Yn ien klap twa priiswinners yn 'e hûs
11 11 2025
It jubileum fan Tryater – dat syn sechstichste jierdei it hiele teäterseizoen fiert – is ynienen noch feestliker: Swimbad-aktrise Joke Tjalsma en de Tryater-dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy sleepten respektyflik in Sineeske en in Noard-Nederlânske priis yn de wacht.
Noorderkroon foar Tryater-dokumintêre
Op it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert fan ôfrûne wykein, naam dokumintêremakker Murk-Jaep van der Schaaf de Noorderkroon foar bêste dokumintêre yn ûntfangst. Hy makke it twalûk Yn myn dreamen hear ik dy as FryslânDOK foar NPO 2 en Omrop Fryslân, oer it Europeeske gearwurkingsferbân Phone dêr’t Tryater oant en mei ein 2024 ûnderdiel fan wie. Snein waard de dokumintêrefilm keazen ta bêste dokumintêre út Fryslân, Grinslân en Drinte, nei’t it koartlyn krekt njonken de PRIX Europa grypte, in wichtige ynternasjonale priis.
‘Best performance’ foar Swimbad-aktrise
Joke Tjalsma, tsjin de simmer te sjen yn de grutte lokaasjefoarstelling Swimbad van Tryater, wûn yn it achttjinde Sineeske Ynternasjonale Bernefilmfestival de priis foar ‘ Best Performance by an Adult Actor ’ yn de film Superkrachten voor je hoofd fan Haegens Media. De film is op it stuit te sjen op Prime Video. Tjalsma spile by Tryater earder yn ûnder oare Part-Time Paradise.
Weromsjen en foarút sjen
De dokumintêre Yn myn dreamen hear ik dy is werom te sjen op NPO Start. Tryater-foarstelling Swimbad spilet yn maaie en juny, as grutste ôfsluter fan it jubileumseizoen, yn en om it iepenloftswimbad fan Bakkefean. Joke Tjalsma spilet hjiryn de haadrol. De kaartferkeap foar Swimbad set op 1 desimber útein.
Tryater 60 jier
It teäterseizoen 2025-2026 fiert Tryater, oprjochte op 7 septimber 1965, syn sechstichjierrich bestean. Mei ûnder oare it jubileumboek Tryater spilet, fia útjouwerij Afûk oeral te krijen. Yn septimber en oktober luts jubileumfoarstelling Twa minuten foar oanfang lâns de Fryske skouboargen. Folgjende feest is de famyljefoarstelling Anwar en de wolf, dy’t mei alderhande râneaktiviteiten foar alle leeftiden yn de krystfakânsje te belibjen is yn it eigen Tryater-gebou. Fia it Ienakterfestival yn maart en ferskate skoalfoarstellingen slút de lokaasjefoarstelling Swimbad it feestlike seizoen ôf.