje Tingen, Henriette Tingen, Janneke Tingen, Aniek Veenstra, Grietje Veenstra, Rowan Veldman, Rose-Marth Visser, Jantina Vledder, Angela Voskuilen, Sietske Vries, Evelien van der Wal, Jildou Weckend, Jinte Weckend, Gijs Wesselo, Melissa Worst, Hilda Woudwijk, Melina van der Zee, Caroline Zwart | Mei tank oan Optisport Recreatiecentrum Dúndelle, Peter Rengelink, Claudia Elfring, Engel Nijholt, Kirsten van Santen, Elmer de Wit | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Sênefotografy Lucas Kemper |

    Swimbad

     

    Programmaboekje

    Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Swimbad is it programmaboekje digitaal.

    lês mear

    Tagonklikheid

    Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

    lês mear

    Swimbadmenu

    Meitsje dyn jûn by Swimbad yn Bakkefean kompleet en yt yn it foar in hapke!

    lês mear

    Busarranzjemint ygm De Harmonie

    Gean op 31 maaie, 4 of 12 juny mei nei Swimbad! Kompleet arranzjemint mei busreis fan Ljouwert nei Bakkefean, trijegongediner en ticket foar Swimbad.

    lês mear

    Bliuw
    op de
    hichte

    • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
    • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
    • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

    Ynskriuwe Betingsten

    Sjoch ek
    op ús
    socials

    Jou in
    besyk oan
    Tryater kado