Loading...
Groeigraach
4+ 17 Feb O/M 5 Maaie’24

Groeigraach

In slapstick oer grut wurde

Wat is better: sa lang wêze datst yn alle keamers it plafond oanreitsje kinst? Of krekt hiel lyts, sadatst fuortkrûpe kinst as in mûs? Wolst leaver hiel âld wêze, rêstich kuierje en gesellich teedrinke. Of krekt jong bliuwe en foar altyd boartsje? It liket oft elkenien om dy hinne mar wol datst grutter en âlder wurdst. Oars telst net mei. Dan witst alles, meist alles, kenst alle wurden en begrypst de wrâld. Of net? Mar wat ast net grut wurde wolst en foar altyd lyts bliuwe wolst?  

In slapstick oer grut wurde

Groeigraach is in boartlike, kleurrike foarstelling foar beukers en elkenien dy’t oait beuker west hat. Fol grutte grappen, moppen tûke trúkjes en ferrassingen. 

Krukpraatsjes

Wat fine beukers eins sels fan (op)groeie?

Fideo: Hatogkrøller

  • Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
  • Spylperioade: 17 febrewaris o/m 5 maaie 2024
  • Lokaasje: speellokaal
  • Duur foarstelling: +/- 45 minuten
  • Kosten: € 450 de foarstelling en € 765 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje
  • Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
  • Taal: sûnder tekst

Fragen oer boekingen?

Kredits

Konsept en regy Hali Neto | Artistyk advys mime Fabian Santarciel de la Quintana | Spul Valerie van de Ridder, Mitchell Hamel | Muzyk Christopher van der Meer | Foarmjouwing en kostúm Sofie Moritz | Technyk Jan Bruinsma | Edukaasje Jannie van der Veen, Sytse Jansma | Kampanjebyld Tryntsje Nauta |

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado