Fien en Hidde binne al hiel lang freonen, mar ergens is it misgien. Op in feest sit Hidde bûten te gûlen. Fien hat krekt foar it earst mei in famke tute. Se hawwe it noait mear hân oer dy earste kear, tegearre. Wêrtroch’t alles oars waard.
Flam (14+) giet oer pine oan dyn hert, langstme, skamte en grutskens. Hoe witst watst wolst en wat net? Hoe ûntdekst wat de oar wol? En wat as twa minsken inselde foarfal hiel oars belibje? In oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn.

Praktyske ynformaasje
Dizze foarstelling wurdt yn de klasse spile en duorret twa lesoeren. Yn it earste lesoere wurdt de foarstelling spile en yn it twadde lesoere is der op ynteraktive wize ûnder lieding fan in edukaasjemeiwurker in neipetear mei de akteurs. De foarstelling is foar it grutste part Nederlânstalich en befettet dêrnjonken en Ljouwerters en Frysk.
- Doelgroep: boppebou vmbo, havo, vwo, gymnasium (spesjaal ûnderwiis yn oerlis) en earstejiers mbo
- Spylperioade: 25 septimber o/m 15 desimber 2023
- Lokaasje: by dy op skoalle yn it klasselokaal
- Kosten: 12,- euro de learling (betelling mei CJP kultuerkaart is mooglik)
- Taal: Nederlands
Mear ynformaasje of boeke?
Nim kontakt op mei Jannie van der Veen of folje dit ynskriuwformulier yn.