Wat is better: sa lang wêze datst yn alle keamers it plafond oanreitsje kinst? Of krekt hiel lyts, sadatst fuortkrûpe kinst as in mûs? Wolst leaver hiel âld wêze, rêstich kuierje en gesellich teedrinke. Of krekt jong bliuwe en foar altyd boartsje? It liket oft elkenien om dy hinne mar wol datst grutter en âlder wurdst. Oars telst net mei. Dan witst alles, meist alles, kenst alle wurden en begrypst de wrâld. Of net? Mar wat ast net grut wurde wolst en foar altyd lyts bliuwe wolst?
In slapstick oer grut wurde
Groeigraach is in boartlike, kleurrike foarstelling foar beukers en elkenien dy’t oait beuker west hat. Fol grutte grappen, moppen tûke trúkjes en ferrassingen.
Dizze beweechlike en hast tekstleaze foarstelling is no te boeken foar it skoaljier 2024-2025.
Krukpraatsjes
Wat fine beukers eins sels fan (op)groeie?
Fideo: Hatogkrøller
- Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
- Spylperioade: 17 febrewaris o/m 18 april 2025
- Lokaasje: speellokaal
- Duur foarstelling: +/- 45 minuten
- Kosten: € 500 de foarstelling en € 850 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje, iepenbier € 600 de foarstelling
- Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
- Taal: sûnder tekst