Tryater Rûnom: Skriuwe mei en foar fergetten groep

Tryater Rûnom: skriuwworksjop + foarstellingsbesite

Argyf
De skriuwsesje is op tiisdei 12 novimber fan 19.30 – 21.30 oere by Tryater. Skriuwe is yn dizze sesje in middel om de oar kennen te learen.

Wêr moatst hinne ast net meikomme kinst yn it hurde bestean fan tsjinwurdich en ast bygelyks net yn in gewoan bedriuw wurkje kinst? Is der noch plak en romte foar harren? Dêr oer giet de nije teaterfoarstelling ‘Raze om protters’ fan Tryater. De ‘fergetten groep’, dy’t by instellingen as Caparis wurket of gjin passend wurk fine kin, kriget it yn ús maatskippij hieltyd swierder en ferdwynt miskien wol út it strjittebyld at der net op let wurdt.

Skriuwe is yn dizze sesje in middel om de oar kennen te learen. We sille yn petear mei lju út dizze ‘fergetten groep’ en skriuwe harren ferhalen op yn ‘e foarm fan in monolooch. Skriuwe yn in sosjale setting dus, mei romte foar ûndersyk en eksperimint yn taal en meartalichheid.

Wolst meidwaan? Jou dy dan op. Do giest dan nei de foarstelling ‘Raze om protters’ op freedtejûn 8 novimber yn Hurdegaryp. De skriuwsesje is op tiisdei 12 novimber fan 19.30 – 21.30 oere by Tryater. Dizze komby kostet €15,50 de dielnimmer. Do kinst dy oanmelde by Sytse Jansma s.jansma@tryater.nl. Wês der gau by, der is in maksimum oantal dielnimmers.

Oare foarstellingen

Raze om protters

Tryater Rûnom ‘Aan Tafel’ bij Lewinski