Tryater hjit nije saaklik direkteur wolkom
15 04 2026
Ruthger Zijlstra (36) út Ljouwert is op 1 july saaklik direkteur-bestjoerder fan Frysk teäterselskip Tryater. Hy folget Valentijn Fit op, dy’t koartlyn nei tsien jier ôfskied naam.
Hjirmei krijt artistyk direkteur Tatiana Pratley foar it earst sûnt har start yn 2020 in nije kollega yn de direksje. Foardat Zijlstra de funksje definityf beset, is der in oanrinperioade fan oardel moanne. Oeds Bijlsma, betûft bestjoerder dy’t de rol fan 1 maart oant 1 july waarnimt, wurket him tegearre mei de kollega’s fan Tryater yn. De nije saaklik direkteur is fûn nei in yntinsive sollisitaasjeperioade, nei’t foargonger Fit ein 2025 oanjoech nije wegen ferkenne te wollen. Zijlstra is yn gearspraak mei de organisaasje oansteld troch de Rie fan Tafersjoch, mei boargemaster Avine Fokkens-Kelder fan gemeente Hearrenfean as foarsitter.
Fan bankêre nei kulturele wrâld
Ruthger Zijlstra komt út it bankwêzen, dêr’t er him tweintich jier lang ûntwikkele, úteinlik managementrollen ferfolle en regiodirekteur wie. Tagelyk is syn leafde foar de kulturele sektor en foar Fryslân grut, wat him ûnder mear útet yn syn sitting yn de Rie fan Tafersjoch fan poppoadium Neushoorn en syn foarsitterskip fan it Pasveerkorps. Ek ynteressearret er him sterk foar it (amateur)teäter yn syn provinsje. Zijlstra: ‘Ik meitsje in bewuste kar om de grutte oerstap fan de bankêre nei de kulturele wrâld te meitsjen: ik wol al myn ûnderfining en myn saaklike antinne posityf ynsette yn in fjild dat my minstens sa goed leit. Doe’t ik ferline jier heit waard, sette ik in stap tebek en tocht nei oer wat ik woe. De fakatuere kaam foar my op it allerbêste stuit foarby en ik woe dit mei beide hannen oangripe.’
De Rie fan Tafersjoch gie net oer ien nacht iis foar de beneaming, seit Avine Fokkens-Kelder: ‘Het aanbod op de vacature was interessant. Aan de sollicitaties was te zien wat er aan kwaliteiten rondloopt, overigens niet alleen in Fryslân. Blijkbaar heeft Tryater aantrekkingskracht op uiteenlopende soorten mensen met zakelijke ervaring. Fijn dat we een talent binnengehaald hebben. We kunnen nu met vernieuwde energie Tryater verder brengen.’
Frisse koers
Artistyk direkteur Pratley is entûsjast oer de komst fan har nije saaklike evenknie: ‘Fansels moat Ruthger de kulturele sektor noch kennen leare en dogge wy de dingen grif oars as dat er wend is, mar de passy spat der by him fan ôf. Us blik hat altyd foarút rjochte west: we sille no mei-inoar in frisse koers útsette.’
– Credits foto: Annelies Visser