Loading...
Groeigraach
skoallefoarstelling 4 + 17 Feb O/M 18 Apr’25

Groeigraach

In slapstick oer grut wurde

Wat is better: sa lang wêze datst yn alle keamers it plafond oanreitsje kinst? Of krekt hiel lyts, sadatst fuortkrûpe kinst as in mûs? Wolst leaver hiel âld wêze, rêstich kuierje en gesellich teedrinke. Of krekt jong bliuwe en foar altyd boartsje? It liket oft elkenien om dy hinne mar wol datst grutter en âlder wurdst. Oars telst net mei. Dan witst alles, meist alles, kenst alle wurden en begrypst de wrâld. Of net? Mar wat ast net grut wurde wolst en foar altyd lyts bliuwe wolst?  

In slapstick oer grut wurde

Groeigraach is in boartlike, kleurrike foarstelling foar beukers en elkenien dy’t oait beuker west hat. Fol grutte grappen, moppen tûke trúkjes en ferrassingen. 

Dizze beweechlike en hast tekstleaze foarstelling is no te boeken foar it skoaljier 2024-2025.

Krukpraatsjes

Wat fine beukers eins sels fan (op)groeie?

Fideo: Hatogkrøller

  • Leeftiid: 4+, groep 1 en 2, spesjaal ûnderwiis yn oerlis
  • Spylperioade: 17 febrewaris o/m 18 april 2025
  • Lokaasje: speellokaal
  • Duur foarstelling: +/- 45 minuten
  • Kosten: € 500 de foarstelling en € 850 by twa foarstellingen op deselde dei en lokaasje, iepenbier € 600 de foarstelling
  • Kapasiteit: 80 (ynkl. learkrachten)
  • Taal: sûnder tekst

Fragen oer boekingen?

It lesmateriaal
Het lesmateriaal van Groeigraach kan zelf ook groeien, heb je het al gezien? Trek de folder maar eens uit. Het lesmateriaal biedt je de mogelijkheid om voor én na de voorstelling verder te werken met de thematiek van de voorstelling. Met een filosofieles kun je vooraf met de kinderen praten over groot en klein zijn. En na de voorstelling zijn er twee lessen die je kunt doen. Met deze lessen kun je actief en creatief met de kinderen aan de slag. Zo beleven ze het thema van de voorstelling zelf.

Klik hjir foar it (Nederlânske) lesmateriaal fan de foarstelling Groeigraach

Diele is leaf
We binne fansels hiel benijd hoe’t dyn learlingen dizze foarstelling en it lesmateriaal belibbe hawwe. Dus hast in foto makke fan bygelyks de teken- of teateropdracht? Diel it mei ús! Reaksjes, foto’s en filmkes meist maile nei c.barends@tryater.nl Jou dêrby efkes oan oft wy it diele meie. Pleatst wat op socials? Tag dan foaral Tryater!

'Ik wil ook weer kleuter zijn! Subliem is een mooie samenvatting voor deze voorstelling.'
ILoveTheater

Kredits

Hali Neto
Moriah Dekker
Mitchell Hamel
Christopher van der Meer
Konsept en regy Hali Neto | Artistyk advys mime Fabian Santarciel de la Quintana | Spul Moriah Dekker, Mitchell Hamel | Muzyk Christopher van der Meer | Foarmjouwing en kostúm Sofie Moritz | Technyk Jan Bruinsma | Edukaasje Jannie van der Veen, Anne Zijlstra | Kampanjebyld Tryntsje Nauta | Fideo Hatogkrøller | Sênefotografy Niels Knelis Meijer |

 

Lesmateriaal

lês mear

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado