Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Under wetter by Arcadia

07 05 2021

By keunst- en kultuermanifestaasje Arcadia (maitiid/simmer 2022) bringt Tryater de foarstelling Under Wetter. Under Wetter giet oer de iisbanen dy’t rûnom yn Fryslân binne, mar dy’t troch klimaatferoaring har funksje driigje te ferliezen.

Wêr’t it hiele doarp yn kâldere tiden byinoar kaam, is de iisbaan no it grutste lege plak fan it doarp. Dochs funksjonearret de ynfrastruktuer by de iisbaan yn elk lyts doarp noch: de baan wurdt kreas ûnderhâlden en elk jier betelje de ynwenners lidmaatskipsjild. Tatiana Pratley: “De iisbaan is foar in soad minsken in bysûnder plak, mei dierbere oantinkens.” Mei Under Wetter, dêr’t se de regy fan docht, blaast Pratley libben yn dit eardere moetingsplak en stelt de ûnûntkombere fraach: ‘hoe no fierder?’ In foarstelling oer identiteitsbelibbing yn in almar feroarjende wrâld. Mei en foar de Fryske mienskip.

Programmaline IIS

Under Wetter makket diel út fan de programmaline IIS fan Arcadia, dêr’t meardere projekten ûnder falle wêrby’t keunstners mei de mienskip sykje nei nije wizen fan mei-inoar ferbûn wêze. Arcadia is in 100 dagen duorjende keunst- en kultuermanifestaasje as ferfolch op Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018. Arcadia is om de trije jier mei in earste edysje yn 2022.

Nijs

19 06 2025

Mear as 1500 jongeren by Tryater!

Wat hawwe we in prachtich skoaljier achter de rêch! Mei elkoar hawwe we 75 workshops jûn oan it primêr ûnderwiis,…

16 06 2025

Ynspirearjende byienkomst mei Sport Fryslân rûnom foarstelling Foekje fan Tryater

Op 5 juny organisearren Sport Fryslân en Tryater, dy’t dit jier beide 60 jier bestean, in bysûndere gearkomste yn it…

12 06 2025

Start kaartverkoop Twa minuten foar oanfang en Anwar en de Wolf

Tryater wurdt 60 en fernijt himsels noch altyd. We fiere feest! En do meist folop meidwaan en belibje. De kaartferkeap…

11 06 2025

Ynspirearjende dosintebuorrel

Op tongersdei 5 juny ferwolkommen Tryater, Meeuw jonge theatermakers en Stadsschouwburg De Harmonie in groep entûsjaste dosinten út it fuortset,…

Kees Roorda aan het woord 03 06 2025

Weromsjen: ynlieding Foekje yn Kollum

Op 21 maaie wie foarôfgeand oan Foekje in ynlieding yn Kollum. Kees Roorda, de skriuwer fan it stik, dielde by…

20 05 2025

Weromsjen: kick-off Ienakterfestival

Op 8 maaie wie by ús yn’e hûs de kick-off fan it Ienakterfestival, dat yn maart 2026 op ús programma…

Foto van een workshop 12 05 2025

Tryater tipt: subsydzjeregeling 'Frysk foar no en letter' foar dyn skoalle!

Goed nijs foar skoallen fan PU oant en mei HBU yn de provinsje Fryslân! It is wer mooglik om subsydzje…

Foto van mensen op een tribune 24 04 2025

Kick-off Ienakterfestival

Op tongersdei 8 maaie ha wy de kick-off fan it Ienakterfestival yn ús eigen gebou

17 04 2025

Brosjuere Jeugd & Jongeren 2025/2026

Ynkoarten falt de nije Jeugd & Jongeren Brosjuere op de matte by skoallen, partners en oare ynteressearren! Dizze nagelnije brosjuere…

Een foto van acteur Joop Wittermans die in een lange witte jas in de coulissen van het toneel staat. 20 03 2025

Spilers socht foar jubileumfoarstelling

Spylje mei yn de jubileumfoarstelling 'Twa minuten foar oanfang' fan Tryater: in aventoerlike audiorûte troch de backstage fan it teäter.

argyf

Bliuw
op de
hichte

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado