Loading...

De wearde fan TRYTHIS?! – Daan van Gent

20 06 2017
TRYTHIS?! | Tryater | Daan van Gent

DAAN VAN GENT

‘EIkenien is hjir gelyk’

Hy wurket sûnt twa jier as hûsmaster by Tryater. Of ‘floormanager’, sa’t er sels leaver seit. Yn it TRYTHIS?!projekt liet er syn kollega’s bewust in hiele oare kant fan himsels sjen: Daan van Gent.

‘Doe’t TRYTHIS?! foarby kaam, fûn ik it fuort hiel nijsgjirrich: sa koe ik net allinne jonge minsken treffe, mar ek mei makkers fan hjir wurkje. Want neist myn wurksumheden as hûsmaster spylje ik sels ek. Ik folge yn Amsterdam de teateroplieding oan De Trap en dêrnei bin ik foar de leafde nei Fryslân kommen.

Yn 2015 die ik foar it earst mei oan TRYTHIS?! Under regy fan Tim Verbeek makken we in foarstelling basearre op Heimwee nei Hurdegaryp (in foarstelling fan Tryater). Ofrûne jier die ik op ’e nij mei ûnder regy fan Tim en Karel Hermans. Dizze kear wie ús presintaasje ferbûn oan De Wierheid fan Wylgeragea.

Wat makke datst in twadde kear meidien hast?
‘By de earste foarstelling spilen we oer saken fan eartiids en ús jeugdoantinkens. Wat ik hiel nijsgjirrich fûn, is datst echt hiel djip giest. Yn dyn eigen oantinkens, mar ek op it mêd fan spyljen. Dat komt hiel bot by elkoar. Dat makke it foar my in hiel nijsgjirrich projekt om oan mei te wurkjen.’

Wat hat de wearde fan TRYTHIS?! foar dy west?
‘De wearde siet deryn dat ik mysels op in oare wize sjen litte koe, oan kollega’s en oan publyk. Wa’t ik as persoan bin en wat ik noch mear doch útsein kofje skinke. Dat fûn ik wol belangryk foar it teamferbân en ek foar mysels. En dêrneist it moetsjen fan minsken fan deselde leeftiid dy’t de passy foar teater diele.’

Hast dingen leard yn it projekt?
‘Ja, ik ha leard om nei it non-ferbale hâlden en dragen fan minsken te sjen. Nei de eagen en de hâlding. Dêr kinst ien mei ‘lêze’. Troch it projekt learst elkoar hoe dan ek op in oare wize kennen. Soms komst dingen te witten dy’tst hielendal net by ien ferwachte hiest. Ik hâld dêrfan. Faak is it by produksjes sa dat it kontakt op in stuit ferwetteret. By Tryater is dat net sa. It skept in soarte fan bân dy’t trochgiet nei it projekt.

Fierder ha ik ûntdutsen dat ik my gefoelich en kwetsber opstelle kin nei oaren ta. Ik kin in goed lústerjend ear biede oan in groep. Dat joech my ek de befêstiging dat ik bêst goed yn in groep lis.

Hoe is it om as groep sa’n stik te meitsjen?
‘Foaral de earste kear wie der in hiele fijne ferbining as groep. Earst kenst elkoar fansels hielendal net. Mar geandewei praatst oer de ûnderfiningen en gefoelens fan elkoar en dan kinst nei elkoar ta groeie. We kamen wolris by elkoar thús oer de flier. Of we gienen allegear nei it repetearjen noch even de stêd yn foar in pilske of wyntsje. Foar my persoanlik wie dat wol in mearwearde.

Dat sosjale is ek wat Tryater mei elkoar ferbynt. It is in plak dêr’t elkenien by elkoar komt dy’t ferbûn is oan it selskip. Elkenien is hjir gelyk. Moarns allegear gesellich kofjedrinke, altyd mei in brede glimlaits. It is hjir altyd elkenien mei elkoar. Dat skûlet yn alles dat fan Tryater is, ek yn dit projekt. Dêrom fyn ik it belangryk dat it der is.’

Wat is foar dy it ‘TRYTHIS?!-gefoel’?
‘Op in hiele feilige, fijne en gave manier ferbûn wêze oan it selskip Tryater.’

 

MARIT DE WEERD

 

Nijs

07 02 2023

WY DOGGE MEI! HELP PAKE EN BEPPE DE FAKÂNSJE TROCH 2023 & FABELKRÊFT (4+)

Help Pake & Beppe de Fakânsje Troch: it leukste famylje-uitje yn de foarjiersfakânsje! Fan 28 febrewaris o/m 3 maart 2023…

01 02 2023

Masterclass: foardragen foar skriuwers

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje dizze maitiid in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t…

01 02 2023

Resinsje Bingo: in pearel fan in foarstelling oer earmoed

De foarstelling Bingo mei Tamara Schoppert giet yn ‘e reprize. Moai! Bingo is in pearel fan in foarstelling. Oer earmoed.…

30 01 2023

RECENSIE: BINGO! ALS METAFOOR VOOR HET LEVEN

Natuurlijk weten we met zijn allen dat het geen standaard bingoavond gaat worden, hier in Dorpshuis ‘De Bining’ in het…

25 01 2023

De lift is pleatst!

It betsjut in grutte stap foarút yn ús gastfrijheid, mei tank oan in hiel soad donateurs! Einliks kinne we al…

18 01 2023

'BINGO!' TAMARA SCHOPPERT SPILET 'HYPERREALISTYSK' STIK MEI BINGOKAARTSJES EN AL.

Soms ha minsken net iens troch dat Tamara Schoppert toaniel spilet, yn Bingo! ,,Dat is in goed teken.” Dizze foarstelling…

22 12 2022

Weromsjen mei Tryater 2022

It jier 2022 wie in jier dêr’t in soad yn barde, fol toaniel, muzyk en gekkichheid. Koroana koe ús net…

21 12 2022

Krystboadskip: Fjoer en Ferbining

De krysttiid is in tiid om werom te sjen. Wat nimme we mei en wat wolle we leaver achter ús…

15 12 2022

Tryater maakt met 'Flam' seksualiteit bespreekbaar op scholen

Seksualiteit is een belangrijk onderwerp voor jongeren en toch lijkt het op veel middelbare scholen nog altijd een afwezig thema.…

21 11 2022

Stap op de Rode Loper! met veel aandacht voor de Friese taal en cultuur

Na de succesvolle eerste editie komt het landelijk taal- en leesproject weer naar Leeuwarden. Bijna 1.000 Friese vmbo’ers en hun…

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado