Loading...
24 Maaie O/M 22 Jun

Fanfare

It slotstik mei Easterlittens as dekôr
Bestel kaarten
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
IJsbaan Easterlittens
Freed 14 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Sneon 15 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Tiisdei 18 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Woansdei 19 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Tongersdei 20 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Freed 21 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50
Sneon 22 Juny 2024

Fanfare

20:00
IJsbaan Easterlittens
Tariven
  • standaard €29.50
  • Freonen Tryater €24.50
  • Jong (t/m 25 jr) €17.50

As ien berne wurdt, dan stean se der. As ien stjert, dan stean se der. As ien 50 jier troud is of as in nije supermerk iepene wurdt, dan stean se der. In hiel libben lang.   

Yn de grutte lokaasjefoarstelling Fanfare komst yn de kunde mei de leden fan in muzykferiening yn in lyts doarp, dy – nettsjinsteande alles en wat der ek bart – alle tiisdeitejûnen by elkoar komme om te repetearjen. In perkussioniste dy’t net graach thús is, in trompettist dy’t altyd op syk is nei ferbining en in saksofoanspylster dy’t har ôffreget hoe lang oft se noch blazen bliuwe wol. Wylst de dirigint Jetske besiket om alles sa moai mooglik klinke te litten, want wat der ek bart en hoe hurd oft de wyn ek waait: de fanfare giet altyd troch.

Salang’t wy blaze sil it duorje!

Fanfare is in poëtyske en humoristyske fertelling oer de leden fan in fanfare. Oer ferskillende minsken dy’t sykje nei harmony yn harsels en mei elkoar, mar dat lang net altyd fine kinne. Mei in grutte cast en it artistike team achter suksesfolle foarstellingen as Part-Time Paradise en Under Wetter makket Tryater yn de simmer fan 2024 in grutte lokaasjefoarstelling mei it doarp Easterlittens as dekôr.   

Goed om te witten

  • Tagongsprizen: € 29,50 (regulier), € 24,50 (Freonen fan Tryater), € 17,50 (Jong o/m 25 jr) 
  • It parkearterrein is oan de Baerderdyk op sa’n 400m fan de spyllokaasje
  • Fanfare is geskikt foar elkenien fan 12 jier en âlder
  • Der wurdt sawol Frysk as Nederlânsk sprutsen yn Fanfare. Nederlandse ondertiteling is aanwezig (lichtkrant)
  • English subtitles available (Smart Glasses). Choose the ‘ticket + smart glasses’
  • As de foarstelling fanwegen min waar net trochgean kin dan wurdt dizze ynhelle yn de wike fan 25 o/m 29 juny ’24.  Kaarten bliuwe jildich foar de oanbelangjende ynheldatum

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Fanfare. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Fanfare, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Fanfare-trijelûk

Yn tiden fan tanimmende yndividualisearring wêryn’t minsken har hieltyd mear weromlûke út it ferieningslibben, gienen de makkers fan Tryater op besite by mear as tritich fanfares yn Fryslân. Wat beweecht se om alle wiken by elkoar te kommen en mei elkoar muzyk te meitsjen?  

Regisseur en artistyk lieder Tatiana Pratley:
“It rekke my om te sjen dat dizze minsken, mei folslein ferskillende achtergrûnen en leeftiden, der alle wiken wer foar kieze om mei elkoar muzyk te meitsjen en op te gean yn wat dat grutter is as harsels. By ús foarûndersyk hearden we safolle moaie, oandwaanlike en grappige ferhalen dat we tochten: dêr kinne we wol trije foarstellingen fan meitsje. Sa ûntstie it idee om in trijelûk te ûntwikkeljen en ús in seizoen lang dwaande te hâlden mei de dynamyk fan de fanfare en de driuwfear fan de minsken dy’t deryn spylje. Foar ús stiet de fanfare foar wat grutters, nammentlik de krêft fan de mienskip en it belang om mei elkoar wat weardefols te ûndernimmen.”  

By alle trije foarstellingen spylje (leden fan) Fryske fanfarekorpsen mei. De foarstellingen binne los fan elkoar te besjen. Ynblaze spilet him ôf by de repetysje fan in korps; yn Thúsblaze komst yn Fryske húskeamers yn de kunde mei in personaazje út de slotfoarstelling. De grutte lokaasjefoarstelling Fanfare spilet yn de iepen loft, mei it doarp Easterlittens as dekôr.

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is 3_Logo_Colour_Frisian_L.pngDeze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NL-Medegefinancierd-door-de-Europese-Unie_POS-1920x344.jpgLogo Provincie Fryslan

It Fanfare-trijelûk makket diel út fan it projekt phōnē, stipe troch de Europese Unie. It projekt is in gearwurking tusken Europeeske teäterselskippen dy’t wurkje mei minderheidstalen. Om Fanfare hinne is der útienrinnende útwikseling mei ynternasjonale partijen.

Tryater set stappen yn duorsumheid en is dêrom sûnich mei drukwurk. By Fanfare is it programmaboekje digitaal; krigest by dyn besyk dus gjin papier mear yn hannen. It is in digitaal magazine, mei eins folle mear romte foar ynformaasje en ferdjipping. En foar moaie foto’s en sels fideo’s. Thús al trochlêze kin fia ûndersteande button.


In podcast yn trije dielen by it Fanfare-trijelûk fan Tryater, mei de foarstellings Ynblaze, Thúsblaze en Fanfare.

De Fanfarepodcast is makke troch Eline van Diggelen foar Tryater, mei tank oan de muzikanten dy’t hjiryn harren ferhalen dielden.

Produksje en research: Eline van Diggelen
Muzyk: Laurens van der Meulen
Voice-over: Lourens van den Akker
Einmiks: Gido Bamboe
Einredaksje: Jannie van der Veen en Johannes Keekstra

1. It blaasferhaal fan Johannes

Johannes blaast al sûnt 1949 by Ons Genoegen yn Marsum. Ien jier hat er dêr oerslaan moatten en dat wie dreech.

‘By it earste konsert dat ik werom wie haw ik allinne mar gûld…’

Klik hjir om de podcast te belústerjen

2. It blaasferhaal fan Walda en Julia

Walda en Julia, mem en dochter út Gerkeskleaster, blaze tegearre by Blaast de Bazuin Surhústerfean en Excelsior Grijpskerk.

‘Ik dacht: ik doe ertoe.’

Klik hjir om de podcast te belústerjen

3. It blaasferhaal fan Marte

Marte blaast by Wilhelmina Easterein.

’As ik yn myn gefoel opsletten sit, pak ik myn ynstrumint en komt it frij.’

Klik hjir om de podcast te belústerjen

De Fanfaremonologen

Yn it ramt fan Tryater Rûnom – aktiviteiten mei kreative Friezen omtrint ien fan ús foarstellings – wurken útienrinnende skriuwers in teätermonolooch út op basis fan in ynterview dat sy hiene mei fanfaremuzikanten. Hjirfoar organisearre Tryater skriuwworksjops yn eigen gebou. De monologen binne ynsprutsen troch Nynke Heeg, Peter Sijbenga en Hein Jaap Hilarides; opname en montaazje troch Gido Bamboe, rezjy Johannes Keekstra, portretten troch Lucas Kemper. It konsept is fan Sytse Jansma.

De Fanfaremonologen heart by it Fanfare-trijelûk fan Tryater, mei de foarstellings Ynblaze, Thúsblaze en Fanfare. Njonken De Fanfaremonologen ferskynt ek De Fanfarepodcast fan makker Eline van Diggelen, mei ferdjipjende ynterviews mei muzikanten.

Petra Zijlstra – Bugel
Fanfare Wilhelmina Easterein
Muzykstik: St. Florian choral, Thomas Doss
Skriuwer monolooch: Christa Niklewicz

‘Dat wie wat, koffers mei ynstruminten skommeljend fan skip op sloep…’ 

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Hessel Santema – Bugel
Fanfare Wilhelmina Easterein
Muzykstik: St. Florian choral, Thomas Doss
Skriuwer monolooch: Christa Niklewicz

‘It ritme kloppet en dochs hjir en der in skeve line.’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Douwe Krol – Trombone
Brassband Blaast de Bazuin Nij Altoenae
Muzykstik: The song of liberation, Jacob de Haan
Skriuwer monolooch: Ydwine van der Veen

‘Myn jongste is mij finaal ferbij blaasd.’

Harkje no fia Spotify

Frans de Haan – Euphonium
Fanfare Excelsior Schraard
Muzykstik: Resurgam, Eric Ball
Skriuwer monolooch: Lara Kool

‘Sa lang as ik kin, bliuw ik eufoanium spyljen. Wol fjouwer oktaven!’

Harkje no fia Spotify

Klaziena van der Zee – Trombone
Jouster Fanfare Orkest
Muzykstik: Not before Time, Philip Sparke
Skriuwer monolooch: Alwien de Boer

‘Ik krij pikefel wannear’t alles kloppet, alles yn elkoar falt.’

Harkje no op Spotify

Kleis van der Zee – Trompet
Jouster Fanfare Orkest
Muzykstik: Not before Time, Philip Sparke
Skriuwer monolooch: Elly de Leeuw

‘Ik dream derfan om fan myn hobby myn berop te meitsjen.’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Marijke Rozema – Bugel
Fanfare Melodia Wijckel
Muzykstik: Arsenal, Jan van der Roost
Skriuwer monolooch: Marije de Lange

‘Ik ha in hekel oan solo’s, ik hoech net sa nedich foaroan te stean.’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Arnout Rozema – Slagwerk
Fanfare Melodia Wijckel
Muzykstik: Radar Love, Golden Earring
Skriuwer monolooch: Robin Bodde

‘Er ligt al maanden zó’n laag stof op m’n elektrisch drumstel…’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Yldou Rozema – Bugel
Fanfare Melodia Wijckel
Muzykstik: Conquest of Paradise, Vangelis
Skriuwer monolooch: Jeannette Boskma

‘Troch it helpen komst ek wat fierder yn it wrâldsje, hen?’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Ytsje Hoekstra – Bugel
Fanfare Harmonie Weidum
Muzykstik: Heart of Lithuania, Jacob de Haan
Skriuwer monolooch: Gertrud Palstra

‘Der is mear op ‘e wrâld as in korps. Toch?’

Harkje no fia Soundcloud of Spotify

Line Atsma – Althoorn
Brassband Blaast de Bazuin Surhuisterveen
Muzykstik: Richmond, Thomas Haweis
Skriuwer monolooch: Tamara Feddema

‘It lytse famke yn my siket Pake.’

Harkje no op Spotify


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Fanfare, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!


SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Fanfare is rolstoeltagonklik. Der is in rolstoeltoilet oanwêzich.
  • Min rinne kinne: Foar besikers dy’t min rinne kinne is der beheind parkearromte neist de spyllokaasje.

STIPE FOAR MINSKEN DY’T MIN HEARRE

  • Ringlieding: By Fanfare is foar minsken dy’t min hearre in ringlieding (in triedleas hulpsysteem) beskikber. Der is in ûntfanger/luisterhulp (dy’tst om ‘e nekke hingje kinst) mei of sûnder koptelefoan beskikber. Kinst ek dyn eigen koptelefoan (headset) meinimme.
  • Ringlieding méi gehoarapparaat: De ringlieding is te brûken mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
  • Ringlieding sûnder gehoarapparaat: Kinst min hearre mar hast gjin gehoarapparaat? Ek dan kinst de ringlieding brûke mei de ûntfanger/luisterhulp yn kombinaasje mei in headset.
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses by alle foarstellingen fan 1 juny ôf.

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge by alle foarstellingen fan 7 juny ôf.
  • Blindengeleidehûnen binne wolkom.

DE RIJ FOARBY (foar prikkelgefoelige minsken)

Bisto prikkelgefoelich of is der in oare reden datst behoefte hast oan mear rêst? Mei de Voorbij de Rij ferklearring kinst de wachtrij oerslaan en fuortendaliks nei de tribune.

  1. Printsje de ynfolde Voorbij de Rij verklaring en nim dizze mei.
  2. Rin de rij foarby en lit de ferklearring sjen oan de meiwurker dy’t de kaarten scant.
  3. Gean troch nei de servicebaly, dêr’t in meiwurker fan Tryater dy fierder helpt. Meist dan alfêst plaknimme op de tribune sadatst dy yn alle rêst tariede kinst op de foarstelling. Fan in kertier foar oanfang ôf giet de tribune iepen foar de rest fan it publyk.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • Nederlandse ondertiteling: aanwezig via een lichtkrant.
  • English subtitles: available (smart glasses) with the shows from June 1 and further. Choose the ’ticket + smart glasses’

Meitsje dyn jûn by Fanfare yn Easterlittens kompleet en yt yn it foar in hapke mei! By Herbergh Het Wapen van Friesland én by it Paviljoen fan Camping It Krúswetter kinst foarôfgeand oan de foarstelling genietsje fan in hearlik Fanfare-menu. Reserveare dochst rjochtstreeks by de Herbergh of by it Paviljoen.

Herbergh Het Wapen van Friesland
It Plein 2
8835 XB Easterlittens
Reserveare of fragen?
Belje 0517-342996 of mail nei info@hetwapenvanfriesland.nl
Trije-gongen Fanfare-(keuze)menu á € 32,50

Paviljoen It Krúswetter
Skrinserdyk 10
8835 XE Easterlittens
Reserveare of fragen?
Belje 0517-341040 of mail nei info@it-kruswetter.nl
Trije-gongen Fanfare-(keuze)menu á € 32,50

Let op: As de foarstelling fanwegen it waar op it lêste momint spitigernôch net trochgean kin, dan giet it diner wól gewoan troch.

Wolst sliepen bliuwe yn Easterlittens dan kinst telâne by Camping It Krúswetter, De camping beskikt oer in appartemint, hotelpods, stacaravans, kampeerpods en blokhutten foar in ûntspannen ferbliuw oan it wetter.

Fansels kinst ek dyn eigen tinte meinimme. Der binne sa’n 40 romme kampeerplakken beskikber. De camping seit in ûnderfining fan rust, romte en frijheid ta. Hjir genietest op in rustike en oangename wize fan kampearen, omjûn troch natuerlike pracht. Foar dyjingen dy’t dochs even kontakt meitsje wolle mei de bûtenwrâld, is der de mooglikheid om mei de eigen laptop op de kampearfjilden te ynternetsjen.

Camping It Krúswetter
Skrinserdyk 10
8835 XE Easterlittens
Reserveare of fragen?
Belje 0517-341040 of mail nei info@it-kruswetter.nl

 
Knappe, volle locatievoorstelling rondom de microkosmos die fanfare heet
Theaterkrant
De fanfare spilet altyd troch: Tryater jout moai byld fan it spyljen by in doarpskorps
Leeuwarder Courant
 
Fanfare fan Tryater: it gehiel is mear as de som fan 'e dielen
Omrop Fryslân
 
Fanfare: it korps spilet altyd troch yn de mienskip
Friesch Dagblad
 
Tryaters 'Fanfare' op de ijsbaan in Easterlittens: dorp heeft de spelers omarmd
Leeuwarder Courant
 
Locatievoorstelling Fanfare: ‘De fanfare spilet altyd troch’
Klankwijzer
 
Gelegenheidsfanfare Tryater staat in de startblokken, gastvrouw Ytsje stelt huiskamer graag beschikbaar voor 'Thúsblaze'
Leeuwarder Courant
 
Tryater speelt 'Fanfare', niet de film maar een locatieproject over Friese hafabra-cultuur
Leeuwarder Courant

Kredits

Brecht Wassenaar
Joop Wittermans
Rop Verheijen
Eva Meijering
Lourens van den Akker
Nynke Heeg
Rixt Siderius (stage)
Klaske Smid (stage)
Oane Marten van der Veen (stage)
Tatiana Pratley
Aukje Schaafsma
Sjoeke-Marije Wallendal
Wessel de Vries
Laurens van der Meulen
Maarten Bos
Hanne Pierrot
Mathilde van der Hoop
Afke Manshanden
Gerwin de Vries
Spul Brecht Wassenaar, Joop Wittermans, Rop Verheijen, Eva Meijering, Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Rixt Siderius (stage), Klaske Smid (stage), Oane Marten van der Veen (stage) | Konsept en regy Tatiana Pratley | Regy Aukje Schaafsma | Einregy Sjoeke-Marije Wallendal | Tekst Wessel de Vries | Muzyk Laurens van der Meulen | Dramaturgy Maarten Bos | Kostúms Hanne Pierrot, Mathilde van der Hoop | Senografy Afke Manshanden | Regyassistint Gerwin de Vries | Repetitor fanfare Wilbert Zwier, Tjeerd Barkmeijer | Muzikanten fanfare Boukje Nienke Abma, Jettie Andringa, Jelle Beks, Akke Blom, Sanne Boersma, Jan Bootsma, Jantine Born, Maarten Bos, Wybren van Breeden, Francisca te Bück, Anky Dijkstra, Marije van der Eems, Gerwin Elzinga, Julia Geertsma, Dirk Hilarides, Ytsje Hoekstra, Jelly Hoekstra - van der Wal, Jenny Hof, Froukje Jansen, Korry Jongsma, Natasja Kalmeijer, Ineke Kalteren, Douwe Kamperman, Marwin Koopmans, Jantine Kurpershoek, Julia Overal, Thomas Paulusma, Trude Postmus, Botsje Pranger Koopmans, Friso Rietstra, Jitske Schmitz, Jente Sjoerd Seffinga, Jantine Spoor, Pauline Veldhuis, Suzanne Versteeg, Marlies Voogd, Sandra de Vries, Paulus de Wit, Ineke Wittermans, Jetske Woudstra, Elske Woudstra | stazjêr technyk en foarmjouwing Renske van der Ree | Mei tank oan Ria Fennema, Jeanette Valkema | Mei mooglik makke troch Leeuwarder Ondernemers Fonds, Van der Glas Muziekinstrumenten & Musicbox |

Fanfare

 

Programmaboekje

Digitaal magazine Fanfare

lês mear

Fanfarepodcast

In podcast yn trije dielen makke troch Eline van Diggelen

lês mear

Fanfaremonologen

Teätermonologen op basis fan ynterviews mei fanfaremuzikanten

lês mear

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy't har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Fanfaremenu

Meitsje dyn jûn by Fanfare yn Easterlittens kompleet en yt yn it foar in hapke mei!

lês mear

Sliepe

Bliuw sliepen yn in appartemint, hotelpod, stacaravan, kampeerpod of blokhut of nim dyn eigen tinte mei.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado