Loading...
Jubileum
Foto De Dea Fan in Hannelsreiziger
1 Jan O/M 31 Des’25

Jubileum

Tryater 60 jier!

Tryater makket al sechtich jier toansettend, benammen Fryskalich teäter. Oprjochte yn septimber 1965, fiere wy yn 2025 in bysûnder jubileum. Want fral yn dizze ûnwisse tiden is it de muoite wurdich om stil te stean by seis desennia fan profesjoneel teäter, middenyn de mienskip. Yn ‘e teäters, yn doarpshuzen, yn buertsintrums en de lêste jierren benammen op ûnferwachte plakken.

Anwar en Foekje
Dat jubileum wurdt op ferskate wizen fierd: allerearst gewoan wer mei in goed úttocht teäterprogramma lykas Tryater dat alle seizoenen hat. Dit jier te begjinnen mei jeugdfoarstelling Anwar en de wolf, dy’t yn fan ’t maitiid ûnder mear de skoallen del giet en yn desimber weromkomt as iepenbiere famyljefoarstelling. Fan april ôf reizget de foarstelling Foekje gymsealen yn ‘e hiele provinsje del, ynklusyf Skylge dêr’t it op Oerol stiet. Foekje jout ferskate perspektiven op libben en karriêre fan de Boerumse atletykleginde Foekje Dillema, dy’t yn de jierren ’50 de Olympyske Spullen net helje mocht. Wie dat terjochte? Wêrom bleau se der sels har hiele libben stil oer? Wat fine we der op ’t heden fan? Njonken de foarstelling sels is der binnen Tryater Rûnom in soad te dwaan en belibjen om dit ferhaal hinne. Podcasts, temajûnen en mear.

Jubileumboek en mear
Nei de simmer, as yn oprjochtingsmoanne septimber it nije teäterseizoen begjint, dûkt Tryater écht it jubileum yn: fia de Afûk ferskynt in fraai foarmjûn kofjetafelboek fol mei ynterviews, argyfmateriaal, prachtige foto’s en bygelyks neitinzen fan in soad minsken dy’t ea Tryater yn harren libbens delkommen seagen. Yn septimber begjint ek in spesjale jubileumfoarstelling, fansels wer op opfallende lokaasjes en yn ferskate hoeken fan Fryslân.

De festiviteiten rûnom de sechtichste jierdei fan Tryater geane it hiele folgjende seizoen, oant yn 2026 dus, troch. Begjin oar jier is der by Tryater it Ienakterfestival, dêr’t amateurselskippen út Fryslân spesjaal troch profesjonals skreaune teäterteksten spylje yn it monumentale skoalgebou dêr’t Tryater yn Ljouwert yn fêstige is.

Tuskentroch hinget Tryater de slingers ek sa no en dan op oare manieren op, oft dat no op social media, yn eigen gebou of op oare plakken is. Dat Tryater bliid is om nei sa’n skoft noch hieltyd in glânsrol yn it Fryske lânskip spylje te kinnen, giet yn alle gefallen it oankommend jier net samar foarby.

Sterke achterban
Tryater kin wurkje mei de bêste regisseurs, skriuwers, akteurs en oare fakminsken út Fryslân en dêrbûten. De organisaasje hat in fêste kearn meiwurkers yn tsjinst en is by steat fier foarút te sjen en allegeduerigen te wurkjen oan bysûndere foarstellingen en in ferskaat programma. In grut tal trouwe besikers draacht hjir oan by mar ek is Tryater optein mei de enoarme groep Freonen fan Tryater, dy’t it selskip mei in beskieden jierliks bedrach stypje en dêr in magazine, koarting én no en dan in ynformative en smûke Freonejûn foar werom krije.

Artistiek leider Tatiana Pratley: ‘It is earfol om te wurkjen foar in selskip mei sa’n skiednis én sa’n sterke achterban. Besikers en Freonen fiele har wolkom by ús mar sjogge ek kritysk mei, wat we tige wurdearje. It jout ús ek in gefoel fan ferantwurdlikens om it goed dwaan te bliuwen. Sechtich jier, it is net samar wat. Dat we ek yn 2025 rjocht oerein steane en fraaie dingen meitsje meie, ha we mei te tankjen oan de minsken út Fryslân, Nederlân én Europa dy’t it wichtich en moai fine dat we dit dogge. Mei dy stipe kinne we maklik noch sechtich jier fierder: lit ús dêrfoar gean!’

Yn septimber 2025 fiere we de 60ste jierdei fan Tryater mei in goed fol en prachtich foarmjûn jubileumboek. Mei troch de stipe fan mar leafst 325 donateurs troch ús crowdfundingaksje op platfoarm Voordekunst! ha we €14.330 ophelle. Dêr binne we tige bliid mei en hiel tankber foar!

Mei it donaasjebedrach kinne we derfoar soargje dat it boek opmakke wurdt troch in talintfolle Fryske ûntwerper en it ek yn Fryslân printe wurdt. Yn de simmer fan 2025 giet it nei de drukker, om yn septimber – de moanne fan ‘e oprjochting – te ferskinen. Utjouwer Afûk soarget der dan foar dat it yn ‘e boekhannel komt te lizzen.

Hoesa in boek?
Op 7 septimber 1965 waarden de hantekeningen set foar de oprjochting fan Tryater. It doel fan de Fryske Toaniel Stifting, sa’t it op papier noch hieltyd hjit, wie om Frysktalich teäter te profesjonalisearjen. Om talint in goed plak te bieden en him te ûntjaan, om it publyk kwalitative stikken foar te setten. No, dat is slagge. Sûnt it begjin spile Tryater al hûnderten foarstellingen foar tsientûzenen besikers yn ‘t jier, holp it mannich akteur, skriuwer, regisseur en ûntelbere oare makkers yn it seal, bleau it oerein yn allerhanne maatskiplike ûntwikkelingen en stiet it noch altyd foar it meitsjen fan moaie produksjes dy’t by de minsken óp, efter en tsjinoer it poadium net út te puotsen yndrukken efterlit.

Al dit moais fiere we mei in jubileumboek! In boek dêr’t we de seis desinniums fan ympact dy’t Tryater makke op de Fryske planken en yn it lanlike en sels ynternasjonale teäterlânskip sjen litte. In dûk yn de skiednis én in blik op de takomst.

Jubileum

 

Jubileumboek

Yn septimber 2025 fiere we de 60ste jierdei fan Tryater mei in goed fol en prachtich foarmjûn jubileumboek.

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado