Tryater Rûnom ‘Aan Tafel’ by Lewinski

In ynspiraasjemiddei oer de fraach: wa soarget foar wa?

Argyf
Tryater giet op 'e nij 'Aan Tafel' yn kulinèr debatkafé Lewinski yn Snits. Sko oan en gean yn petear mei û.o. Stella van Gent, Han Sterk, Eelco Venema, Raymond Muller en Aly Bruinsma.

In ynspiraasjemiddei oer de fraach: wa soarget foar wa?

Wannear: snein 24 novimber, ynrin fan 15.00 oere ôf, start programma 15.30 oere
Kosten: € 23,50 ynklusyf borrelhapke, diner en dessert
Wêr: Lewinski Culinair Podium, Waterhoenstraat 2, 8602 AC Snits
Petearlieding: sjoernaliste Kirsten van Santen

In goed fold programma mei teatermakkers, profesjonals yn de soarch en erfaringsdeskundigen, ûnder it genot fan in hearlik miel en muzyk.

Op 4 desimber spilet Tryater de foarstelling Raze om protters yn Theater Sneek.  In tragi-komyske foarstelling oer minsken dy’t harren net sjoen of heard fiele yn de maatskippij. Foarôfgeand hjiroan en ynspirearre op it tema fan de foarstelling, organisearret Tryater op 24 novimber in ‘Aan Tafel bij Lewinski’. Ûnder it genot fan lekker iten fan Barry geane we by elke gong fan in oar perspektyf út yn op de fraach ‘Wa soarget foar wa?’

Mei û.o. in fragmint út de foarstelling Raze om protters, skriuwer en regisseur Eelco Venema en akteurs Raymond Muller en Aly Bruinsma, wethâlder fan (û.o.) arbeidspartisipaasje en sosjale saken foar de gemeente Súdwest Fryslân, Stella van Gent en Han Sterk fan Stichting Aangepast Zeilen Sneek.

Dizze aktiviteit is ûnderdiel fan Tryater Rûnom. 
Tryater spilet teaterfoarstellingen mar we sykje ek nei oare mominten om mei it publyk fan gedachten te wisseljen en elkoar better kennen te learen. Ûnder de titel Tryater Rûnom sykje we de minsken oeral yn Fryslân op om it petear oan te gean, te fertellen oer of aktyf dwaande te gean (sa as worksjops) mei in oantal ûnderwerpen fan ferskillende ynfalshoeken út. Dat kinne tema’s wêze dy’t nei foaren komme yn ús foarstellingen, mar it kin ek in ûnderwerp wêze om ús hinne of út de maatskippij, los fan de foarstelling. We wurkje dêrby gear mei ûnder oaren lokale ynstellingen en ynisjativen, eksperts, teatermakkers, minsken út it ûnderwiis, erfaringsdeskundigen, oerheden en toanielferieningen.

Oare foarstellingen

Raze om protters