Loading...
Edukaasje

Fuortset ûnderwiis

Tryater bringt foarstellingen yn de middelbere skoalklasse, ticht op de hûd fan jongeren. Sa fernimst folle mear dat keunst oer dy en dyn omjouwing giet. Want oan in akteur dy’t op mar in pear meter ôfstân sjongt, tutet, dreamt of yn lilkens útbarst, falt net te ûntkommen.

Regisseur Wieke ten Cate makket rauwe, earlike en poëtyske foarstellingen foar yn de klasse. Se gean oer identiteitsfoarming, it yndividu tsjinoer it kollektyf, ‘maakbaarheid’ tsjinoer ‘pech’. Wurdst útnûge om dy te ferpleatsen yn it perspektyf fan de ‘underdog’. Mei sterke werkenbere skripts, hiele goede akteurs en muzyk lit Wieke jongeren stilstean by har posysje yn de wrâld. 

We biede dêrneist workshops oan; dat kin ek op maat foar dyn klasse! In foarstelling en/of workshop boeke? Of ús meitinke litte oer wat it bêste past? Nim kontakt op! 

Fêst workshop oanbod

Fluch regele: gun dyn learlingen in momint fol spylwille en kreativiteit. Sjoch hjirboppe by ús oanbod, meitsje in kar en nim kontakt mei ús op. Hast fragen? Wy helpe om te kiezen. We hjitte dy alfêst fan herte wolkom yn ús gebou.

In blik achter de skermen

In blik achter de skermen

Genietsje mei de learlingen fan in boeiende rûnlieding achter de skermen fan Tryater. Rin troch de klaaikeamers, de kostúmsouder en de…

lês mear
Teater, hoe wurket dat?

Teater, hoe wurket dat?

Yn ús teaterseal sleutelje learlingen sels in sêne yn inoar. Mei ljocht, lûd, dekôr, kostúm, regy en spul. Geskikt foar…

lês mear

Workshops op maat

Wolst mear dwaan mei teater? Teater ferbine oan oare fakken? Wolst dyn learlingen ûnderdompelje litte yn de wrâld fan keunst en kultuer, mar hast dêr noch gjin konkreet plan foar? Wy tinke graach mei dy mei, der kin faak mear ast tinkst!

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado