Ynhâld is oan it laden, wachtsje asjebleaft.

Tryater Rûnom

Wy sykje neist ús teäterfoarstellingen altyd nei manieren om mei it publyk fan gedachten te wikseljen. Om foarstellingen hinne mar ek op himsels steand organisearje we geregeld aktiviteiten en produsearje we uteringen dêr’t ynteressearre publyk fan meigenietsje kin. In podcast, in workshop, in evenemint, it kin fan alles wêze wat in foarstelling of tema fierder oan ús publyk ferbynt. Dizze aktiviteiten bondelje wy ûnder de namme Tryater Rûnom.

Under dizze titel sykje wy oeral yn Fryslân minsken op om te praten, te hearren of aktyf oan de slach te gean yn bygelyks skriuw – of spulworkshops. Soms mei tema’s dy’t yn ús foarstellingen nei foaren komme. Wy wurkje dêrby gear mei alderhande lokale ynstellings en inisjativen, eksperts, teatermakkers, minsken út it ûnderwiis, ûnderfiningssaakkundigen, oerheden en toanielferieningen. Sjochst wat nijsgjirrichs? Lit dan gerêst fan dy hearre!

Skriuwe

Tryater organisearret geregeld skriuwworkshops, wêryn’t dyn pinne foar toanielteksten oanskerpe wurd, begelaat troch professjonals út ús netwurk. Faak is dit keppele oan in foarstelling, dy’tst binnen it programma ek sjen silst. De tekst kin weromkomme yn bygelyks in podcast of oare utering. Wikselest út mei dyn dosint en de oare kursisten, wat it útdaagjend, leuk en ekstra learsum makket. Frysk, Nederlânsk, it kin allegear. Hâld de website en ús nijsbrief yn’e gaten foar nij oanbod.

Spylje

Tryater organisearret elk teäterseizoen in mooglikheid foar spilers (fan begjinnend oant foardere amateur, sawol Frysktalich as net-Frysktalich) om harren feardichheden oan te skerpjen, begelaat troch profesjonele regisseurs en akteurs út ús eigen netwurk. De ynset fariearret fan in dei(diel) oant in hiel wykein. Wy ferbine graach Frysk talint oan ús organisaasje, om elkoar fierder te helpen en te ynspirearjen. Fynst de aktuele workshops op ús webside en yn de nijsbrief.

Belibje

Njonken foarstellingen uteret Tryater har ek graach op oare wizen en lâns alternative paden. Sa produsearje wy podcasts by guon foarstellingen, dêr’t wy in ûnderwerp yn útdjipje. Soms yn kombinaasje mei skriuw – of spulworkshops. Of we meitsje fideo’s, of organisearje in evenemint datst bywenje kinst. Op de foarstellingspagina’s fynst dizze aktiviteiten ek werom. Fia de website en ús nijsbrief bliuwst op’e hichte fan wat wy dogge.

Talentûntwikkeling

Foar talint meitsje wy trochrinnend romte, út soarch foar de folgjende generaasje Frysk (talich)e teatermakkers. Fia eigen talintûntwikkelingstrajekten en gearwurkingen mei kollega-ynstellingen yn Noard-Nederlân, lykas Station Noord.

Plaatje van gehaakte katjes-poppetjes op een typemachine tegen een gele achtergrond
Belibje
21 en 22 maart 2026

Ienakterfestival

It Tryater-gebou wurdt op sneon 21 en snein 22 maart 2026 oernommen troch amateurspilers út hiel Fryslân. Mei it Ienakterfestival jout Tryater in kado oan it Fryske toanielfjild dêr’t it sels yn 1965 wei kaam. Yn it ramt fan it 60-jierrich jubileum – fierd yn teäterseizoen 2025-2026 – waarden spesjaal hjirfoar ienakters skreaun troch profesjonele toanielsskriuwers. Nei it festival wurde de teksten ûnderbrocht by StUFT (Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel). Dêrmei is it repertoire foar toanielferieningen wer útwreide mei farsk materiaal. Oan it unike festival dogge ûnder mear Kom mar op! út Suwâld, Theater in de Wijk út Ljouwert, De Pionier Theatercreaties út Dokkum, Toneelgroep Verder út Drachten en Stichting Nut en Genoegen út Easterlittens mei, oanfold mei de gelegenheidsformaasjes Ienaksy en Botervloot. De groepen wurde profesjoneel begelaat en stipe troch Tryater sels.

Belibje
Krystfakânsje 2025 (hat west)

Rûnom Anwar en de wolf

Tryater Rûnom tsjoent foar dizze foarstelling it gebou om ta in mearke-achtich, grinsleas gehiel. By alle útfieringen is foar jong en âld wat oars te sjen, iten en belibjen. Harkje nei livemuzyk út ferskate kultueren, genietsje fan’e wrâldkeuken, lear animearjen as yn’e foarstelling en kom mei teeseremoanjes yn ynternasjonale sfearen, yn’e gesellich en mystyk foarmjûne foyer. Wolst dinearje, animearje of fan alles priuwe? Bestel dyn ticket foar dyn favorite datum op basis fan it blokkenskema op’e website.

Spylje
28 en 29 novimber (hat west)

It Gouden Wykein

Yn it wykein fan 28/29 novimber fûn it Gouden Wykein plak foar dielnimmers fan it Ienakterprojekt. In wykein fol workshops en útwikseling. De dielnimmers krigen workshops tekstbehanneling fan Tatiana Pratley, elemintêr spul fan Karel Hermans en personaazjeopbou fan Brecht Wassenaar. De dei waard ôfsletten mei in lytse sneakpreview fan de ienakters. De 8 groepen repetearje op dit stuit oan harren eigen ienakter foar it ienakterfestival op 21/22 maart 2026.

Foto van twee jongens die aan het filmen zijn
Spylje
snein 9 novimber (hat west)

Theaterfilmdei foar jongeren fan VO, MBO en HBO

Op snein 9 novimber dûkten 25 jongeren by ús yn it gebou hielendal yn de wrâld fan teäter én film. De dei stie bol fan kamera-aktearjen en teätermagy oant filmtrúks en live editen. Under begelieding fan de worksjopdosinten Ronald Kalter (akteur) en Job Tichelman (senarioskriuwer, dosint, filmmakker) betochten de dielnimmers harren eigen koarte sêne, spilen dizze en namen somtiden sels de rezjy yn hannen.

Belibje
Podcast

Yn de fuotleasten fan Foekje

Yn de fuotleasten fan Foekje is in audio-kuiertocht yn de omkriten fan Boerum.

Belibje
Podcast

Hurddrave mei Foekje

Yn it ramt fan de foarstelling ‘Foekje’ (apr o/m jun ’25) makken we de trijedielige podcast Hurddrave mei Foekje. Hoe wjerspegelet it ferhaal fan Foekje Dillema de striid foar gendergelikens yn de sport hjoed-de-dei? Yn trije ôfleveringen prate we dêroer mei saakkundigen en ûnderfiningssaakkundigen.

Bliuw
op de
hichte

  • As earste op ‘e hichte fan start kaartferkeap
  • Achtergrûnynformaasje by ús foarstellingen en aktiviteiten
  • Tryater rûnom: programmearing om foarstellingen hinne

Ynskriuwe Betingsten

Sjoch ek
op ús
socials

Jou in
besyk oan
Tryater kado