Loading...

"It gefoel fan Astrid Lindgren"

17 12 2019

“Everything great that ever happened in this world happened first in somebody’s imagination.”

(Astrid Lindgren, uit dankwoord na ontvangst van de Hans Christian Andersenprijs in 1958)

TROCH NINA THUNNISSEN – DRAMATURG TRYATER

De wrâldferneamde skriuwster Astrid Lindgren (1907 – 2002) groeide op yn it idyllyske Sweedske doarpke Näs. Lindgren skreau op jonge leeftiid al ferhalen, mar debutearre net earder as berneboekeskriuwster yn 1944. Sy wie doe 37 jier en benammen drok mei de soarch foar har twa bern. Yn 1945 bruts Lindgren troch mei Pippi Langkous, beasearre op in ferhaal dat se foar har dochter betocht.

Pippi Langkous wie in revolúsjonêr wurk foar dy tiid. Foar dy tiid hienen Sweedske berneboeken foaral in pedagogysk doel. Se wienen faak sterk moralistysk. Lindgren kaam op foar in hiel oar soarte fan jeugdliteratuer. Sy pleite foar in respektfolle oanpak fan it bern, troch syn gefoelens en langstme serieus te nimmen. Yn Lindgren har ferbyldingsrike boeken wurdt de belibbingswrâld fan bern fan binnenút beskreaun, sûnder folwoeksen kommentaar. Weromkommende tema’s binne it ferlet fan freonskip, loyaliteit en leafde. Lindgren har wurk is dêrom universeel en tiidleas.

Al tal fan generaasjes yn Nederlân hawwe Lindgren har sterke, gekke en fleurige personaazjes omearme. Elkenien ken Pippie, Ronja en de bruorren Liuwehert. Folle minder bekend is Karlsson fan it dak (Karlsson ferskynde yn in rige fan trije boeken, oarspornklik yn 1955, 1962 en 1968). Dat is opmerklik, want yn oare lannen is dizze atypyske held hiel populêr. Yn Ruslân is Karlsson sels bekender as Pippi! Tryater lit it publyk yn de kunde komme mei Karlsson en syn jonge freontsje Erik, foar it earst yn de Nederlânske teaterskiednis.

Karlsson is in lyts, grou mantsje mei in propeller op de rêch. Hy kin fleane as de bêste en wennet yn in lyts hûske op it dak, ergens yn Stockholm. Karlsson wurdt ek wol de manlike Pippi neamd: hy is krekt sa unyk en eigenwiis as sy. Karlsson docht wat Karlsson wol. Net ien hâldt him tsjin, want afmylje en freonen liket er net te hawwen. Karlsson is o sa wis fan himsels, soms yrritant, kiezzich en opskepperich, mar ek hiel grappich. Karlsson spilet op in net nei te folgjen wize mei taal en arguminten. It is hast ûnfoarstelber dat er echt bestiet… Op in dei fljocht Karlsson binnen by de jonge, bleue Erik. Erik syn deagewoane libbentsje sil dêrnei noait mear itselde wêze.

In soad fan Lindgren har ferhalen striele de waarmte en it burgenwêzen út dy’t se yn har betide jeugd field hat. Tagelyk sprekt út har oeuvre de driuw nei aventoer en frijheid. Sûnder ferbylding is it libben kleurleas, liket Lindgren sizze te wollen. Sy jout har personaazjes de moed en krêft om har eigen paad te kiezen, krekt as sysels die. Ek Karlsson fan it dak befettet dizze kombinaasje fan eleminten, du’t it ferhaal ûnwjersteanber meitsje foar jong en âld.

Astrid Lindgren waard yn 1907 as Astrid Ericsson berne yn it Súd-Sweedske Smaland. Mei har âlden, broer, suskes en it personiel wenne se op in readskildere pleats. Sy moast faak meihelpe op it lân, mar koe ek útlitten boartsje yn dizze prachtige boere-omjouwing. “Wy boarten sa yntinsyf dat it in wûnder is dat we it oerlibbe hawwe”, skreau se letter oer dizze perioade. Lindgren stie yn har jeugd bekend as rebelsk. Sy mocht graach op stap gean en dûnsje en knipte har hier koart, neffens de lêste moade.

Op 18-jierrige leeftiid kaam ynienen in ein oan Lindgren har lokkige jeugd, doe’t se net pland swier rekke. De heit fan har bûtenechtlike bern joech lieding oan de pleatslike krante dêr’t Lindgren foar skreau. Unkonvinsjoneel as se wie, keas Lindgren derfoar om net mei dizze man te trouwen.

Om doarpsrabberijen te mijen, ferhuze se nei Stockholm en brocht har bûtenechtlike soantsje ûnder by in pleechmem yn Denemarken. Nei har houlik mei Sture Lindgren koe se soan Lasse yn hûs nimme. Mei de berte fan dochter Karin wie it famyljegelok kompleet.

Mei troch dit foarfal hat Lindgren yn har boeken altyd omtinken foar it bernlike ferlet fan feilichheid en burgenwêzen. Tagelyk binne tal fan de personaazjes yn har boeken like ûnkonvinsjoneel en aventoerlik as sy. Krekt as Lindgren boartsje en fantasearje se oft har libben derfan ôfhinget.

Lindgren har karriêre as berneboekenskriuwster naam in flecht doe’t har bern al wat âlder wienen. Nei it ferskinen fan Pippi Langkous wie Lindgren op slach ferneamd.

Yn de jieren ’40 en ’50 produsearre se in hiel soad berneboeken y nde moarnsoeren. Middeis wurke se as berneboekeredakteur foar har útjouwerij. Dêrneist fûn se tiid om te reizgjen en har op alderhanne wizen polityk út te sprekken. Lindgren wie noait benaud om har miening te jaan.

Yn 1992 kundige Lindgren oan dat se ophâlde mei skriuwen, om’t har eagen te min waarden. Tsien jier letter stoar se yn de âldens fan 94 jier yn har appartemint yn Stockholm.

Nijs

08 11 2023

Slagge presintaasjedei Tryater, Het Houten Huis en Peergroup

Op moandei 6 novimber 2023 wie alwer de tredde edysje fan de presintaasjedei foar it primêr ûnderwiis: “Een sterk staaltje…

01 11 2023

Waarmrinne foar Foekje Dillema

We meitsje plannen foar in reizgjende teäterfoarstelling oer atlete Foekje Dillema út Boerum. Hja makke yn ‘e jierren ’50 namme…

25 10 2023

TRYATER SIKET : PRODUKSJEMEIWURKER TAGONKLIKHEID (PROJEKTBASIS)

Tryater wol gastfrij en foar elkenien wêze en sette al grutte stappen om de foarstellingen foar minsken mei in fysike,…

09 10 2023

Recensie: Sa lang as wy blaze: alle emoasjes - Leeuwarder Courant

In gewoane repetysjejûn foar fanfare Wilhelmina Easterein. Dat is it unike dekôr foar de premjêre fanYnblaze, it earste diel fan…

09 10 2023

RECENSIE: BRECHT WASSENAAR SOLEERT OP INDRUKWEKKENDE WIJZE IN 'YNBLAZE' - FRIESCH DAGBLAD

,,Er is er één bij die zestig kilometer moet rijden om hier te komen spelen, bij deze fanfare. Altijd op…

05 10 2023

Jeugdteäterfestival Het Avontuur 2023 | 26 & 27 OKT DE EIK WAS HIER (6+)

Om’t it in grut sukses wie, komt jeugdteäterfestival Het Avontuur dizze hjerstfakânsje werom nei De Harmonie! Fan 26 o/m 29…

04 10 2023

Tryater siket sprekkers fan Fryske taalfarianten

Foar in communityprojekt oer taal siket Tryater minsken fan ferskaat plûmaazje dy’t in Fryske streektaal behearskje en dêr fan jannewaris…

18 09 2023

Oer in pear wiken spilet ús suksesfolle jongerefoarstelling Flam (14+) wer!  

Flam is in oangripende klassefoarstelling oer leafde en freonskip, en alles dêr tuskenyn. In foarstelling dy’t oer pine oan dyn hert,…

14 09 2023

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS 

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze.  In unike gearwurking…

27 07 2023

Wolkom by Uit in Huis

Sneon 9 septimber iepenje de kulturele ynstellingen yn Ljouwert it nije seizoen mei it evenemint Uit in Huis. Fansels docht…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado