Tryater makket al sechtich jier toansettend, benammen Fryskalich teäter. Oprjochte yn septimber 1965, fiere wy yn 2025 in bysûnder jubileum. Want fral yn dizze ûnwisse tiden is it de muoite wurdich om stil te stean by seis desennia fan profesjoneel teäter, middenyn de mienskip. Yn ‘e teäters, yn doarpshuzen, yn buertsintrums en de lêste jierren benammen op ûnferwachte plakken.
Anwar en Foekje
Dat jubileum wurdt op ferskate wizen fierd: allerearst gewoan wer mei in goed úttocht teäterprogramma lykas Tryater dat alle seizoenen hat. Dit jier te begjinnen mei jeugdfoarstelling Anwar en de wolf, dy’t yn fan ’t maitiid ûnder mear de skoallen del giet en yn desimber weromkomt as iepenbiere famyljefoarstelling. Fan april ôf reizget de foarstelling Foekje gymsealen yn ‘e hiele provinsje del, ynklusyf Skylge dêr’t it op Oerol stiet. Foekje jout ferskate perspektiven op libben en karriêre fan de Boerumse atletykleginde Foekje Dillema, dy’t yn de jierren ’50 de Olympyske Spullen net helje mocht. Wie dat terjochte? Wêrom bleau se der sels har hiele libben stil oer? Wat fine we der op ’t heden fan? Njonken de foarstelling sels is der binnen Tryater Rûnom in soad te dwaan en belibjen om dit ferhaal hinne. Podcasts, temajûnen en mear.
Jubileumboek en mear
Nei de simmer, as yn oprjochtingsmoanne septimber it nije teäterseizoen begjint, dûkt Tryater écht it jubileum yn: fia de Afûk ferskynt in fraai foarmjûn kofjetafelboek fol mei ynterviews, argyfmateriaal, prachtige foto’s en bygelyks neitinzen fan in soad minsken dy’t ea Tryater yn harren libbens delkommen seagen. Yn septimber begjint ek in spesjale jubileumfoarstelling, fansels wer op opfallende lokaasjes en yn ferskate hoeken fan Fryslân.
De festiviteiten rûnom de sechtichste jierdei fan Tryater geane it hiele folgjende seizoen, oant yn 2026 dus, troch. Begjin oar jier is der by Tryater it Ienakterfestival, dêr’t amateurselskippen út Fryslân spesjaal troch profesjonals skreaune teäterteksten spylje yn it monumentale skoalgebou dêr’t Tryater yn Ljouwert yn fêstige is.
Tuskentroch hinget Tryater de slingers ek sa no en dan op oare manieren op, oft dat no op social media, yn eigen gebou of op oare plakken is. Dat Tryater bliid is om nei sa’n skoft noch hieltyd in glânsrol yn it Fryske lânskip spylje te kinnen, giet yn alle gefallen it oankommend jier net samar foarby.
Sterke achterban
Tryater kin wurkje mei de bêste regisseurs, skriuwers, akteurs en oare fakminsken út Fryslân en dêrbûten. De organisaasje hat in fêste kearn meiwurkers yn tsjinst en is by steat fier foarút te sjen en allegeduerigen te wurkjen oan bysûndere foarstellingen en in ferskaat programma. In grut tal trouwe besikers draacht hjir oan by mar ek is Tryater optein mei de enoarme groep Freonen fan Tryater, dy’t it selskip mei in beskieden jierliks bedrach stypje en dêr in magazine, koarting én no en dan in ynformative en smûke Freonejûn foar werom krije.
Artistiek leider Tatiana Pratley: ‘It is earfol om te wurkjen foar in selskip mei sa’n skiednis én sa’n sterke achterban. Besikers en Freonen fiele har wolkom by ús mar sjogge ek kritysk mei, wat we tige wurdearje. It jout ús ek in gefoel fan ferantwurdlikens om it goed dwaan te bliuwen. Sechtich jier, it is net samar wat. Dat we ek yn 2025 rjocht oerein steane en fraaie dingen meitsje meie, ha we mei te tankjen oan de minsken út Fryslân, Nederlân én Europa dy’t it wichtich en moai fine dat we dit dogge. Mei dy stipe kinne we maklik noch sechtich jier fierder: lit ús dêrfoar gean!’