Yn Thúsblaze komst yn in húskeamerfoarstelling yn ‘e kunde mei in lid fan in fanfare. Miskien komt de âlde eufoaniumspiler Rinse (Joop Wittermans) oan de doar, dy’t al fyftich jier fanatyk mei de fanfare meiblaast mar no foar in dilemma stiet. Of de ympulsive John-Douwe (Lourens van den Akker), dy’t miskien dochs wer trompet spylje wol om syn lilkens te bedimjen. Of faaks Wieke (Eva Meijering) – noch mar krekt by de fanfare en no al foarsitter – dy’t der hielendal foarwei is troch de nije diriginte. Of wurdt it Carmen (Brecht Wassenaar) – dochter fan Rinse – dy’st miskien al sjoen hast by Ynblaze. Hoe soe it no mei har gean?
Thúsblaze jout in yntieme blik yn it libben fan ien personaazje út de foarstelling Fanfare (it tredde part fan de Fanfare-trijelûk fan Tryater). Keppele oan in fanfaremuzikant gean de spilers by húskeamers yn hiel Fryslân del. It is in ferrassing watfoar personaazje oftst moetsje silst.
De measte húskeamers binne rolstoeltagonklik mar op in pear útsûnderingen nei is der gjin rolstoeltoilet
Fanfare-trijelûk
Yn tiden fan tanimmende yndividualisearring wêryn’t minsken har hieltyd mear weromlûke út it ferieningslibben, gienen de makkers fan Tryater op besite by mear as tritich fanfares yn Fryslân. Wat beweecht se om alle wiken by elkoar te kommen en mei elkoar muzyk te meitsjen?
Regisseur en artistyk lieder Tatiana Pratley: “It rekke my om te sjen dat dizze minsken, mei folslein ferskillende achtergrûnen en leeftiden, der alle wiken wer foar kieze om mei elkoar muzyk te meitsjen en op te gean yn wat dat grutter is as harsels. By ús foarûndersyk hearden we safolle moaie, oandwaanlike en grappige ferhalen dat we tochten: dêr kinne we wol trije foarstellingen fan meitsje. Sa ûntstie it idee om in trijelûk te ûntwikkeljen en ús in seizoen lang dwaande te hâlden mei de dynamyk fan de fanfare en de driuwfear fan de minsken dy’t deryn spylje. Foar ús stiet de fanfare foar wat grutters, nammentlik de krêft fan de mienskip en it belang om mei elkoar wat weardefols te ûndernimmen.”
By alle trije foarstellingen spylje (leden fan) Fryske fanfarekorpsen mei. De foarstellingen binne los fan elkoar te besjen. Ynblaze spilet him ôf by de repetysje fan in korps; yn Thúsblaze komst yn Fryske húskeamers yn de kunde mei in personaazje út de slotfoarstelling. De grutte lokaasjefoarstelling Fanfare spilet yn de iepen loft, mei it doarp Easterlittens as dekôr.
It Fanfare-trijelûk makket diel út fan it projekt phōnē, stipe troch de Europese Unie. It projekt is in gearwurking tusken Europeeske teäterselskippen dy’t wurkje mei minderheidstalen. Om Fanfare hinne is der útienrinnende útwikseling mei ynternasjonale partijen.
De Fanfaremonologen
Yn it ramt fan Tryater Rûnom – aktiviteiten mei kreative Friezen omtrint ien fan ús foarstellings – wurken útienrinnende skriuwers in teätermonolooch út op basis fan in ynterview dat sy hiene mei fanfaremuzikanten. Hjirfoar organisearre Tryater skriuwworksjops yn eigen gebou. De monologen binne ynsprutsen troch Nynke Heeg, Peter Sijbenga en Hein Jaap Hilarides; opname en montaazje troch Gido Bamboe, rezjy Johannes Keekstra, portretten troch Lucas Kemper. It konsept is fan Sytse Jansma.
De Fanfaremonologen heart by it Fanfare-trijelûk fan Tryater, mei de foarstellings Ynblaze, Thúsblaze en Fanfare. Njonken De Fanfaremonologen ferskynt ek De Fanfarepodcast fan makker Eline van Diggelen, mei ferdjipjende ynterviews mei muzikanten.
Petra Zijlstra – Bugel Fanfare Wilhelmina Easterein Muzykstik: St. Florian choral, Thomas Doss Skriuwer monolooch: Christa Niklewicz
‘Dat wie wat, koffers mei ynstruminten skommeljend fan skip op sloep…’
Spul Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Eva Meijering, Brecht Wassenaar |
Muzikanten Wimmie Roukema-van der Meer, Maaike de Vries-Sybesma, Syta Westra, Joan de Jong, Eline Scheltinga |
Regy Sjoeke-Marije Wallendal, Tamara Schoppert |
Konsept Tatiana Pratley |
Tekst Wessel de Vries |
Muzyk Laurens van der Meulen |
Dramaturgy Maarten Bos |
Kostúms Hanne Pierrot, Mathilde van der Hoop |
Sênefotografy Lucas Kemper |
Thúsblaze
Fanfaremonologen
Teätermonologen op basis fan ynterviews mei fanfaremuzikanten
Funksjonele cookies soargje derfoar dat bepaalde dielen fan 'e side goed wurkje en dat jo brûkersfoarkarren bekend bliuwe. Wy kinne dizze cookies pleatse sûnder jo tastimming.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technyske opslach of tagong dy't allinich brûkt wurdt foar anonime statistyske doelen. Sûnder in dagvaarding, frijwillige neilibjen fan 'e kant fan jo ynternettsjinstferliener, of oanfoljende records fan in tredde partij, kin ynformaasje opslein of ophelle foar dit doel allinich net normaal brûkt wurde om jo te identifisearjen.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.