Tryater slút festivalwykein foldien ôf
23 03 2026
Tryater sjocht tefreden werom op it Ienakterfestival dat op 21 en 22 maart yn eigen gebou plakfûn. Nettsjinsteande it strieljende wykeinwaar wiene de útfieringen troch amateurspilers hast allegear útferkocht, mei in útlitten festivalsfear yn it gebou as gefolch.
It Ienakterfestival wie in kado fan Tryater oan it Fryske amateurfjild, dêr’t it sels yn 1965 út ûntstie. Foar de gelegenheid waarden fiif toanielskriuwers, wêrûnder Wessel de Vries fan wa’t aanst de lokaasjefoarstelling Swimbad troch Tryater brocht wurdt, frege om in ienakter te skriuwen. Toanielferienings en -spilers út hiel Fryslân waarden oproppen om harren te melden en dêr waard ferline jier folop gehoar oan jûn.
Sa wiene der op sneon en snein acht groepen te sjen: seis ferieningen en twa gelegenheidsgroepen. Under begelieding fan Tryater, ûnder mear op technysk mêd, wurken sy de ôfrûne moannen ta nei it festivalwykein. Foar folle sealen brochten de spilers it resultaat fan harren hurde wurk, mei daverjend applaus ta gefolch. Ut en troch folge troch in besiele Q&A mei de bewuste regisseur en skriuwer fan de ienakter.
Jubileum: boek en mear
Op dizze wize dûkte Tryater tegearre mei it rike Fryske toanielfjild yn de magy fan mei feriene krêft teäter meitsjen, dat is ek krekt wêr’t it jubileumseizoen (Tryater waard al 60 op 7 septimber 2025) om draait. It hiele seizoen lang fiert Tryater op ferskillende wizen syn sechstichjierrich bestean, hielendal yn dizze kulturele tiden gjin fanselssprekkendheid. Yn septimber, om de jierdei hinne, ferskynde fia útjouwerij Afûk it jubileumboek Tryater spilet, dat by it Ienakterfestival noch flot fan de hân gie.
Swimbad
Nei ûnder mear jubileumfoarstelling Twa minuten foar oanfang en in wiidweidige krystedysje fan de jeugdfoarstelling Anwar en de wolf wie it Ienakterfestival in wichtige halte yn it feestseizoen, dat ôfsletten wurdt mei de grutte lokaasjefoarstelling Swimbad, yn en om it iepenloftswimbad fan Bakkefean hinne.
Mei Swimbad slút Tryater syn jubileumseizoen ôf, om nei de simmer mei reisfoarstelling Fierder nei it Noarden yn seizoen 2026 -2027 te dûken. Foar Swimbad rint de kaartferkeap al folop fia de webside; foar de lettere foarstellingen giet de digitale kassa ynkoarten iepen.