Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Foar, op en nei Explore the North: HOMSK

09 11 2016

So Happy Together fan HOMSK spilet as satellyt fan Tryater foar, op en nei Explore the North yn de loads fan it Tryatergebou oan de Oostersingel 70 yn Ljouwert.
Kaarten binne te keap op www.explorethenorth.nl. 

So Happy Together fan HOMSK is in tsjustere keukenkomeedzje oer it troude pear Cas & Dorien. It publyk krijt in yntime ynkyk yn it wol en benammen wee fan har relaasje. Yn in letterlike striid sykje se nei in manier om tichter by elkoar te kommen of krekt los te litten. So Happy Together toant de absurde wrâld fan in ûntspoarde relaasje en stelt lûdop de fraach oft ivichduorjende leafde überhaupt bestean kin. So Happy Together giet yn premjêre op festival Explore the North.

De kommende edysje fan Explore the North is op freed 25 en sneon 26 novimber yn de binnenstêd fan Ljouwert, mei Neushoorn as nagelnij festivalhert. Ferdwaal yn en bedwelmje dysels mei it bysûndere programma op unike lokaasjes. De kaartferkeap is al begûn.

Op Explore the North is in ferkoarte ferzje te sjen fan de foarstelling, dêrbûten de folle lingte.

Tekst: Eelco Venema
Regy: Thomas van Ek
Spul: Marjolein Ley en Eelco Venema
Muzyk: Douwe Dijkstra
Dramaturgy: Inés Sauer
Foarmjouwing: Sarah Nixon
Ljochtûntwerp: Sanne Hensen
Technyk: Aart Laferte
Visuals: Sjoerd van der Veen
Fotografy/film: Johanneke Dijkstra

Oer HOMSK:

HOMSK is oprjochte troch akteur/teatermakker Eelco Venema. HOMSK makket foarstellingen út eigen repertoire wei, skreaun ticht op de eigen hûd. Ferwachtsje fysyk teater, poëtyske en absurdistyske teksten mei in rau rantsje, muzyk, dûns en yllúzjonisme. HOMSK spilet it leafst teater op lokaasje foar in lyts publyk. De akteurs spylje ticht op it publyk en steane garant foar in yntinse en yntime teaterbelibbing. In weromkommend tema yn it wurk fan Eelco Venema is ‘befrijing’. Befrijing fan in pine, in wûne út it ferline of de befrijing fan de banaliteit fan it deistige. Yn de stikken fan HOMSK is altyd de hope en it langstme nei dy befrijing oanwêzich. It is dy hope, dy’t ús treast jout, likegoed as makker en as taskôger. Parallel oan de foarstellingen wurdt materiaal ûntwikkele yn ferskate keunstdissiplines (fotografy, film, muzyk) dy’t de totaalbelibbing fan de úteinlike foarstelling fersterkje moatte. Ek wurde spulworkshops oanbean út de tematyk en de spylstyl wei, dy’t HOMSK oanhinget.

Oer Explore the North:

Froast op klomphichte, dauwe op lege wasklinen, iisblommen op it rút. De winter slacht hurd ta yn it histoaryske hert fan Ljouwert. Tiid foar in festival dêr’t de inerlike minske him oan waarmje kin! Explore the North is werom yn Ljouwert en brûkt de binnenstêd as prachtige list foar de bêste skriuwers, muzikanten, dûnsers en akteurs. Keunstners en artysten fan fier fuort, fan om de hoeke, mar leaver noch in kombinaasje fan beide, komme nei Ljouwert om har keunsten te fertoanen en nij wurk te meitsjen. Oan jo de taak om yn dit spinreach fan steechjes en literatuer, fan tsjerkjes en muzyk, it rjochte paad te ferlitten.

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado