Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Dizze maaitiid yn it ramt fan Ira's trije "lêsten" as artistyk direkteur

28 01 2020

De kommende moannen stiet it programma grôtfol mei moaie produksjes! Trije foarstellingen binne dizze maitiid fan de hân fan Ira Judkovskaja. It binne dêrmei ek “de lêsten” dy’t se regissearret as artistyk direkteur fan Tryater. Wat kinst ferwachtsje? Wy fertelle dy hjir alfêst wat.

BREIDZJE (4+) | ti 18 + wo 19 febrewaris

Op tiisdei 18 en woansdei 19 febrewaris, yn de foarjiersfakânsje, is by Tryater de beukerfoarstelling Breidzje te sjen. In foarstelling oer ferwûnderje. Oer groeie en grutter wurde. Oer neitinke oer letter en weromsjen op hoe’t it earst wie. Oer leare, sels útfine, feroarje. Yn de foarstelling spylje Romke Gabe Draaijer en Brecht Wassenaar tusken it wol. Breidzje is ideaal foar bern om foar it earst yn de kunde te kommen mei teater! Kaarten binne op dizze side te bestellen.

Brecht Wassenaar yn de foarstelling Breidzje

TRIJE SUSTERS | fr 28 febrewaris o/m sn 4 april

Oan de hân fan Tsjechov syn Drie Zusters meitsje akteurs Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar ûnder lieding fan Ira har eigen fertolking en sykje nei de ferbining mei dizze fiktive personaazjes, út in oare tijd, út in oar lân, dy’t fier fan ús ôf lykje te stean. Nei it (wer)lêzen koenen se harsels hieltyd mear werom yn de personaazjes en har dilemma’s as tweintigers en tritigers, de grutte takomstdreamen, ambysjes, en tagelyk de ûnwennigens nei ûnberêtheid.

Mei inoar ûndersiken sy wat Tsjechov ús nei 118 nei it útbringen fan it stik noch te fertellen hat. Wat binne de oerienkomsten tusken ús, as generaasje jonge Friezen en de jonge minsken út de Russyske provinsje, 118 jier lyn?

Brecht, Eline, Raymond, Romke en Sjoerd foarmden mei Ira yn 2017 ‘De Prutsers’ en se makkenstoe’t de ymprovisaasjefoarstelling Elkenien is yn prutser. Trije jier letter binne dizze Prutsers wer byinoar, allegearre trije jier âlder, mei in dielde fassinaasje foar de Russyske Anton Tsjechov dy’t syn tiid fier foarút like.

Trije Susters is fan 28 febrewaris oant en mei 4 april te sjen yn kafees yn hiel Fryslân. Sjoch op dizze side foar alle plakken, spyldata en kaarten!

Scènefoto út Elkenien is in prutser mei Eline, Brecht, Romke, Raymond en Sjoerd (2017)

1000&1 NACHT | wo 13 maaie o/m sn 6 juny

As lêste liede we teaterseizoen 19/20 út mei in foarstelling op in hiel bysûndere lokaasje mei muzyk fan Beppe Costa! Ynspirearre op de ferhalen fan tûzen-en-ien-nacht, bringe wy bysûndere fertellingen fan Sheherazade (Brecht Wassenaar), dy’t elke jûn oan de dea wit te ûntkommen troch in moai ferhaal te fertellen oan de moardsuchtige kening. Yn in tinte, op de eardere jiskebult yn Ljouwert, begjint se har ferhalen as de sinne ûndergiet.

De foarstelling giet op 15 maaie yn premjêre. Hâld ús social media en webside yn de gaten!

Folgje ús ek op Instagram en Facebook
Yn sawol Breidzje, Trije Susters as 1000&1 Nacht spylje akteurs Romke Gabe Draaijer en Brecht Wassenaar. Se sille tegearre ferslach dwaan fan de repetysjes en ûntjouwingen achter de skermen fan dizze foarstellingen fia de stories op Instagram en Facebook, folgje ús fansels ek en sjoch hoe’t der backstage om en ta giet!

Nijs

Afbeelding van een koorddanser uit Abe! 04 07 2025

Tryater ûntfangt subsydzje Provinsje Fryslân

Op freedtemoarn 4 july waard bekend hoe’t provinsje Fryslân it subsydzje oan kulturele ynstellingen foar de perioade 2026-2028 ferdielt. Fryslân…

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado