Loading...
Foekje
9 Apr O/M 22 Jun’25

Foekje

Nije perspektiven op it ferhaal fan de Fryske hurddraafleginde

Foekje Dillema, ‘de Friese stoomwals’ út Boerum. Ein jierren ’40 ferplettere se út it neat wei har konkurrinsje yn it ynternasjonale hurdrinsirkwy. Yn 1950 soe se as grutte kânshawwer dielnimme oan it EK yn Frankryk. Mar dêr kaam it net fan: der waard twivele oft de flugge plattelânske wol in frou wie. De krekt ynfierde seksetest wegere se. Foekje waard foar it libben skrast. Har olympyske dream yn de knop brutsen. Oer dit yngripende libbensbarren swijde se oant har dea ta. Wie dat út skamte? Ut grutskens? Of ferset? Moatte wy dan ek swije?

Foto van Foekje Dillema
Foto: Nationaal Archief

De foarstelling Foekje is in muzikale, emosjonele rekonstruksje fan Foekje har libben. Ferskate personaazjes besykje bleat te lizzen wat Foekje ús hjoed-de-dei te fertellen hat. Hoe is it om útsletten te wurden om wa’st bist, yn de sport en yn ‘e maatskippij? En wat seit har ferhaal oer ús, oer wa’t wy binne?  

Yn gymsealen troch hiel Fryslân fiere we Foekje har eksplosiviteit, fearkrêft en ûnfersetlikheid. 

  • Foekje is foar it grutste part Frysktalich. Nederlânske ûndetiteling is oanwêzich
  • Tagongsprizen: € 22,50 (regulier), € 19,50 (Freonen fan Tryater), € 16,50 (Jong o/m 25 jr)
  • De kaartferkeap foar Foekje set útein fan 1 july 2024 ôf
Afbeelding met iconen voor toegankelijkheid

Tagonklikheid
Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de tagonklikheid fan Foekje. Wolst (ien fan) de mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.


Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

Hjirûnder hawwe wy alles foar dy op in rige set. Wolst (ien fan) de ûndersteande mooglikheden brûke by Foekje, kies dan de juste kaartsoart by it bestellen.

Let op! Ast witte litst datst komst, dan kinne wy mei spesifike winsken rekken hâlde. Stjoer dan in mailtsje nei Hilly Kronemeijer. Ek ast fragen hast oer tagonklikheid en/of mear mear ynformaasje, wolst. Sy helpt dy graach fierder. We tinke graach mei dy mei oer hoe’t we foar dy teäter tagonklik meitsje kinne!

SITST YN IN ROLSTOEL EN/OF KINST MIN RINNE?

  • Rolstoelplakken beskikber: Foekje is rolstoeltagonklik.

STIPE FOAR MINSKEN DY’T MIN HEARRE

  • RingliedingBy Foekje is foar minsken dy’t min hearre in ringlieding (in triedleas hulpsysteem) beskikber. Der is in ûntfanger/luisterhulp (dy’tst om ‘e nekke hingje kinst) mei of sûnder koptelefoan beskikber. Kinst ek dyn eigen koptelefoan (headset) meinimme.
  • Ringlieding méi gehoarapparaat: De ringlieding is te brûken mei dyn eigen gehoarapparaat mei in T- of MT-stand en CI (cochleair implantaat) yn kombinaasje mei de ûntfanger/luisterhulp.
  • Ringlieding sûnder gehoarapparaat: Kinst min hearre mar hast gjin gehoarapparaat? Ek dan kinst de ringlieding brûke mei de ûntfanger/luisterhulp yn kombinaasje mei in headset.
  • ODS/SDH Ondertiteling: Der is ODS (ondertiteling doven en slechthorenden) beskikber fia smart glasses 
  • Tolk Nederlandse gebarentaal: Der is in tolk Nederlandse gebarentaal beskikber fia smart glasses

*Ringlieding en T- of MT-stand: In gehoarapparaat kin in ‘luisterspoelprogramma’ ha (T- of MT-stand). Skeakelje de T- of MT-stand yn en it gehoarapparaat kin de signalen fan de ringlieding ûntfange. Nim by fragen oer dyn gehoarapparaat en de oanwêzichheid fan de T- of MT-stand, kontakt op mei dyn hearspesjalist. Tryater brûkt foar de ringlieding it Phonak-Roger-systeem foar teäters.

FISUELE STIPE

  • Audiodeskripsje: Beskikber foar bline minsken of minsken dy’t min sjogge.
  • Blindengeleidehûnen binne wolkom.

LANGUAGE NO PROBLEM

  • Nederlandse ondertiteling: aanwezig via een lichtkrant.
  • English subtitles: available (smart glasses)

Kredits

Lourens van den Akker
Nynke Heeg
Spul Lourens van den Akker, Nynke Heeg, Caroline Mgata, Stijn Schootstra | Regy Jos van Kan | Tekst Kees Roorda | Foarmjouwing Jan Ros | Ljochtûntwerp Bart Schurer |

Foekje

 

Tagonklikheid

Tryater fynt it wichtich om sa tagonklik mooglik te wêzen foar elkenien. We wurkje hjirfoar gear mei ferskillende organisaasjes dy’t har ynsette foar in ynklusive teäterbelibbing.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado