Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.
Foto van de achteruitkijkspiegel in de auto waar iemand in kijkt
Foto met een stilstaande auto met paarse rook en twee personen
7 Okt O/M 28 Nov

Fierder nei it Noarden

In yntime foarstelling yn in autogaraazje. Oer soarch, leafde en ferantwurdlikheid
Bestel kaarten
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA...
Sneon 14 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • Freon fan Tryater €22.00
  • entree standaard €24.50
  • Jong t/m 25jr €17.50
Snein 15 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50
Tongersdei 19 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

19:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • Freon fan Tryater €22.00
  • entree standaard €24.50
  • Jong t/m 25jr €17.50
Mei ynlieding fan regisseur Loek de Bakker om 19.15 oere
Freed 20 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50
Sneon 21 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50
Woansdei 25 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50
Tongersdei 26 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50
Freed 27 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

19:30
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree + randprogramma €50.00
tema-jûn: Opfieding as startmotor fan dyn libben | ygm Stichting Een Friese Wind
Sneon 28 Novimber 2026

Fierder nei it Noarden

20:00
Haaima Garage | Coronaweg 2 | 8938 CA Leeuwarden
Tariven
  • entree standaard €24.50
  • Freon fan Tryater €22.00
  • Jong t/m 25jr €17.50

Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde?

Yn Fierder nei it Noarden bedarret Gabe yn ‘e garaazje dêr’t hy mear as tweintich jier lyn mei syn mem net fierder koe. Op syn njoggende naam Sunny him mei op reis nei it Hege Noarden, ympulsyf en sûnder plan. De reis einige troch autopech yn in autogaraazje dêr’t mem en soan út need de nacht trochbrochten. Sunny skuorde Gabe faak roekeleas mei yn grutte fantasyen en aventoeren. Hy hold fan har ferhalen en liet him wier graach meifiere. Mar dizze nacht fielde Gabe foar it earst dat hy der allinne foar stie.

Ik moat it sels dwaan…

Wylst heden, ferline en fantasij fluoiber wurde, fiert Gabe mei syn mem it petear dat earder ûnmooglik wie. Oer alles dêr’t se nea fan begrypt hat dat er it nedich hie. Wilens bruoit der wat by de garaazjehâlder: werkent er Gabe miskien noch? Fan dy nacht dy’t alles bepaalde, doe’t se beide noch bern wiene?

Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen. Yn de rauwe setting fan in autowurkpleats, mei in muzikale ûnderlaach, giet it publyk mei Gabe op syn ynterne reis.

Unike lokaasje | Haaima Service & Auto’s

Fierder nei it Noarden spilet him ôf yn de wurkpleats fan de Haaima autogaraazjes yn respektyflik It Hearrenfean, Drachten en Ljouwert.

  • Spylperiode: 7 o/m 17 okt It Hearrenfean, 22 o/m 31 okt Drachten, 5 o/m 28 nov Ljouwert
  • Lokaasje: Wurkpleats Haaima Service & Auto’s op It Hearrenfean, yn Drachten en yn Ljouwert
  • Entreeprizen: € 24,50 (standaard), € 22,- (Freonen fan Tryater), € 17,50 (CJP/Jong o/m 25 jr), try-outs € 2,50 koarting
  • Taal: Fierder nei it Noarden is Frysktalich. Nederlandse ondertiteling is aanwezig
  • English subtitles: available (Smart Glasses). Choose the ’ticket + smart glasses’
  • Tagonklikheid: rolstoelplakken, audiodeskripsje (blind/slechtziend), smart glasses (gebarentaal)

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fierder nei it Noarden. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke, kies dan de júste kaartsoart by it bestellen.

Fierder nei it Noarden wurdt mei mooglik makke troch:

Programmaboekje

Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Fierder nei it Noarden is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine mei moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.



Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei toegankelijkheid@tryater.nl. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear ynformaasje ha wolst helpe wy dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: de foarstelling is rolstoeltagonklik.

AUDITIVE STIPE

  • Roger gehoorondersteuning (Phonak) is beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding.
    De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken:
    – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
    – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses fan 14 oktober ôf.

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge fan 14 oktober ôf.
  • Helphûnen binne wolkom.

ONDERTITELING

  • Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant).

LANGUAGE NO PROBLEM

  • English subtitles: available (smart glasses)as from October 14th. Choose the ’ticket + smart glasses’

Tryater Taxi | ridende petearen

Yn de Tryater Taxi praat akteur Gerwin de Vries mei trije bysûndere gasten oer harren opfieding en de relaasje mei harren âlden, wylst hy se troch Fryslân rydt. It smyt grappige, oandwaanlike en altyd persoanlike petearen mei ‘soannen’ op. De rige is in utering fan Tryater Rûnom, dat om foarstellingen hinne ferdjipping by it tema biedt. Dizze ridende petearen sirkulearje al in oantal wiken op ús sosjale media, mar kinst se tenei ek as podcast lústerje én sjen. 

  • Oflevering 1 – Joop Wittermans


Joop Wittermans rydt foar it earst sûnt jierren nei syn bertehûs yn Burgum. Hy fertelt oer opgroeien yn it doarp en de hâlding fan syn âlden doe’t er yn de jierren sechstich besleat om akteur te wurden. Ek is der yntrospeksje oer syn eigen heit-wêzen. 


  • Oflevering 2 – Martijn Werkhoven


Martijn Werkhoven krige as kontentmakker Raptiel yn rap tempo goed 71.000 folgers op social media troch ûnder oare syn Fryske mem te persiflearjen. De influencer fertelt oer de ûnwissens dy’t deroan foarôf gie, wat syn opfieding dêryn betsjutte en fansels wat syn mem no eins fan de filmkes fynt. 


  • Oflevering 3 – Henk Rigter (online fan 20 novimber ôf)


Henk Rigter is skriuwer fan it boek Dwars door Afrika. Yn it boek fol skelmeferhalen fertelt Rigter oer de trijejierrige reis dy’t er mei freonen yn in buske troch Afrika ûndernaam, mar ek hoe’t dit ôfstân bea yn de swiere relaasje mei syn heit. Op ‘e achterbank by sjauffeur Gerwin leit er mei faak in glimk syn jeugd bleat.


APK foar dysels

Wolst dit sels belibje? Stap op 16 en 30 oktober of 20 novimber nei de foarstelling yn in nagelnije auto fan Haaima en gean yn petear.



UTFERKOCHT!

In wykein fol teäter, ynspiraasje en spul foar betûfte amateurspilers

It Gouden Wykein komt der wer oan! Dit jier stiet it Gouden Wykein op freed 13 en sneon 14 novimber yn it ramt fan de foarstelling Fierder nei it Noarden.

Op freedtejûn geane we mei-inoar nei de foarstelling yn Ljouwert. Sneon komme we by elkoar om nei te praten oer wat we sjoen ha en sille we sels oan de slach mei dialogen.

Foto met een stilstaande auto met paarse rook en twee personen

Oer de foarstelling
Hoe goed kenne we ús âlden? Wat hiene we freegje of sizze wold, mar sil nea útsprutsen wurde? Fierder nei it Noarden is in yntime, muzikale foarstelling oer soarch, leafde en ferantwurdlikens. Oer in bern dat te gau folwoeksen wurde moast, en oer weromkommen om einlings foarút te kinnen.  

Wannear ha we it Gouden Wykein

Wy nûgje dy út op freed 13 en sneon 14 novimber. Mei in groep betûfte amateurspilers en teatermakkers dûke wy in dei én in jûn yn ‘e wrâld fan Fierder nei it Noarden.

Wat kinst ferwachtsje

Op freedtejûn geane wy mei-inoar nei de foarstelling Fierder nei it Noarden yn de wurkpleats fan Garage Haaima yn Ljouwert. In moaie start fan it wykein, want sneon prate we by Tryater oan de Oostersingel mei-inoar nei oer de foarstelling: wat rekke dy, wat foel op en wat kinne we der as spiler mei? Dêrnei sille we sels oan de slach. Wy ferdiele de groep yn twaen en folgje twa ferskillende workshops. Yn de workshops wurkje wy mei dialogen en ûndersykje wy hoe’tst in tekst ta libben bringe kinst. De workshops wurde begelaat troch teätermakkers Tamara Schoppert en Eva Meijering. Wy slute de dei mei-inoar ôf mei in lekker slokje.

Programma

Freed 13 novimber | Garage Haaima Ljouwert

  • 20:00: foarstelling Fierder nei it Noarden

Sneon 14 novimber | Tryatergebou | Oostersingel Ljouwert

  • 9.15-9.30: ynrin mei kofje/tee
  • 9.30-10.00: neiprate oer Fierder nei it Noarden
  • 10.00-12.30: workshopronde 1
  • 12.30-13.15: skoft ynklusyf lunsj
  • 13.15-15.45: workshopronde 2
  • 15.45-16.15: skoft
  • 16.15.16.45: toanmomint
  • 17.00-18.00: ôfslute mei in drankje/hapke
  • Kosten: € 50,- ynklusyf foarstelling, lunsj, kofje en tee
  • Taal: ook geschikt voor niet-Friestaligen

Gouden Wykein – foar dy!

Foar dit wykein nûgje wy dy, dè betûfte amateurspiler, graach út om mei te dwaan! It Gouden Wykein is de kâns om ynspirearre te wurden troch in foarstelling én dêrnei sels op de flier te stappen. Mei profesjonele teatermakkers en in dei fol workshops kinst dy ferdjipje yn dyn eigen spul en kinst oan de slach gean mei dialogen.
Meidwaan kostet €50,-. Dêrfoar krijst in ticket foar de foarstelling, in hearlike lunch en fansels kofje en tee.

Der binne maksimaal 24 plakken beskikber, dus meld dy gau oan!

Foto van een vrouw en een man op het toneel

Freonejûn mei ynlieding fan regisseur Loek de Bakker

Tongersdei 19 novimber spylje we Fierder nei it Noarden foar leden fan de Freonen fan Tryater. Foarôfgeand oan oan de foarstelling is der in ynlieding fan Loek de Bakker, regisseur fan it stik. Hy fertelt yn dizze ynlieding oer it ûntstean fan de foarstelling en syn persoanlike motivaasje om it ferhaal fan Fierder nei it Noarden te fertellen. Ek is der romte foar fragen en útwikseling.

Ynrin fan 19.00 oere ôf. De ynlieding is fan 19.15-19.45 oere yn de showroom fan de Haaima Garage oan de Coronawei 2 yn Ljouwert. De foarstelling set om 20.00 oere útein yn de wurkpleats en de tribune giet om 19.50 oere hinne iepen.

N.B. Der binne noch wat plakken frij dus ek al bist (noch) gjin Freon fan Tryater dan bist dochs ek wolkom by dizze foarstelling mei ynlieding.

Het Freonen logo

Freon fan Tryater
Foar mar €27,50 it teäterseizoen wurdst Freon! En dêr makkest ús bliid mei, want sa kinne wy trochgean mei it ûntwikkeljen fan Frysk(talich) teater. 

Bist noch gjin Freon fan Tryater mar wolst dat al wurde, meld dy dan oan as Freon fia de oanmeldbutton hjirûnder.

Tema-jûn: Opfieding as startmotor fan dyn libben

Op freed 27 novimber slaan Tryater en Stichting Een Friese Wind de hannen ynien en stiet de jûn om de foarstelling Fierder nei it Noarden hinne yn it ramt fan it tema Opvoeding als startmotor van je leven.

Nei de al rûnom goed ûntfongen foarstelling oer in omkearde âlder-bernrelaasje, wêryn’t de jonge Gabe mei syn mem op in ympulsive reis strânet yn in autogaraazje en dêr syn muoisume opfieding oan syn mem foarleit, is der foar dielnimmers ryklik gelegenheid om djipper yn ‘e tematyk te dûken en út te wikseljen. Soarchprofessionals, fersoargjenden, beliedsmakkers en oaren krije in wiidweidich en ôfwikseljend programma foarset yn en om de showroom fol nagelnije auto’s fan Haaima Service & Auto’s.

De temajûn behelst de foarstelling Fierder nei it Noarden (sa. 75 minuten), in hapke en drankje en it ûndersteande ferdjippingsprogramma, gearstald troch stichting Een Friese Wind tegearre mei Tryater:

Programma

19:00ynrin mei kofje en tee
19:30oanfang foarstelling Fierder nei it Noarden
21:00In showroom fol ûnderfiningen
Nei de foarstelling kinst yn de showroom op ferskate wizen ferdjipje, neiprate en neitinke oer de tema’s út de foarstelling. Wy ljochtsje in oantal ûnderdielen út:

* Mei LEGO oan de slach mei keunstner Ernesto Lemke. Nei oanlieding fan in tal fragen silst bouwe mei LEGO. Even net prate mar ferbyldzje wat de foarstelling by dy losmakke hat.

* Stap yn in auto en doch de APK check mei ien fan ús Tryatermonteurs. De Tryatermonteur sil yn de yntimiteit fan de auto mei dy yn petear oer wat de foarstelling by dy reflektearret. Sjoch ûnder dyn motorkape om te sjen watsto út dyn opfieding meinimst yn dyn libben en watst efter dy litten hast.

* Yn petear mei Charlotte van der Wall, klinysk psycholooch en direkteur fan soarchorganisaasje KieN giet yn petear mei in kliïnt dy’t opgroeid is yn in omkearde âlder-bern relaasje. In iepen en kwetsber petear oer opgroeie mei wyn tsjin.

* Yn beweging mei Norbert Nijland. In aktiviteit mei autobannen wêrby’tst út ferskillende perspektiven wei nei de personaazjes út de foarstelling sjochst en fan posysje wikselest. Sels ûnderfine en fiele, begelieden troch Norbert dy’t wurket as psychomotoarysk terapeut.

* Yn petear mei Friso van Doesburg, skriuwer fan it boek Grondhouding. Friso is in Nederlânske skriuwer, sprekker, trainer en ûnderfiningssaakkundige yn de jeugdsoarch en it sosjaal domein. Hy groeide op yn de probleemwyk Presikhaaf yn Arnhem by in allinnichsteande mem. Syn útgongspunt is dat gedrach fan jongeren gjin op himsels steande ‘steurnis ‘ of probleem is, mar in oerlibbingsreaksje op harren omstannichheden.
22:00ôfsluting mei in drankje
  • Kosten: € 50, ynklusyf ûntfangst mei kofje en tee en in drankje nei ôfrin
  • Taal: Fierder nei it Noarden is Frysktalich. Nederlânske ûndertiteling is oanwêzich
  • Adres lokaasje: Autobedrijf Haaima, Coronaweg 2, 8938 CA Leeuwarden

Stichting Een Friese Wind biedt ynspiraasje en enerzjy oan professionals yn domeinen as soarch, ûnderwiis, gemeente, oerheid, GGZ en jeugdhelp om gearwurking domeinoerstiigjend te befoarderjen.

★ ★ ★ ★ ★
Knellende bân ûntlede yn ’e garaazje
Leeuwarder Courant
 
Overtuigende hunkering in een autogarage
Cultureel Persbureau
 
Een doorwaakte nacht in een garage
Leeuwarder Courant
 
Garaazje wurdt teäter foar yntym ferhaal
Omrop Fryslân
 
Kwetsbare problematiek in rauwe autowerkplaats
Groot Heerenveen

Kredits

Tim Helderman
Tamara Schoppert
Mats Voshol
Loek de Bakker
Herman van de Wijdeven
Peter Sijbenga
Nina Thunnissen
Sarah Nixon
Charlotte Raes (stage)
Gido Bamboe
Bart Schurer
Gerard Jorna
Aart Laferte
Kenji Swart
Marthe Elzinga
Tisha Elzinga
Spul Tim Helderman, Tamara Schoppert, Mats Voshol | Muzyk Mats Voshol | Regy Loek de Bakker | Tekst Herman van de Wijdeven | Oersetting Peter Sijbenga | Dramaturgy Nina Thunnissen | Senografy Sarah Nixon, Charlotte Raes (stage) | Ljochtûntwerp Bo van der Ham | Lûdsûntwerp Gido Bamboe | Ljocht Bart Schurer | Foarstellingslieder Gerard Jorna | Technyske produksje Aart Laferte | Technyk Kenji Swart | Rezjy-assistint (staazje) Marthe Elzinga | Produksje tagonklikheid Tisha Elzinga | Tryater Rûnom programma Jannie van der Veen, Anne Zijlstra | Sênefotografy Lukas Kemper | Kampanjebyld Heleen Haijtema |

Fierder nei it Noarden

 

Programmaboekje

By Fierder nei it Noarden is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen.

lês mear

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Tryater Taxi | ridende petearen

Yn de Tryater Taxi praat akteur Gerwin de Vries mei trije bysûndere gasten oer harren opfieding en de relaasje mei harren âlden, wylst hy se troch Fryslân rydt. It smyt grappige, oandwaanlike en altyd persoanlike petearen mei ‘soannen’ op.

lês mear

It Gouden Wykein | 13 en 14 novimber

Dit jier stiet it Gouden Wykein op freed 13 en sneon 14 novimber yn it ramt fan de foarstelling Fierder nei it Noarden.

lês mear

Freonejûn mei ynlieding fan regisseur Loek de Bakker | 19 novimber

Loek de Bakker fertelt yn dizze ynlieding oer it ûntstean fan de foarstelling en syn persoanlike motivaasje om it ferhaal fan Fierder nei it Noarden te fertellen. Ek is der romte foar fragen en útwikseling.

lês mear

Tema-jûn: Opfieding as startmotor fan dyn libben | 27 novimber

Tryater en Stichting Een Friese Wind slaan de hannen ynien en biede Fierder nei it Noarden, méi ferdjipjend programma, eksklusyf oan foar soarchprofessionals.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado