Yn de Krystfakânsje te sjen foar elkenien fan 8 oant 108 by Tryater yn eigen hûs
Anwar en de wolf is in byldzjende en muzikale fertelling oer grinzen, foar elkenien fan 8 oant 108 jier. Yn de krystfakânsje wurdt it Tryatergebou omtsjoend ta in mearke-eftich en grinsleas plak. By alle útfieringen is foar jong en âld wat oars te sjen, iten en belibjen. Harkje nei live-muzyk út ferskate kultueren, genietsje fan de wrâldkeuken, lear animearjen as yn de foarstelling en kom mei teeseremoanjes yn ynternasjonale sfearen, yn de gesellich en mystyk foarmjûne foyer.
Anwar is in jonge dy’t al in skoft troch Europa swalket, op syk nei in skûlplak. Op in jûn stiet er ynienen each yn each mei in hongerige wolf. Om himsels te rêden, begjint Anwar de wolf ferhalen te fertellen. Oer syn thús, syn reis en oer syn famylje. De benammen Nederlânsktalige foarstelling lit ek Frysk, Arabysk en oare talen hearre, mar is foar elkenien tagonklik en begryplik. Sa is der bygelyks Nederlânske en Ingelske ûndertiteling beskikber fia smart glasses.
Yn ûndersteand animaasjefilmke sjochst it ferhaal fan Anwar & de Wolf.
Tryater siket mei Anwar en de Wolf nei de grinzen tusken taal, muzyk en byld. Yn dizze multydissiplinêre foarstelling (language no problem) fertelle in akteur, in muzikant en in performende byldzjend keunstner mei-inoar it ferhaal fan de jonge Anwar dy’t syn thúslân ferlitten hat.
Rûnom Anwar Fansels kinst allinnich de foarstelling yn ús teäterseal sjen. Mar kom nei ôfrin gerêst harkjen, priuwen en learen yn’e foyer. Der is live-muzyk, der binne hapkes of komplete diners en de kreativeling kin meidwaan oan in workshop animaasje. It programma ferskilt per spyldatum. Wurdst altyd gastfrij ûntfongen troch minsken mei ferskate eftergrûnen. Wolst mei-ite, animearje of oan alles priuwe? Sjoch dan nei it blokkenskema en bestel dyn ticket foar dyn favorite datum!
Nederlânske en Ingelske ûndertiteling beskikber fia smart glasses
Tagonklikheid Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing. Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Anwar en de wolf. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Anwar en de wolf, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Tryater 60 Tryater bestiet sechstich jier; wy fiere dit it hiele teäterseizoen 2025 -2026! Mei ús publyk, jong of âld, trouwe besikers of foar it earst by ús. Yn de krystfakânsje spilet as ûnderdiel fan ús jubileumprogramma de suksesfolle skoallefoarstelling Anwar en de wolf yn eigen gebou, foar elkenien fan 8 oant 108 jier âld.
Reprise fan de suksesfolle, oandwaanlike skoallefoarstelling út 2025. Bist dosint of wurksum yn de keunst – en kultuermenu’s? Klik dan hjir foar ynformaasje en lesmateriaal oer de skoallefoarstelling Anwar en de Wolf dy’t spilet fan 2 maart o/m 17 april 2026 foar basisskoallen yn Fryslân.
Publyksreaksjes
Lia Kruis, leerkracht groep 5/6 CBS Simon Havinga Sneek: “De voorstelling (en tevens) première Anwar en de Wolf was werkelijk prachtig! De kinderen hebben vanaf het begin tot het eind van de voorstelling geboeid (en muisstil!) zitten kijken en luisteren. Een super groot compliment voor de spelers en de mensen achter de schermen dat ze op deze wijze zo’n verhaal zo beeldend en boeiend neer kunnen zetten. Het was spannend, grappig, muzikaal, taalrijk en ontroerend..De kinderen zaten heel dicht/ bijna óp het podium en konden zodoende alles goed zien en meebeleven.”
Daan Valkhof, Programmeur & Marketeer Het Nationale Theater Den Haag: “Net Anwar en de wolf gezien, echt schitterend hoe de jongen en de wolf in een gelijksoortige situatie zich begeven. Een mooie spiegel voor iedereen die kijkt en alleen nog maar “de ander” kan zien. Een mooie, kleine en intieme voorstelling, die met deze qua thematiek en meertaligheid helemaal in Den Haag past.”
Leerkrachten Taalschool Leeuwarden: “We hebben genoten van de voorstelling. De kinderen waren goed voorbereid en dat was heel fijn. In mijn groep was er niemand die er verdrietig vandaan kwam. Ze vonden dat ‘de moeder’ zo mooi kon zingen, de gitaar van de wolf was cool en Anwar had heel mooi gespeeld. In onze klas hebben we n.a.v. de voorstelling stripverhalen getekend over ‘Anwar en de Wolf, ‘je eigen verhaal (hoe ben je hier gekomen)’ of een verzonnen verhaal van gelijke strekking. Hier werd serieus aan gewerkt en er kwamen verschillende verhalen los. Mooi om dat samen te kunnen doen.”
“De kinderen hebben er erg van genoten, zowel van het spel als de projectie op de muur. De kleinschalige setting, waarin de mogelijkheid om achteraf met de acteurs te praten, maakte ook dat de kinderen onder de indruk waren. Ze vonden het erg bijzonder dat deze mogelijkheid er was. De herkenning van de eigen taal was erg mooi om te zien.”
Gearwurking Yn de suksesfolle, útferkochte skoalletoer yn 2025 spile Anwar en de Wolf foar nijkommers-klassen en reguliere klassen yn de provinsje Fryslân en by Het Nationale Theater yn Den Haag. Yn de tarieding nei de foarstelling en it edukaasjemateriaal om de foarstelling hinne wurken wy gear mei ferskate organisaasjes lykas it Centraal Orgaan opvang asielzoekers, nijkommers-skoallen en Sedrana Leeuwarden (multykulturele hûskeamer fan it projekt ‘Onze Familie’). Ek yn de reprize fan de skoalletoer yn 2026 wolle wy de mooglikheid kreëarje om nijkommers-klassen en reguliere klassen by inoar te bringen mei keunst en teäter.
Anwar en de wolf wurdt mei mooglik makke troch:
Rûnom Anwar Fansels kinst allinnich de foarstelling yn ús teäterseal sjen. Mar kom gerêst harkjen, priuwen en learen yn’e foyer. Der is live-muzyk, der binne hapkes of komplete diners en de kreativeling kin meidwaan oan in workshop animaasje. It programma ferskilt per spyldatum. Wurdst altyd gastfrij ûntfongen troch minsken mei ferskate eftergrûnen. Wolst mei-ite, animearje of oan alles priuwe? Bestel dyn ticket foar dyn favorite datum!
Gasthear foyer: Gassan Zaoor Workshop animaasje: Eva Lenis Foarmjouwing foyer: Anne Brouwer Muzyk: Arezoo, Amarins Woltring & bewenners COA Snits Gearwurkingen: COA, Stjoer en oaren
Hast alle aktiviteiten binne frij tagongklik en binne nei ôfrin fan de foarstelling. Mar fansels bist ek foarôf wolkom foar in drankje yn ús sfearfol ynrjochte foyer. Foar de Yalda- en Mezze-middei en de Surinaamske en Oekraïenske jûn is it needsaaklik om te reservearjen. Dat dochst hjir
Meitsje dyn jûn of middei by Anwar en de wolfkompleet en yt in hapke mei! Skow oan foar ferskillende smaken út de wrâldkeuken!
Priis (ekskl. drankjes): € 7,50 p.p.
Wannear: 21, 23, 28 en 30 desimber
Kombinaasje fan fleis- en fegetaryske gerjochten
Allergyen: Hast allergyen of spesjale winsken, jou dit dan troch fia kaarten@tryater.nl
21 desimber | 16:30-17:45 UTFERKOCHT Yalda Middei – In Iraanse fiering fan ljocht, iten en poëzij
Untdek de magy fan Yalda, in iuwenâlde Perzyske tradysje dy’t alle jierren yn ‘e nacht fan 20 op 21 desimber fierd wurdt. Yn dizze langste nacht fan it jier komme famylje en freonen by-inoar om it tsjuster troch te kommen mei iten, ferhalen en poëzij – en it weomkommende ljocht wolkom te hjitten. Us Yalda Middei bringt dizze bysûndere sfear ta libben. De iterstafel wurdt feestlik fersierd mei reade aksinten en symboalen fan waarmte, lykas granaatappels en ferskate swietichheden. Wylst we genietsje fan tradisjonele Iraanske gerjochten, wurdt poëzij foardroegen: in fêst ûnderdiel fan de Yalda-tradysje. Lit dy meifiere troch de smaken, kleuren en lûden fan dizze iuwenâlde fiering en ûnderfyn tegeare mei ús de krêft fan ferbining en ljocht op de Yalda Middei.
23 desimber | 18:00-19:15 UTFERKOCHT Surinaamske jûn
Sjef/koki Dionne Rozenblad makket dizze jûn in feestlik miel dat folslein past by de Surinaamske tradysjes om it ein fan it jier hinne. Mei kryst en âld en nij komme yn in soad Surinaamske húshâldens de geuren en smaken fan Nederlânske klassikers likegoed as Surinaamske favoriten by-inoar. Oaljekoeken, pom, pyk út ‘e oven en riis, bygelyks. Foar dizze bysûndere jûn servearret Dionne in tradisjonele pastei mei riis, hinnefleis en grienten, mei dêrby in ferfrissend en alkoholfrij gemberbierke.
28 desimber| 16:30-17:30 Mezze Middei – rike smaken fan it Middellânske Seegebiet
Mezze is in samling fan lytse, smaakfolle gerjochten dy’t mei-inoar servearre wurde: perfekt om te dielen. Kinst it ferlykje mei Spaanske tapas, mar dan mei in twist út it Midden-Easten en it eastlike Middellânske Seegebiet. Dizze manier fan iten is benammen populêr yn lannen as Libanon, Grikelân, Turkije, Syrië, Israël en Egypte. Lit dy ferrasse troch it ferskaat oan smaken, krûden en kleuren dy’t mei elkoar de hertlike en gastfrije ytkultuer fan dizze regio ta libben bringe. Reservearje dyn plak en genietsje mei-inoar fan dizze hearlike reis troch de mediterrane keuken!
30 desimber | 18:00–19:15 UTFERKOCHT Oekraÿnske jûn
Yn Oekraïne is de winter in feestlike perioade fol waarmte, tradysjes en gearkommen. De feestdagen begjinne mei Kryst, folge troch Nijjier, en einigje mei it Feest fan it Hillige Wetter (Driekoningen). Elts fan dizze dagen hat syn eigen gerjochten, rituëlen en gebrûken. Op krystjûn geane minsken ferklaaid by de doarren del om lietsjes te sjongen, en mei âld en nij ferskine de mytyske figueren Heity Froast en it Sniefamke om it nije jier binnen te heljen. Op dizze jûn kinst genietsje fan tradisjonele Oekraÿnske gerjochten, harkest nei muzyk en dielst ferhalen mei elkoar oer dizze bysûndere winterfeesten. Belibje de waarmte fan de Oekraÿnske winter oan tafel. Reservearje dyn plak en fier mei!
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Anwar en de wolf, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.
Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!
SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?
Rolstoelplakken beskikber: Anwar en de wolf is rolstoeltagonklik.
AUDITIVE STIPE
By Anwar en de wolf is Roger gehoorondersteuning (Phonak) beskikber foar minsken dy’t min hearre yn de foarm fan in mobile ûntfanger dy’t wurket as ringlieding. De Roger gehoorondersteuning is op twa ferskillende wizen te brûken: – Mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand* en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp. – Mei in koptelefoan. Wy ha koptelefoans beskikber mar it is ek mooglik om in eigen koptelefoan (net triedleas) oan te sluten.
Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses.
*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.
FISUELE STIPE
Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge.
Meet and feel: Ast in kaartsje mei audiodeskripsje bestellest, biede wy foarôf de mooglikheid om in ‘meet and feel’ te belibjen, wêrby’tst it dekôr ferkenne kinst en kunde meitsje kinst mei de spilers.
Helphûnen binne wolkom.
ONDERTITELING
Nederlandse ondertiteling: is aanwezig via smart glasses.
English subtitles: Available (smart glasses).
ALGEMIEN
MIVA-toiletten: Der is in MIVA-toilet oanwêzich.
Kredits
Nick Renzo Garcia
Klaske Oenema
Harmen Ridderbos
Tamara Schoppert
Herman van de Wijdeven
Dinanda Luttikhedde
Mathilde van der Hoop
Spul Nick Renzo Garcia |
Perfoarmende byldzjende keunst Klaske Oenema |
Muzyk Harmen Ridderbos |
Regy Tamara Schoppert |
Tekst Herman van de Wijdeven |
Konsept & dramaturgy Dinanda Luttikhedde |
Foarmjouwing en kostúm Mathilde van der Hoop |
Ljochtûntwerp Sytske de Graaf |
Lûdsûntwerp Gido Bamboe |
Edukaasje Jannie van der Veen, Anne Zijlstra |
Kampanjebyld Tryntsje Nauta |
Mei mooglik makke troch VSB Fonds |
Kom gerêst harkjen, priuwen en learen. Der is live-muzyk, der binne hapkes of komplete diners en de kreativeling kin meidwaan oan in workshop animaasje
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Wy brûke funksjonele en analytyske cookies foar optimalisaasje en statistiken. As jo gjin tastimming jouwe of jo tastimming ynlûke, kin dit bepaalde funksjes en opsjes op dizze webside negatyf beynfloedzje.
Klik hjirûnder om tastimming te jaan oan it boppesteande of meitsje spesifike karren. Jo karren wurde allinich tapast op dizze side. Jo kinne jo ynstellings op elk momint feroarje, ynklusyf it ynlûken fan jo tastimming, troch de skeakels te brûken op it Cookiebeleid, of troch te klikken op de knop tastimming beheare ûnderoan it skerm.
Functioneel
Always active
Funksjonele cookies soargje derfoar dat bepaalde dielen fan 'e side goed wurkje en dat jo brûkersfoarkarren bekend bliuwe. Wy kinne dizze cookies pleatse sûnder jo tastimming.
Voorkeuren
De technische opslag of toegang is noodzakelijk voor het legitieme doel voorkeuren op te slaan die niet door de abonnee of gebruiker zijn aangevraagd.
Statistieken
De technische opslag of toegang die uitsluitend voor statistische doeleinden wordt gebruikt.De technyske opslach of tagong dy't allinich brûkt wurdt foar anonime statistyske doelen. Sûnder in dagvaarding, frijwillige neilibjen fan 'e kant fan jo ynternettsjinstferliener, of oanfoljende records fan in tredde partij, kin ynformaasje opslein of ophelle foar dit doel allinich net normaal brûkt wurde om jo te identifisearjen.
Marketing
De technische opslag of toegang is nodig om gebruikersprofielen op te stellen voor het verzenden van reclame, of om de gebruiker op een site of over verschillende sites te volgen voor soortgelijke marketingdoeleinden.