Trije Susters

Wat hat Tsjechov ús 118 jier letter noch te fertellen?

Argyf
Alle foarstellingen geane net troch yfm de maatregels oangeande it coronavirus.

LIVESTREAM FAN DE PRUTSERS OP FACEBOOK

Alle foarstellingen fan Trije Susters spile troch De Prutsers geane net troch, mar De Prutsers binne kreatyf en fernimstich. Se ha der gjin sin oan om op ‘e bank te sitten. Dêrom geane se alle foarstellingsdagen dat Trije Susters spylje soe op Facebook LIVE online!

Ien fan De Prutsers sil dan in monolooch, gedachte of ‘wat’ diele. In koart in momintsje, elkoar moetsje en in teatrale ûnderfining , mar dan online. Foar De Prutsers in lyts ûndersykje (lês: gegriem), dêr ‘t elkenien LIVE diel fan út meitsje kin .

Hjirûnder de Livestream data en tiden fan De Prutsers op Facebook.

Klik hjir foar de link nei de De Prutser Facebookpagina.

 



De Prutsers pakke dizze kear in besteand stik, Trije Susters fan Anton Tsjechov en sy fregen harren ôf: Wat hat Tsjechov ús nei 118 jier noch te fertellen?’

De spilers en Ira makken in fertolking fan de tematyk út it stik en belûke dat op harren sels. Want yn in tiid dêr’t yn it teater hieltyd faker wierbarde ferhalen sjen litten wurde, sykje de Prutsers op transparante wize nei de ferbining mei fiktive personaazjes – út in oare tiid, út in oar lân – dy’t fier fan ús ôf lykje te stean.

Ira skode it stik nei de fiif oare prutsers ta, om’t it neffens Ira oer harren giet. Nei it (nochris) lêzen werkenden de spilers – allegear om de 30 hinne – harren sels hieltyd mear yn de personaazjes en de tweintigers-/tritigers-dilemma’s, harren takomstdreamen, ambysjes en langstme nei domdrystens.

Mei Ira ûndersykje sy wat Tsjechov ús 118 jier nei út útbringen fan it stik noch te fertellen hat. Wat binne de oerienkomsten tusken dizze generaasje Friezen en de jonge minsken út de Russyske perioade, 118 jier lyn.

De fiif akteurs foarmen mei Ira yn 2017 de ‘Prutsers’ en makken de ymprovisaasjefoarstelling Elkenien is in prutser. Trije jier letter binne se wer by mekoar, allegear trije jier âlder, mei in dielde fassinaasje foar de Russyske Anton Tsjechov dy’t syn tiid fier foarút like te wêzen.

Trije Susters is in meartalige foarstelling (Frysk, Nederlânsk en Liwwadders. It is de twadde fan it trijelûk dat Ira Judkovskaja ta ôfskied by Tryater regissearret. De beukerfoarstelling Breidzje wie de earste. De tredde en grutste foarstelling is 1000&1 Nacht, dy’t op 15 maaie op lokaasje yn Ljouwert yn premjêre giet.


De foarstelling waard makke troch Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Ira Judkovskaja, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar

Te sjen fan 28 febrewaris o/m 4 april yn kafees rûnom yn Fryslân.

Sjoerd Blom
Romke Gabe Draaijer
Raymond_Muller Raymond Muller
Eline de Vries
Brecht Wassenaar
Ira-Judkovskaja Ira Judkovskaja

Parse

"Niet alleen de drie zusters denken na over hun betekenis in het leven van anderen, maar ze trekken ook expliciet existentiële conclusies in deze ‘Trije Susters’. Onder andere dat we het levensgeluk wellicht dichterbij moeten zoeken, in plaats van ver weg. Een simpel biertje in een kroeg dat verbindt, uitnodigt en tot vreugde stemt is daarom een perfecte setting voor een voorstelling die ertoe doet."

— Friesch Dagblad - 13 maart 2020

"Trije Susters is in feite een voortdurend theatraal onderzoek. Leidraad is de tekst van Tsjechov -verder staat alles open en moeten de acteurs alert zijn op hun eigen emoties en op die van hun medespelers. Dat levert, in ieder geval donderdag in dorpskroeg Het Graauwe Paard in Oudebildtzijl, intens spel op.” "

— Leeuwarder Courant - 7 maart 2020

"Friese toekomstdromen in ‘Trije Susters’"

— Friesch Dagblad - 5 maart 2020

Oare foarstellingen

1000&1 Nacht

Breidzje (4+)