Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Fabelkrêft yn Sweden

16 03 2017

Tryater is fan 12 t/m 21 maart op ‘e nij gast yn Sweden, yn de provinsje Västerbottens,  om de jeugdfoarstelling Fabelkrêft te spyljen foar bern fan 6 jier ôf. De measte foarstellingen spylje op de basisskoallen.

 

De bân mei dit gebiet yn Sweden is 2 jier lyn lein, doe’t der kontakt ûntstie yn it ramt fan Umeå Kulturele Haadstêd, wat grutte oanbelanget fergelykber mei Ljouwert. It wie foar Tryater in moaie kâns om yn in oar lân, yn in soartgelike omjouwing, te sjen hoefier’t de (byld)taal fan in teaterfoarstelling universeel wêze kin en hoe’t der troch dy taal ferbining socht wurde kin. De funksje fan de mienskip yn dizze streek is te fergelykjen mei de sitewaasje yn Fryslân en dat makket dat de wize fan wurkjen fan Tryater, tichtby de minsken en harren ferhalen, harren oansprekt. Ek de ekspertize fan Tryater op it mêd fan jeugdteater en edukaasje, wurdt tige wurdearre yn Sweden. Foar Angelica Johansson, kultuerkonsulint fan Umeå, reden om ús op ‘e nij te freegjen om spyljen te kommen. Dizze kear yn totaal 13 kear yn Umeå, Vännäs, Åsele en Vilhelmina. De foarstelling wurdt Ingelstalich spile, mei hjir en dêr Sweedske sinnen.

Regisseur Tamara Schoppert betoch it konsept foar dizze foarstelling: in beweechlike foarstelling, dêr’t de ûnútputlike krêft fan de fantasy it lichem útdaget en se mekoar ûnderling foar de gek hâlde. Prachtige, tsjinoerstelde krêften dy’t belicheme wurde troch Michaël Bloos en Tijs Huys.

 

De makkers dringe fan de earste minút fan de foarstelling ôf de wrâld fan de bern binnen. De bern balânsearje tidens it sjen allegeduerigen tusken werklikheid en fantasy. Se identifisearje harren mei it krêftige of just mei it fantasyrike personaazje. Dizze stellingname fan it jonge publyk ferriket de tematyk fan de foarstelling. Net foar neat is dizze foarstelling nominearre foar de Zapp Theaterprijs.

 

 

It jeugdteater nimt in wichtich plak yn by Tryater: Jierliks sjogge sawat 10.000 bern foarstellingen ús selskip.

 

 

Folgje de aventoeren fan Tijs, Michaël en technikus Jan fia de Facebookside fan Tryater.

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado