Tryater makket al sechtich jier toansettend, benammen Frysktalich teäter. Oprjochte yn septimber 1965, fiere wy yn 2025 in bysûnder jubileum.

Jubileumboek
Yn septimber ferskynt fia útjouwerij Afûk in tsjok en kleurryk boek fol ynterviews, bysûndere artikels, argyfmateriaal, prachtige foto’s en mear as hûndert oantinkens fan útienrinnende minsken, fan akteur oant besiker en fan politikus oant fuotbaltrainer, dy’t ea Tryater yn harren libbens foarbykommen seagen.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer it jubileumboek.
Twa minuten foar oanfang
Yn septimber en oktober spilet Twa minuten foar oanfang, in aventoerlike audiorûte troch de holle fan akteur Joop Wittermans en lâns de backstage fan de Fryske skouboargen en it eigen gebou. Dit erfaringsteäter nimt it publyk by wize fan nijmoadrige jubileumfoarstelling mei yn sechtich jier teäter meitsjen en toant de twifels en wissichheden fan in prominint akteur út ‘e stâl fan Tryater, wylst personaazjes fan hjoed en juster ûnderweis opdûke. Te ûndergean by Tryater en yn de Harmonie yn Ljouwert, De Lawei yn Drachten, de Koornbeurs yn Frjentsjer, it Posthuistheater op It Hearrenfean en Theater Sneek.


Anwar en de wolf
Yn ‘e krystfakânsje spilet Tryater yn ‘e eigen teäterseal de suksesfoarstelling Anwar en de wolf, foar de hiele famylje en mei gebrûk fan Nederlânsk, Frysk en Arabysk oanfolle mei sfearfolle byldprojeksjes geskikt foar eltsenien, wat eftergrûn of ôfkomst ek is. De foarstelling oer flechtling Anwar dy’t in wolf moetet en him fan syn roppigens ôfliedt troch te fertellen oer syn reis troch Europa, bringt skoallen troch hiel Fryslân yn beweging en is yn desimber foar elk te sjen.
Ienakterfestival
Yn maart 2026 is by Tryater it Ienakterfestival, dêr’t amateurselskippen út Fryslân spesjaal troch profesjonals skreaune teäterteksten spylje yn it monumintale skoalgebou dêr’t Tryater yn Ljouwert fêstige is.


Swimbad
Yn maaie-juny 2026 slút Tryater it folle jubileumseizoen ôf mei in unyk gefal lokaasjeteäter dêr’t it selskip de lêste jierren foar stiet. Swimbad, mei ûnder mear aktrise Joke Tjalsma, wurdt spile yn en om it iepenloftswimbad fan Bakkefean. Fertroude akteurs, nije gesichten, lokale figuranten yn it swimbad, yn in ferhaal oer feroarjende tiden en lichems, it kommen en gean fan generaasjes mei it swimbad as spylfjild en metafoar.
Tuskentroch hinget Tryater de slingers ek sa no en dan op oare manieren op, oft dat no op social media, yn eigen gebou of op oare plakken is. Dat Tryater bliid is om nei sa’n skoft noch hieltyd in glânsrol yn it Fryske lânskip spylje te kinnen, giet yn alle gefallen it oankommend jier net samar foarby.
Sterke achterban
Tryater kin wurkje mei de bêste regisseurs, skriuwers, akteurs en oare fakminsken út Fryslân en dêrbûten. De organisaasje hat in fêste kearn meiwurkers yn tsjinst en is by steat fier foarút te sjen en allegeduerigen te wurkjen oan bysûndere foarstellingen en in ferskaat programma. In grut tal trouwe besikers draacht hjir oan by mar ek is Tryater optein mei de enoarme groep Freonen fan Tryater, dy’t it selskip mei in beskieden jierliks bedrach stypje en dêr in magazine, koarting én no en dan in ynformative en smûke Freonejûn foar werom krije.
Artistiek leider Tatiana Pratley: ‘It is earfol om te wurkjen foar in selskip mei sa’n skiednis én sa’n sterke achterban. Besikers en Freonen fiele har wolkom by ús mar sjogge ek kritysk mei, wat we tige wurdearje. It jout ús ek in gefoel fan ferantwurdlikens om it goed dwaan te bliuwen. Sechtich jier, it is net samar wat. Dat we ek yn 2025 rjocht oerein steane en fraaie dingen meitsje meie, ha we mei te tankjen oan de minsken út Fryslân, Nederlân én Europa dy’t it wichtich en moai fine dat we dit dogge. Mei dy stipe kinne we maklik noch sechtich jier fierder: lit ús dêrfoar gean!’