Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Mear as teater: Tryater Rûnom

04 11 2019

Tryater spilet teaterfoarstellingen, mar wy sykje ek nei oare mominten om mei it publyk fan gedachten te wikseljen. We ha de aktiviteiten om de foarstellingen hinne bondele yn Tryater Rûnom.

Under dizze titel sykje we de minsken rûnom yn Fryslân op om it petear oan te gean, te fertellen oer of aktyf oan ’e gong te gean (lykas workshops) mei in tal ûnderwerpen út ferskillende ynfalshoeken wei. Dat kinne tema’s wêze dy’t nei foaren komme yn ús foarstellingen, mar it it kin ek in ûnderwerp om ús hinne of út de maatskippij wêze, los fan de foarstelling. We wurkje dêrby gear mei ûnder oaren lokale ynstellingen en inisjativen, eksperts, teatermakkers, minsken út it ûnderwiis, ûnderfiningsdeskundigen, oerheden en toanielferieningen.

Dêr komme ferskillende aktiviteiten út wei. In foarbyld is it momint foarôfgeand oan de foarstelling yn Theater Sneek. Dêr organisearje we pakjesjûn mei snert en sûkelarjemolke, dêr’t we minsken foar útnûgje dy’t graach Sinteklaas fiere wolle. En nei Raze om protters yn De Harmonie is der in neipetear mei de makkers oer hoe’t se harren ferdjippe hawwe yn it ûnderwerp, mei minsken út de soarch.

Om Raze om protters hinne binne in tal aktiviteiten organisearre, dy’t oanslute op it tema fan de foarstelling. De ûndersteande aktiviteiten binne yntusken bekend. Hâld de website yn ‘e gaten foar it wiidweidige programma.

8 NOV Neipetear yn MFC It Maskelyn yn Hurdegaryp
10 NOV Ynspiraasjemiddei oer Autisme & mantelsoarch yn De Skoalle Eastermar >> Klik hjir foar mear ynformaasje.
12 NOV Skriuwsesje >> Klik hjir foar mear ynformaasje.
15 NOV Ferhalejûn
16 NOV Neipetear yn Doarpshûs yn Achlum.
24 NOV Oan Tafel mei ‘3 perspectieven-menu’ Lewinski Snits >> Klik hjir foar mear ynformaasje.
3 DES Neipetear yn De Harmonie yn Ljouwert
4 DES Pakjesjûn Theater Sneek

Foar mear ynformaasje oer Tryater Rûnom en boppesteand programma, kinst kontakt opnimme mei Jojanneke Braam: j.braam@tryater.nl.

Tryater Rûnom is mei mooglik makke troch it BankGiro Loterij Fonds.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado