Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Beweechfiguranten socht!

02 02 2022

Dizze maitiid spilet de foarstelling Under Wetter yn Wergea en op Oerol. Tryater wurket yntinsyf gear mei dûnsselskip Ivgi&Greben oan dizze grutskalige lokaasjeproduksje. Njonken de profesjonele spilers en dûnsers is der noch plak foar inkele fleksibele en fanatike beweechfiguranten fan tusken de 8 -12 jier en fan 55+.

Yn Under Wetter wurdt in doarp konfrontearre mei grutte feroaringen. It wurdt inkele doarpsbewenners tefolle as sels de takomst fan de iisbaan op it spul stiet. Dizze iisbaan leit al jierren op it lân fan famylje Kingma. Dochter Afke hat nei it ferstjerren fan har heit it lân oernaam. Hâldt se har oan har belofte: it ûnderhâlden fan de iisbaan of ferkeapet se it lân om har pleats te rêden?

Wat foar dy?
Wurdst ynset as bewegende figurant en hast dêrom gjin tekst. Hâldsto fan bewegen, kinst in rige fan bewegingen ûnthâlde en opfolgje én fynst it leuk om ûnderdiel te wêzen fan in grutte groep? Dan is dizze ûnderfining krekt wat foar dy! Wy biede dy in bysûndere tiid wêrby’st gearwurkest mei profesjonele akteurs, dûnsers en muzikanten. Wichtich is datst beskikber bist foar leafst alle foarstellingen fan Under Wetter. Dêrneist wurde der yn de jûnsoeren en yn it wykein noch in pear repetysjemominten ynpland. Bist in oantal dagen net beskikber, mar hast wol ynteresse? Meld dy dan dochs oan, want faaks is it mooglik om dyn rol mei in oare figurant te dielen.

Ynteressearre? Lês dan it komplete profyl en jou dy op foar woansdei 16 febrewaris. Krigest dan in útnûging foar de audysjes!

Oanmelde kin fia ûndersteand formulier.

Foto’s: Ivgi&Greben / Nellie de Boer

Nijs

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

foto van 7 personen achter een persconferentietafel op de atletiekbaan 11 03 2025

Tryater lansearret podcast op atletykbaan

Tiisdei 11 maart lansearren wy mei in echte sportparsekonferinsje de podcast Hurddrave mei Foekje.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado