In magyske foarstelling yn it iepenloftswimbad fan Bakkefean, dêr’t badgasten it wetter diele mei akteurs
Swimbad slút it jubileumseizoen (60 jier) fan Tryater op grutte wize ôf, yn iepenloftswimbad Dúndelle yn Bakkefean. Neist in cast fol bekende en nije Tryater-gesichten, sjocht it publyk tal fan útienrinnende bysûndere badgasten op in gewoane dei yn it swimbad.
Dit liif ferjit neat
In pensjonearre badjuf (spile troch Joke Tjalsma) stiet op de dûkplanke. Se sjocht út oer it swimbad dêr’t se al har hiele libben komt Se sjocht in groepke fleurige bern dat swimles krijt en jongeren dy’t bomkes meitsje yn it bad. In jongfaam lûkt fanatyk baantsjes: wat besiket se fan har ôf te spielen? In jonge mem hat it drok mei har twa lytse bern. En in frou fan yn de fyftich sit yn har rolstoel op de kant: slagget it har om har eangst foar it wetter te oerwinnen? Swaantsje knipperet mei de eagen: it liket wol as sjocht se hieltyd nei harsels…
Mei syngroanswimmers, akwajoggers, baantsjeswimmers en in topcast dy’t njonken Tjalsma út ûnder oaren Karel Hermans, Marjolein Ley en Anna Raadsveld bestiet, hellet Tryater in magyske wrâld foar it ljocht. It iepenloftswimbad yn it grinsgebiet fan Fryslân, Grinslân en Drinte wurdt yn de hannen fan Tryater in floeibere teäterseal. Jong en âld, oantinkens en it no floeie gear ta in krêftige en hertferwaarmjende oade oan it libben.
De makkers:
“Nearne binne we sa neaken as yn it swimbad: we diele it wetter mei minsken dy’t we net kenne en wurde konfrontearre mei in oar syn lichem. Dit soarget foar ûngemaklike en komyske situaasjes. Mar it wetter fan it swimbad draacht ús ek, in hiel libben lang. It wetter is it plak dêr’t wy ús lichter fiele kinne, en befrijd. Dizze foarstelling toant de rykdom en krêft fan alle oantinkens dy’t opslein binne yn in lichem. Us libben, dat begjint yn fruchtwetter en wêryn’t wy yn ferskillende fazen hieltyd op in oare wize mei wetter ferbûn bliuwe. Wy feroarje, mar it wetter bliuwt itselde. It draacht ús.”
- Spylperioade: 20 maaie o/m 13 juny 2026
- Lokaasje: Swimbad Dúndelle, Mjûmster Wei 16, 9243 SK Bakkefean
- Entreeprizen: € 29,50 (standert), € 24,50 (Freonen fan Tryater), € 17,50 (Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
- Leeftiid: Swimbad is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
- Taal: Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Swimbad. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
- English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ‘ticket + smart glasses’
- Min waar: As de foarstelling fanwegen min waar net trochgean kin dan wurdt dizze ynhelle op de earstfolgjende snein- of moandeitejûn. Kaarten bliuwe jildich foar de oanbelangjende ynheldatum

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Swimbad. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Swimbad, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Oanbieding foar Freonen fan Tryater
Spesjaal foar Swimbad kinst as Freon fan Tryater 4 kaarten mei Freonenkoarting fan mar leafst € 5 de kaart bestelle yn plak fan de gewoanlike 2 koartingskaarten.
Noch gjin Freon? Foar mar €25,- it seizoen wurdst Freon fan Tryater! En dêr makkest ús bliid mei, want sa kinne we trochgean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teäter.



